Berne: 29-03-1932, Folsgeare
FERSTOARN: 05-12-2016, AMSTERDAM

Libben en wurk

Gerben Abma is berne yn Folsgeare, in doarp yn súdwest Fryslân. Heit wie boer op in pleats dêr’t al generaasjes lang Abma’s buorke hiene. Gerben wie de sechde yn in rige fan meiïnoar  tsien bern, dy’t opgroeiden yn in tsjerklik rjochtsinnich fermidden. Nei de middelbere skoalle, HBS-B, helle er it steatseksamen gymnasium A. Dêrnei studearre er teology oan de universiteit fan Amsterdam.

Nei it kandidaatseksamen feroare er fan stúdzjerjochting en gyng er fierder mei skiednis, dêr’t er yn ôfstudearre is. Dêrnjonken hat er Frysk studearre en is er slagge foar de oplieding wittenskiplik argyfamtner. Hy hat lange jierren yn Ljouwert en Snits foar de klasse stien as learaar skiednis en Frysk. Nei syn pensionnearring fêstige er him mei syn frou yn Amsterdam, simmerdeis hâlde se ta yn Starum.

Yn syn studintetiid wie er ek al aktyf as skriuwer. Hy publisearre yn tydskriften as It Heitelân, de Stim fan Fryslân en de Stiennen Man. Njonken skôgings, ûnder oaren in rige oer modern proaza yn de Stim, skreau er ek koarte ferhalen en gedichten.

Yn boekfoarm debutearre Gerben Abma yn 1962 mei de roman De útfanhuzer. De roman beskriuwt in episoade út it libben fan in jongeman op wei nei folwoeksenheid. De haadpersoan hat muoite om syn plak tusken de minsken en yn de maatskippij te finen.
Yn dizze earste roman fan Abma spilet al it tema dat ek yn syn lettere boeken weromkomme soe; dat fan de isolearre minske yn de moderne maatskippij.
De roman, dy’t wat ynhâld en tematyk oanbelange fergelike waard mei de debútroman, Fioele en faem, fan Anne Wadman, waard troch de ferskillende besprekkers net sa posityf besprutsen. Grutste beswier wie dat de gong fan it ferhaal te faak ûnderbrutsen wurdt troch minder ta de saak dwaande beskriuwings. Resensint Anne Wadman, dy’t boppesteande krityk dielde, konstatearre lykwols dat Abma it talint hie om in skriuwer fan betsjutting te wurden.    

Yn 1969 ferskynde de twadde roman fan Gerben Abma, De gersridders. De roman spilet yn it miljeu dat Abma fan tichteby ken, dat fan de boeren. Abma skreau de roman nei oanlieding fan in oprop fan de KFFB om in moderne boereroman te skriuwen. It boek fan Abma waard bekroane mei de earste priis en kaam út as preemjeboek fan de KFFB. It ferhaal fertelt de grutte feroarings op it agrarysk mêd yn de 20e ieu en de ynfloed dy’t dêr fan út giet nei de minsken dy’t dy feroarings ûndergeane. It boek is opdield yn trije bedriuwen. It earste ‘It feest’ spilet yn 1948 en lit it boerebedriuw fan de earste helte fan de 20e ieu sjen. It twadde, ‘It nije buorkjen’ spilte tweintich jier letter en it tredde ‘Pleats en soannen’ lit it tragyske ein fan boerefamylje en bedriuw sjen. Resensint J. Noordmans sei yn syn, positive, besprek (Leeuwarder Courant, 28-11-1970) dat Abma mei De gersridders oertsjûgjend bewiist dat er skriuwe kin, as er it ûnderwerp yn ’e macht hat.

Yn 1973 kamen twa romans fan de hân fan Gerben Abma út: De nacht fan de leechrinner en Leafde op bitter lemon. Beide, eksperimintele, romans hawwe as sintrale tema it stribjen fan de ienling om oerein te bliuwen yn de moderne maatskippij. Yn de romans, dy’t autobiografyske eleminten befetsje, wrakselje de haadpersoanen net allinnich mei harsels, mar ek mei de ynfloeden fan har otterdoks kalvinistyske opfieding.
De jierren dêrnei skreau Abma ferskeidene boeken op it mêd fan histoarje en streekskiednis. In seleksje dêrút: De mânske geakunde Himmelumer Aldefurd en Noarwâlde. In tal aspekten fan de skiednis fan in eardere gritenij ferskynde yn 1993. Oanlieding wie de gemeentlike weryndieling dy’t yn dy jierren yn Fryslân plakfûn. Oer de gemeente Ljouwerteradiel skreau er: Ljouwerteradiel : de voortreffelijckste voorstemmende ende meest contribuerende grietenije van Oostergo (1984). Hy ferdjippe him ek yn de Fryske stúdzjelienen, oer dat ûnderwerp hat er ferskate publikaasjes op syn namme stean, ûnder oaren: ‘De vier Bolswarder lenen: Het Wijbengaleen (1452, het Houckamaleen (1478), het Hendrik Nannes- en Catrijn Epesleen (1511 en 1524), het Hettema-Heeremaleen (?).

Yn 1980 promovearre Abma oan de Vrije universiteit van Amsterdam op it proefskrift: Geloof en politiek : confessionele partijvorming in Friesland : ontstaan en eerste jaren (1852-1871). Gerben Abma hie, tegearre mei Klaas Jansma, de haadredaksje fan de yn 1975 ferskinende Encyclopedie van het hedendaagse Friesland. Abma skriuwt fierders geregeld bydragen foar it Biografisch Lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands Protestantisme.

It soe mear as tritich jier duorje foardat der wer in fiksjonele roman fan de hân fan Gerben Abma ferskine soe, dat barde yn 2005 mei it útkommen fan De Brek. De titel ferwiist nei de namme fan de mar dêr’t it ferhaal him foar in grut part ôfspilet, mar ek nei foarfallen yn it libben fan de haadpersoan. It fuortgean fan de heit, it ferbrekken fan in relaasje en it meitsjen fan yngripende beslissings yn it libben.
Abma hat altyd kritysk sjoen nei it literêre klimaat yn Fryslân, neffens him wie dy te bot nei binnen keard en moasten se mear en bettere kontakten ûnderhâlde mei benammen de Nederlânske literatuer. As oantrún dêrta rjochte er yn 1967 yn ’e mande mei F.S. Sixma van Heemstra en Josse de Haan it twatalige literêr tydskrift A-wyt op. It tydskrift hat lykwols net lang bestien, al nei twa jier hold it op te bestean.

Begjin jierren santich wie Abma ek ien fan de inisjatyfnimmers fan de letter sa suksesfolle boekesuteldersaksjes. Yn deselde tiid besocht er, mei oaren, it kontakt tusken Fryske skriuwers ûnderinoar ek te ferbetterjen troch it organisearjen fan skriuwerswykeinen.

Bibliografy

Romans
1962: De útfanhuzer
1969: De gersridders
1973: De nacht fan in leechrinner
1973: Leafde op bitter lemon
2005: De Brek

Histoarysk wurk (in seleksje)
1983: Bonifatius Hospitaal : de geschiedenis van een ziekenhuis, 1883-1983
1992: Himmelumer Aldeferd en Noardwâlde : in tal aspekten fan de skiednis fan in eardere gritenij ( yn de rige stêds- doarps- en streekskiednissen, Fryske Akademy)

Ferskaat
1975: Encyclopedie van het hedendaagse Friesland (mei Klaas Jansma)

Mear ynformaasje
'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen;



@Tresoar, bywurke 17-02-2016