Berne: 12-07-1942, Folsgeare

Libben en wurk

Gerben Willem Abma is op 12 july 1942 yn Folsgeare berne. Hy wie it jongste bern yn in grutte ortodokse boerehúshâlding. Abma studearre yn Utert rjochten, yn Grins teology en die, neidat er ferskillende baantsjes hân hie, yn 1974 syn doktoraal eksamen yn it lêstneamde fak. Neidat er jierrenlang learaar west hat by it fuortset kristlik ûnderwiis yn Ljouwert, wurket er sûnt 1987 as psychoterapeut yn Drachten.

Hy bout dy praktyk foar gespreksterapy op njonken syn skriuwerskip, dêr't er in jiermannich in beurs foar krige fan it Fonds voor de Letteren. Willem Abma hat redakteur west fan Alternatyf, Operaesje Fers en Trotwaer. Yn 1973 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn earste trije dichtbondels dy't er ûnder it pseudonym Daniël Daen publisearre hie.

Yn dat iere dichtwurk wurdearre de advyskommisje doedestiids it algemien minsklike, dat fierder rikt as it momint. Hoewol't it wurk tige persoanlik is en lykas by de measte dichters yn haadsaak oer de gefoelens, emoasjes, oantinkens, tinzen en ideeën fan Abma sels giet, behannelet er yn syn fersen de grutte tema's lykas libben en dea, leafde, it minsklik tekoart, it leauwe en de maatskippij. De fersen hawwe wat wiisgearichs mei har bylden en ferwizingen nei de Bibel en nei de myten en de filosofy fan de âldheid. Al dichtsjend hat de dichter besocht klearrichheid te krijen oer syn identiteit, syn ferhâlding ta de meiminske en syn plak op ierde. Dêrnei kaam der mear romte foar oaren en toande er yn syn literêr wurk mear engaazjemint. De toan yn de lettere gedichten is mylder, de fersen binne begrypliker, minder typysk Daniël Daensk, wurden.

Nei in tsiental poëzybondels ûnder it pseudonym Daniël Daen kaam Abma yn 1980 mei En it barde ûnder eigen namme en dêrnei mei in rige romans dy't er ek ûnder eigen namme ferskine liet. De earste, In Satansbern(1981), lit deselde wrakseling om in eigen identiteit sjen as de earste poëzybondels. Lykas de skriuwer sels neffens syn iere fersen moatten hie, moat ek syn romanspersonaazje Wibren Hiddema him losfjochtsje en befrije fan it âlderlik miljeu, dat dominearre wurdt troch in strang-religieuze heit. In soartgelikense eftergrûn hat ek Heerd Hissema, oan wa syn ûntjouwing Willem Abma net minder as fjouwer psychologyske romans wijd hat: De Oantaasting(1983), De Roekkat(1986), It byldsje(1988) en It Orakel(1990). Eksperimintearre de skriuwer yn In satansbern en yn syn twadde roman, De Klinyk(1982) dêr't er in sikehûsopname yn behannele, noch mei de foarm troch syn ferhaal yn ferskillende streamen te fertellen, yn de Heerd Hissema-syklus stelde er him ynearsten as in auktoriale, alwittende ferteller op. Yn de lettere dielen brûkte er njonken de gewoane fertelfoarm ek brieven en yn It orakel binne 39 heteronime gedichten opnommen dy't mei elkoar de bondel Nei Delphi foarmje, sabeare in bondel dy't skreaun is troch Heerd Hissema ûnder dy syn skriuwersnamme Hisse Heeroma. Abma brûkte dy om noch mear fan it inerlik libben fan syn romanfiguer sjen litte te kinnen.

De alsidichheid en de produktiviteit fan dizze auteur blykt út it feit, dat nei dy rige romans dêr't er de ûntjouwing fan in yn syn bernetiid kniesd jonkje yn beskreau oan dy syn folwoeksenheid ta, fan Willem Abma noch in kaairoman oer syn leararetiid ( Freonen ûnder elkoar), in bondel reisferhalen ( In nacht yn de Andes) en toanielwurk ( Trije ienakters en in monolooch) ferskynd binne, allegearre yn 1993. Yn de roman De mafiaman(1995) hat Abma foar it earst keazen foar romanfigueren dy't folslein `betocht' binne. It binne gjin ôfspjaltingen fan de auteur en ek net minsken dêr't er kunde oan hat, lykas yn syn kaairoman. Yn De mafiaman wurdt in psychopaat beskreaun dy't twangmjittich syn neisten it libben soer makket.

