Berne: 16-07-1971, Reduzum

Libben en wurk

Greet Andringa is berne op 16 juli 1971, te Reduzum. Neidat se har diploma fan de middelbere skoalle helle hie oan de Stedelijke Scholengemeenschap te Ljouwert, begûn se mei de stúdzje genêskunde.

Doe't se har arts-diploma helle hie, krige se in funksje as ferslavingsarts by Verslavingszorg Noord-Nederland te Ljouwert. Yn har genêskunde-stúdzje miste Andringa de oandacht en de romte foar de emotionele en sinjouwingskant fan it berop; wat betsjut it eins as je ferslaafd binne/ west ha? Hoe moat it dan fierder mei je? Soksoarte fragen wiene foar har reden om te begjinnen mei in stúdzje oan de Universiteit voor Humanistiek yn Utert. Yn 2005 hat se ek dy stúdzje mei goed gefolch ôfsletten. Tsjintwurdich hat se in eigen tearapypraktyk. Greet Andringa wennet mei man en bern yn Suwâld.

Skriuwster
Skriuwe hat Greet Andringa al sawat har hiele libben dien, as lyts famke skreau se ferhaaltsjes. En as besteande mearkes har net oanstiene, feroare se dy nei eigen ynsjoch. Yn in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer [1] sei se dat se út in bepaalde driuw wei skriuwt: 'Taal is it medium dat it tichtste by my leit en dêr't ik my it noflikst yn uterje. Ik fyn it prachtich wurk om te skriuwen, mar ek om mysels op in bepaalde manier foarm te jaan'. Doe't se yn Ljouwert op it ateneum siet, krige se skiednisles fan Jan Pieter Janzen (1945-2005). Janzen, aktyf yn de Frysk-literêre wrâld, hie each foar har skriuwtalint en frege har om in sit te nimmen yn de redaksje fan de skoalkrante. Ek neidat Andringa fan skoalle ôf wie, hold se kontakt mei har âld-skiednislearaar. Folle letter, Janzen wie doe redakteur fan literêr tydskrift Trotwaer, frege er har om in ferhaal nei it blêd op te stjoeren. Foar Greet Andringa betsjutte dat har trochbraak as skriuwster. Se debutearre yn juny 1999 yn Trotwaer mei it ferhaal De earste kear. Dêrnei gyng it hurd. Njonken Trotwaer (letter part fan tydskrift De Moanne) publisearre se yn it Frysk Skriuwerskalinder-boek 2003 en yn literêr tydskrift Hjir.

Har debút yn boekfoarm wie yn augustus 2003 mei de ferhalebondel De diggels fan Che. Se hie har earstlingsboek opdroegen oan har âld-learaar Jan Pieter Janzen en him ek it earste eksimplaar oanbean. De diggels fan Che waard goed ûntfongen. De kritisy priizgen har natuerlike libbene styl, har goedrinnende sinnen en har taalgebrûk. Doeke Seijens [2] yn Hjir: 'Daliks al neidat se in pear ferhalen yn De Moanne publisearre hie, wie dúdlik dat der in echte skriuwster bykommen wie. [...] Yn har debút De diggels fan Che binne 14 ferhalen opnommen, dy't yn elk gefal har talint befêstigje'. Allyksa tocht Jabik Veenbaas [3] der oer. Hy komplimintearre Andringa fanwege har 'natuerlike, libbene styl' en kwalifisearre har debút as 'nijsgjirrich'.

Yn 2008 ferskynde de roman Libben reach. De roman kaam út yn de rige 'Fryske Modernen', in inisjatyf fan it Fonds voor de Letteren om nij Frysk skriuwtalint te stimulearjen. Yn dit boek beskriuwt Andringa in frou dy't har bern wat oandien hat en dy't no besiket om har frij te meitsjen fan har famyljebannen. Yvonne Dykstra [4] fûn it, sa't se oanjoech, 'in dyk fan in boek': 'Der is neat wat nijsgjirriger is as famyljerelaasjes, tagelyk is der neat wat lestiger is om oer te skriuwen. Nammerste knapper is it dat Andringa deryn slagge is om har sa goed steande te hâlden'. Jetske Bilker [5] seach in boek skreaun yn in 'treflike styl', tagelyk fûn se it spitich dat Andringa de oarsaak fan it dwaan en litten fan har haadpersoan sa beluts op har famylje: 'Greet Andringa is master genôch om it by Geeske te hâlden'.

Los sân wie yn 2010 it Kadoboek yn de Moanne fan it Fryske boek. Dêryn fertelt Andringa de jonge dokter Welmoed dy't in staazje ôfwurket yn Egypte. Omdat se frijwat nayf is, tsjinje de problemen har al gau oan. It Kadoboek waard posityf ûntfongen. Sa hie Jetske Bilker [6] in 'lytse en nijsgjirrige ûntjouwingsroman' lêzen.

In jier letter folge Ikarusblau. Yn dit boek wurdt haadpersoan Tys, opwoeksen yn in kommune, konfrontearre mei de fraach wa't no eins syn heit is. Jelle van der Meulen [7] oer dit boek: 'Na de verhalenbundel De diggels van Che (2003), de imposante roman Libben reach (2008) en het geslaagde boekenweekgeschenk Los sân (2010) levert Greet Andringa met Ikarusblau weer een prachtige roman af. Met dit boek verzekert Andringa zich onmiskenbaar van een plaats in de top van de Friese literatuur.'

Tema's
De haadpersoanen yn de ferhalen fan Greet Andringa binne gauris jonge minsken yn de oergong tusken bern en folwoeksenheid. Se sjogge werom nei de bernewrâld en fine it net maklik om de grins nei de 'grutteminske wrâld' oer te gean. Yn har ferhalen is romte foar gefoel, foar kwetsberens en ûnmacht. Har eigen ûnderfinings as ferslavingsarts hat se yn inkelde ferhalen ferwurke. Yn it earder neamde fraachpetear sei se dêroer: 'Ik fyn it wichtich om kwetsberen in lûd te jaan, om my hoege it net perfoarst minsken út de haadstream te wêzen. Dêrmei wol ik net sasear in boadskip ôfjaan, mar dy minsken sitte my no ienkear heech. Miskien is dat ek wol it tema yn myn libben: minsken dy't gauris bûten de boat falle, in gesicht jaan'. Har ferhalen binne serieus en psychologysk ferantwurde.

Oare literêre aktiviteiten
Yn 2005 makke Greet Andringa diel út fan de sjuery dy't de Rely Jorritsma-prizen takend. Sûnt 2002 hie se in sit yn de redaksje fan literêr tydskrift Hjir. Doe't Hjir ophold, gie se oer nei de redaksje fan it digitaal en op papier ferskinende Ensafh. Fierder skriuwt se gauris koarte ferhalen foar it Friesch Dagblad.

Boarnen foar dit artikel
[1] Gerbrich van der Meer, FD 19-11-2003
[2] Doeke Sijens, Hjir 2004 - 01
[3] Jabik Veenbaas, LC 17-10-2003
[4] Yvonne Dykstra, FD 31-05-2008
[5] Jetske Bilker, LC 12-04-2008
[6] Jetske Bilker, LC 03-09-2010
[7] Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite

Bibliografy

Ferhalebondel
2003: De diggels fan Che

Romans
2008: Libben reach
2010: Los sân
2011: Ikarusblau

Mear ynformaasje
Webside tearapypraktyk
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite

©Tresoar, 25-07-2018