De Rink van der Veldepriis 2018 giet nei Willem Schoorstra foar syn boek De nacht fan Mare. Dat makke de sjuery dizze wike bekend. Schoorstra kriget syn priis, in byld fan Anne Woudwijk en in jildbedrach fan € 2000, oerlange op 15 juny oansteande om 15.30 oere by de Skriuwersarke, Drachtster Heawei 19, dat is tusken De Wylgen en De Feanhoop. De útrikking wurdt fan 't jier kombinearre mei it foarstellen fan de skriuwers dy’t hjir it kommende seizoen  tydlik ferbliuwe. It evenemint is in gearwurking tusken Smallingerland, Stifting FLMD, It Fryske Gea en Tresoar.

ynlieding foar de diskusjemiddei fan It Skriuwersboun op 24 maaije 2018

Yn 2018, wylst de Kulturele haadstêd yn folle gong is, riedt Tresoar him ta op de ynfolling fan it taakfjild ‘literatuerbefoardering’ yn de post-LF18 jierren. Wat is literatuerbefoardering? Wat is der feroare troch LF18? Hoe binne de relaasjes mei oare literêre ynstellings en aktiviteiten? Wat is it ferlet fan de skriuwers? Graach heart Tresoar de miening fan elkenien dy’t oer litertuerbefoardering anno 2019 neitinke wol. Yn dizze koarte notysje jouwe wy oan de meitinkers inkele kaders en tinkrjochtingen. Wês frij om sa kreatyf mooglik ús fan adfys te tsjinjen. Mei jim ynput presintearje wy oan’e ein fan dit jier ús plan foar de ynrjochting fan literatuerbefoadering anno 2019 en fierder.

Lês mear...

Op 15 juny sil de Rink van der Veldepriis 2018 útrikt wurde oan ien fan dizze trije skriuwers: Nyk de Vries, Geart Tigchelaar of Willem Schoorstra. Bygeand artikel hat yn de Breeduit, it orgaan fan de gemeente Smellingerlân stien op 17 maaie.
Al earder binne de artikels oer Nyk de Vries en Willem Schoorstra publisearre.


Tigchelaar Geart Breeduit 17 maaie

Nominearre foar de Rink van der Veldepriis 2018: Willem Schoorstra
Op 15 juny sil de Rink van der Veldepriis 2018 útrikt wurde oan ien fan dizze trije skriuwers: Nyk de Vries, Geart Tigchelaar of Willem Schoorstra. Bygeand artikel hat yn de Breeduit, it orgaan fan de gemeente Smellingerlân stien op 31 maaie.
Al earder is it artikel oer Nyk de Vries publisearre.