It skriuwen fan poëzy is trochgien yn de jierren dat Abma him meast as proazaskriuwer presintearre. Yn syn lettere bondels dy't de fûleindigens fan de earste misse, sprekt er him út oer maatskiplike misstannen, mar ek oer leafde en freonskip (benammen yn de bondel Dieden fan 1986), it ôfskie fan syn âlden (yn Dea fan de moskefrou út 1987 en Moeting út 1994) en de sin fan syn bestean (yn Bist noait wa'st wieste út 1987, dat lykas Dea fan de moskefrou earst bibliofyl útjûn is, mar letter yntegraal opnommen yn de bondel Moeting). Yn dy bondel Moeting(1994), binne foar it earst njonken eigen, mear en mear nei de kontemplaasje útskaaiende fersen ek oersettingen fan it wurk fan bûtenlânske dichters publisearre en gedichten dy't makke binne nei oanlieding fan harren wurk. De kritisy hiene foar dat nije sjenre, dêr't Abma him op talein hat, oer it generaal wol wurdearring. Sa priizge Albertina Soepboer yn Trotwaer(1994, side 75) de oersetter om't er tichteby de styl en de toan fan syn foarbyld bleaun wie.

Willem Abma is in skriuwer dy't sjen litten hat, dat de útspraak wier is, dat in ûngelokkige bernetiid in moaie boarne fan ynspiraasje wêze kin. No't er it tema fan de ûntwrakseling oan it âlderlik miljeu en it finen fan in eigen identiteit fan alle kanten besjoen en op alle manieren behannele hat, siket er om nije tema's.

Literatuer

1975: T.J. Steenmeijer-Wielenga, Tekst en Utlis 
1977: Willem Abma yn Trotwaer, s.26-59, 'Dichter en bisprek: 'In ynterpretaesjeforliking'
1977: Tr. Riemersma yn Trotwaer, s.111-121, 'Oer ynterpretearjen' 1977 : Sybe Sybesma yn Trotwaer, s.290-298, 'Willem Abma en de theory fan bifoarrjochte tagong'
1981: Theo de Boer yn De Harpe, 1981/4, 'ferslach fan Sprekker op 'e soas: G. Willem Abma'
1983: Frâns Hiddema yn It Beaken, 1983/2, s.77-95, 'Yn 'e besnijing fan Oidipûs. Psycho-analytyske ynterpretaasje fan G. Willem Abma syn roman In Satansbern' 
1988: Piter Terpstra yn De Strikel, 1988, s.298-300, 'Willem Abma syn Heerd Hissema-cyclus bliuwt op peil' 1991: Josse de Haan yn iP2r90, 1991/2, s. 19-61, oer 'It Orakel, De Oantaasting, De Roekkat' 1993: Hylke Tromp yn De Koperen Tún, Literêr Kafee, foar Omrop Fryslân, nov. 1993, 'De wrâld neffens Daniël Daen' 1994: Jelle Krol yn Us Wurk, 1994 jefte 1-2, s. 29-42. 'Ynterview mei G. Willem Abma'

Bibliografy

Romans
1981: In Satansbern 
1982: De Klinyk 
1983: De oantaasting (earste diel fan de romanrigee oer Heerd Hissema) 
1986: De Roekkat (twadde diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) 
1988: It Byldsje mei brieven oan Priscilla (tredde diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) 
1990: It Orakel (fjirde en lêste diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) 
1993: Freonen ûnder elkoar 
1994: De mafiaman
2003: In Ierse nimf

Ferhalebondel
1993: In nacht yn de Andes (reisferhalen) 

Poëzy
1970: De âlde en de leave hear as lead om âld izer (pseud. Daniël Daen) 
1970: Op libben en dea (pseud. Daniël Daen) 
1972: Mosken en Goaden (pseud. Daniël Daen) 
1973: Prosit 
1973: Bûten it skûlliif : sammelbondel (kar út û.o. de trije earder ferskynde bondels fan Daniël Daen) 
1975: Fitraezjewrâld (pseud. Daniël Daen) 
1976: De iken fan Dodona (pseud. Daniël Daen) 
1977: Rânnen fan forjitnis (pseud. Daniël Daen) 
1979: Hjerstreach (pseud. Daniël Daen) 
1980: En it barde 
1982: Nachtfeest (pseud. Daniël Daen) 
1985: De sprong (bibliofile útjefte) 
1986: Dieden 
1987: Bist noait wa'st wieste (bibliofile útjefte) 
1987: Dea fan de moskefrou (bibliofile útjefte) 
1993: Moeting 
1999: Te fûnling 
2000: Kuiers of definysjes fan it ik : proazagedichten
2012: Troch eigen lânskip (sammele fersen)
2013: Oade oan de ko
2013: Onbedoeld: de dichter als pastor (twatalige blomlêzing, gearstald troch Jan Hofstra)

Toaniel
1993: Cranky Box (oerset nei Judith Herzberg) 
1993: Trije ienakters en in monolooch: Hazzefleis (ienakter), Unmeilydsum is de skientme of: 06-relaasje (ienakter), In heit, in soan en in dochter (ienakter), It syndroom fan down of in milkshake foar God (monolooch)

Prizen
1973: Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondels De âlde en de leave hear as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en Goaden
1983: Rely Jorritsmapriis (fers: Ôfskie

Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Willem Abma
'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen;
Willem Abma by Operaasje Fers;
Opnamen fan Rono en Omrop Fryslân;


@Tresoar, bywurke 17-02-2016