Freedte jûn 2 novimber is de Nacht fan Quatrebras hâlden yn Tresoar. Leafhawwers fan it tiidskrift dat tusken 1954 en 1966 bestien hat, kamen op dizze literêre jûn ôf..
Troch it stikken falle litten fan in blompot wie elk by de les. Dichter Arjan Hut en proazaskriuwer Elske Schotanus hiene elk in megafoan dy’t se brûkten om lapen tekst út ‘De greate wrakseling’ fan Hessel Miedema foar te dragen. De hiele jûn troch waard tuskentroch tiid ynlaske om wer in part út it gedicht te lêzen.
Eksperiminteel dichter fan ‘e earste oere Josse de Haan, wie út Spaansk Baskelân nei Ljouwert ta kaam om te fertellen oer de Quatrebrastiid (it meitsjes fan kollaazjes wie tige wichtich) en om it earste eksimplaar fan de Anarky’s yn ûntfangst te nimmen. In werprinte fan de anarky’s dy’t foar in grut part hânmakke wiene ‘yn syn tiid’. Hy joech syn offisjele earste eksimplaar oan syn pakesizzer Dagmar, sadat sy ek in idee krige wat pake eartiids makke hie.

Muzikant Jan Klug traktearre it publyk op in fariaasje fan in stik fan Edgard Varèse mei allerhanne elktroanyske muzykynstruminten.
De jûn waard oaninoar praat troch Bert Looper, dy’t sels ek in rol hie yn it program om ploechjes minsken yn de Quatrebras útstallingsrûmte mear te fertellen oer De blauwe Hand en de wurkwize fan Quatrebras.
Frank den Oudsten fertelde oer de Kunstkammer en liet dêr foarbylden fan sjen (argyf en anargyf) en Ernst Bruinsma lei de fisuele poëzy út oan minsken yn de GJ-seal. Nei in skoft dêr’t minsken even wat prate en wat drinke koene, gie de Quatrebrasjûn wer fierder. Multy-ynstrumintalist Peter Zegveld hie in teatraal optreden mei lûd, tekst en it ôfgean litten fan it brânalaarm. Wat is echt, wat is betocht? De stúdzjeseal waard hermetysk ôfsluten en fiif minuten letter stie der in grutte brânwearauto by Tresoar foar de doar. It duorre al mei al in healoere eardat der mei it program fierdergien wurde koe. Hans wijnbergen, dy’t by de iepen dei yn jannewaris al tasein hie dat er nochris alle noaten dy’t op ‘e poëzymasines stiene, spylje soe, loste syn belofte freedtejûn yn: in oere lang spile er saksofoan.
Al mei al in tige nijsgjirrige jûn foar literatuerleafhawwers en minsken dy’t no wolris wat meimeitsje woene út de romrofte fyftiger en sechtiger jierren.

Besjocht de foto's op dizze Facebookside.