By de ferhalewedstriid dy’t alle jierren organisearre wurdt troch It Skriuwersboun, Cedin en Friesch Dagblad wienen 51 ynstjoeringen yn it Frysk en yn it Stellingwerfsk, ferdield oer in junior- (12) en in seniorkategory (39). Dit jier wie it tema ‘Gjin styl?!’.

Op 9 maaie 2017 binne de winners bekend wurden: Jan Bijlsma en Michiel Zuidema, sjoch website Skriuwersboun.


Earder berjocht:

It ûnderwerp 'Gjin styl?!' hie te krijen mei it feit dat it dit jier hûndert jier ferlyn is dat de Nederlânske keunstbeweging ‘De Stijl’ oprjochte waard.

De sjuery, besteande út Jetske Bilker, Paul van Dijk en Geart Tigchelaar, hat de útslach ûnderwilens fêststeld. By de folwoeksenen falle (yn willekeurige folchoarder) Jan Bijlsma (‘Jan-Pyt, Joris en Corneel’), Tryntsje van der Veer (‘Oare streken’) en Harmen Houtman (‘Niet langer wit...’) yn de prizen. By de jongerein (ek yn willekeurige folchoarder) binne dat Lotte Herder (‘De oanslach’), Michel Zuidema (‘De Bakstien’) en Hiske de Boer (‘Depresje wurdt har dea’).

Neist in koarte ynlieding oer it tema troch museumdirekteur Paulo Martina oer ‘De Stijl’, sil de úteinlike rangskikking fan de seis priiswinners op tiisdei 9 maaie, de middeis om 16 oere yn Museum Dr8888 te Drachten bekendmakke wurde.

Jo binne fan herte wolkom by de priisútrikking yn Museum Dr8888.
Tiisdei 9 maaie.
Oanfang 16.00 oere (ynrin fan 15.30 oere ôf).
Frij tagonklik, opjefte graach foar 1 maaie by

>> Sa komme je yn Museum Dr8888


[pleatst 26.04.2017]