Op 15 juny sil de Rink van der Veldepriis 2018 útrikt wurde oan ien fan dizze trije skriuwers: Nyk de Vries, Geart Tigchelaar of Willem Schoorstra. Bygeand artikel hat yn de Breeduit, it orgaan fan de gemeente Smellingerlân stien op 3 maaie.

De oare artikels fan de beide oare nominearre skriuwers folgje noch.

Vries Niek de Breeduit 3 maaie

 

Salang’t de beam bloeit

Op tiisdei 15 maaie wurdt de nijste skiednis fan de Fryske literatuer presintearre: Salang’t de beam bloeit. De skiednis is skreaun foar elkenien dy’t mear witte wol oer de Fryske literatuer, foar learlingen en studinten mei ynteresse yn Fryske taal en literatuer en foar besikers fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 (LF2018). It boek ferskynt dan ek yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk. Joke Corporaal hat it boek skreaun.

Lês mear...

Rink van der Veldepriis en begjin seizoen Skriuwersarke kombinearre

De útrikking fan de Rink van der Veldepriis en de ôftraap fan it seizoen fan de Skriuwersarke op De Feanhoop fine dit jier plak op freed 15 juny. De inisjatyfnimmers de gemeente Smellingerlân, de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en It Fryske Gea sette dat mei-inoar op priemmen.

Oanlieding

De oanlieding foar de gearfoeging is it fertrek fan  Friese Perse Boekerij út de organisaasje fan de Rink van der Veldepriis; de útjouwerij gong fallyt. De stifting FLMD dy’t alle simmerskoften de Skriuwersarke fan It Fryske Gea hiert en beskikber stelt oan skriuwers, hie al earder oanjûn yn de organisaasje fan de literatuerpriis behelle te wurden. Gemeente Smellingerlân en Stifting FLMD hawwe de gearwurking bepraat en seagen in moaie kâns de krêften te bondeljen en in feestlike byienkomst te organisearjen ta profyt fan de Fryske literatuer.  It doel is ek oare jierren mei dy nije opset troch te gean.

Lês mear...