Berne: 10-02-1955, Boelensloane

Libben en wurk

Wobbe Atsma is hikke en tein yn Boelensloane. Nei syn middelbere-skoalletiid wurke er ûnder oare op kantoar en mei handikapte bern.

Healwei de fjirtich krige syn libben troch in depresje in kear en begûn er him, yn in bestean sûnder wurk, út te lizzen op it skriuwen yn it Frysk.

Fierder op wei holpen troch in kursus fan Hylke Tromp en Akky van der Veer kaam it nei in tafallige moeting mei Trinus Riemersma ta de útjefte fan de ferhalebondel It liket op fleanen.  Sûnt doe publisearret er inkeld wolris yn Fryske blêden, lykas Hjir, De Moanne en Ensafh. Syn koart ferhaal Fergetten lûden waard nominearre foar de JMFonds-priis fan 2009.

Foar himsels wurket er oan autobiografyske projekten (wurktitel: Oer alle wegen, kroniken fan in fytser), romans, in tonielstik en kollums of koarte ferhalen foar in eigen webside. Yn ’e mande mei filmer Dick Martens wurket er út en troch as tekstskriuwer oan Fryske dokumintêres foar Omrop Fryslân (û.o. oer Frâns Zwaagstra).

Wobbe Atsma syn driuwfearren binne keunst en literatuer, en as sonnetteskriuwer ek de poëzij.

Bibliografy
2006: It liket op fleanen (koarte ferhalen)

Mear ynformaasje
Eigen webside: www.ferdivedaasje.blogspot.com/

(c) Tresoar, 01-06-2016