De Gysbert Japicxpriis 2017 giet nei Eppie Dam foar syn dichtbondel Fallend ljocht (2014). Dat hat de Provinsje Fryslân bekendmakke yn in parseberjocht op 27 septimber.

Oer Eppie Dam

Dam Eppie

Eppie Dam (1953) debutearre yn 1978 mei de dichtbondel Mei de jierren en mei de ferhalebondel Strie oerdwers. Hy ûntwikkele him dêrnei as in produktyf en alsidich skriuwer. Neist gedichten skriuwt er ek berneboeken, literêre kritiken, ferhalen en kollums. Fierders hat er inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer. Yn tsjerklike rûnten hat er namme makke as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn de ferskillende perioaden fan it tsjerklik jier. Fallend ljocht is de fyftjinde dichtbondel fan Dam. Eppie Dam kin sjoen wurde as ien fan de belangrykste moderne Fryske dichters; André Looijenga neamt him yn in essay oer Fallend ljocht ‘in master ûnder de Fryske dichters fan dit momint.’

Lês mear oer Eppie Dam en syn wurk op de literatuerside Sirkwy.

Oer Fallend ljocht

fallend ljocht 2014

Ofbrek en ferlies fan krusiale funksjes bepale it earste skift fan de bondel Fallend ljocht. Yn it twadde lûkt de dichter de line troch nei it ôfbroazeljen fan âlde godshuzen, en tagelyk fan it wurd dat oait betsjutting hie. Dêrnei blêdet er yn in boek mei fergiele portretten: bylden fan minsken dy't spoaren neilieten, en de nammen dy't him berikten yn wite keferten. 'De dood is reusachtig en onbegrijpelijk', dichte Czesław Miłosz yn syn Theologische traktaat, dêr't Eppie Dam njoggentjin fersen fan oersette. Yntusken giet it slûpspoar fan de slak streekrjocht nei de blomkoal ta.

(...) al krûpend witst dyn doel al,
eagen op stâltsjes, de stikeme noas
fan de lânferkenner -
en as ik even net sjoch, bist fierder as ik tocht.

(út 'Oan de slak yn myn tún’).

Lês mear oer de dichtbondel op de literatuerside Sirkwy.

De Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De provinsje Fryslân rikt de priis om de twa jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. Dit jier is de poëzy oan bar. Alle bondels út de jierren 2013-2016 kamen yn oanmerking foar de priis. Foar de Gysbert Japicxpriis 2017 is foar it earst wurke mei nominaasjes. Op 21 juny fan dit jier makke de advyskommisje de fiif nominaasjes bekend.

Lês mear oer de fiif nominaasjes op de literatuerside Sirkwy.

Advyskommisje
De advyskommisje foar dit jier bestiet út Bouke Oldenhof, Gerlien van Dalen en Pieter Boskma. Mear ynformaasje oer de leden fan de kommisje is te finen op Sirkwy.

Priisútrikking
Op sneon 14 oktober rikt deputearre fan kultuer Sietske Poepjes de priis út yn de Martinitsjerke yn Boalsert, berteplak fan Gysbert Japicx. Belangstellenden binne fan herten wolkom om de feestlike útrikking by te wenjen. Mear ynformaasje oer de útrikking ferskynt letter.

>> Parseberjocht Provinsje Fryslân