Berne: 13-06-1908, Aldeboarn
Ferstoarn: 24-09-1982, Drachten

Libben en wurk

Paulus Akkerman is op 13 july 1908 yn Aldeboarn te wrâld kommen as fjirde soan fan Otte Sijas Akkerman (1872-1957) en Antje Harmsma (1871-1965). Hy ferstoar op 24 septimber 1982 yn Drachten. Paulus Akkerman syn heit, Otte hie as jongfeint al namme makke as dichter en foardrager.

Akkerman groeide op yn syn berteplak Aldeboarn en hat yn Akkrum de u.l.o.-skoalle ôfmakke, dêrnei bedarre er yn it bakkersfak. Hy troude mei Riemke Feenstra, se hawwe tegearre hast 50 jier troud west en krigen seis bern.
Lange jierren hat Paulus Akkerman wurke by de Centrale Bakkerij yn Marrum en dêrnjonken hiene hy en syn frou ek noch in winkel yn dat doarp. Doe't de Centrale Bakkerij ophold hat Akkerman in jiermannich besocht fan syn pinne te libjen. Hy skreau foar ûnderskate kranten en blêden en gong der faak op út om lêzingen te hâlden oer syn wurk as skriuwer, mar al hoe warber as er ek wie, in bestean foar syn húshâlding koe er der net mei beskreppe. Dêrom is er yn 1965 noch kassier woarn fan de Raiffeisenbank op Skiermuontseach en dat oan syn pensjoen ta bleaun.
Nei syn pensjonearring hat er him mei syn frou yn Drachten nei wenjen set.

Akkerman hie syn nocht oan skriuwen fan hûs út wei meikrigen. Net allinne syn heit wie in ferneamd folksdichter yn kristlik fermidden, ek syn âldere broer Sijas Paulus Akkerman wie skriuwer.
Paulus Akkerman debutearre yn 1925 yn it Friesch Dagblad mei koarte stikjes yn de rubryk 'Fan it Selskip'. Under it pseudonym Paul fen Nijenborn publisearre hy syn earste fers Krystnacht yn Sljucht en Rjucht. Under dy skûlnamme publisearre er ek syn earste roman As de bern great wurde, dat as earste yn de rige fan de yn 1934 oprjochte Kristlik Fryske Folksbibleteek ferskynde. Hy hat net lang ûnder pseudonym skreaun want syn lettere romans ferskynden allegearre ûnder eigen namme.
Akkerman heart ta de produktyfste skriuwers fan de tweintichste ieu yn Fryslân. By de KFFB waard er, wat de produktiviteit oanbelanget, allinne foarbystribbe troch Th. Kuiper, A.A. van der Werf en H. Heeringa-Seepma. Hy hat tweintich romans, in tal berneboeken en in ôfgryslik soad koarte ferhalen op syn namme stean (almeast bondele krantestikken). Dêrnjonken hat er ek harkspullen, toaniel- en kabaretteksten skreaun. Yn 1993 ferskynd de roman Hessel Ypma as nûmer 4 yn de rige Fryske klassiken en yn 1997 It Freark Japiks Folk als nûmer 11 yn deselde rige.
Neffens Tineke Steenmeijer-Wielenga yn har ynlieding by de roman It Freark Jabiks folk skreau Akkerman minder as de 'echte KFFB-skriuwers' neffens 'in resept'. Akkerman wie yn in grifformeerde húshâlding grutbrocht; hy libbe ek wol út in rjochtsinnich-kristlike libbensoertsjûging wei, mar as auteur hied er it mier oan 'opsetlike tapassingen'.
'Ik skriuw nei it libben en as de frommens der net yn sit, lis ik dy der ek net op', hat er wolris sein. Hy hie grutte bewûndering foar skriuwers lykas Reinder Brolsma en Ulbe van Houten, mar hat nea besocht om har yn har wurk nei te folgjen. Hy woe syn eigen paad gean en koe nei syn betinken net oars skriuwe as sa't er it die.

It skriuwerskip fan Akkerman kin karakterisearre wurde as dat fan in (swak) realistyske folksskriuwer fan protestants-kristlike sinjatuer mei grutte kennis fan it fermidden fan syn romanpersonaazjes. Hy kin de minsken skerp en raak typearje. Ut al syn wurk sprekt in myld gefoel foar humor. Psychologysk dolt er net djip en syn romans misse it histoarysk perspektyf, syn wrâldbyld is statysk. Dêrtroch bliuwe syn boeken wat ûnbestimd. Der sit wol in soad tragyk yn, mar net folle drama. Konflikten wurde net útfochten, se wurde oantsjutten, der wurdt efternei oer praat. Yn it godstjinstige libben fan syn haadfigueren is der gjin wrakseling om it leauwe.

De stofkar is Akkerman frijwat beheind yn. It giet almeast oer hurd bodzjende en dochs nea net folle bedijende minsken út de earste desennia fan de tweintichste ieu. Syn helden binne de lytse wrotters, boeren, komelkers, skippers en winkellju, minsken sûnder folle aventoer en dêrtroch oerhearsket in wat ferfeelsume, mistreastige sfear. Dêrfoaroer steane lykwols kwaliteiten as in geef taalgebrûk, ryk idioom en in styl dy't in libbene ôfwikseling biedt fan dialogen en beskriuwing. De rykdom skûlet benammen yn de wize fan sizzen. Akkerman skriuwt yn in folksaardige praatstyl dy't autentyk ('echt Frysk') oandocht.

Literatuer

1957: J. Piebenga. Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse, s.262, 268-270, 277
1977: K. Dykstra. Lyts hânboek fan de Fryske literatuer, s.105, 107-108, 158
1977: Sj. van der Schaaf. Skiednis fan de Fryske Biweging, s.393, 400
1985: Tekst en Útlis (A. van Lambalgen-Wijngaard)
1993: T. Steenmeijer-Wielenga yn Hessel Ypma (út de rige Fryske Klassiken) in artikel oer Paulus Akkerman, oer skriuwer, boek en útjeften
1994: T. Steenmeijer-Wielenga yn It Freark Jabiks Folk (út de rige Fryske Klassiken) in artikel oer skriuwer, boek en útjeften

Bibliografy

Romans
1936: As de bern great wirde
1941: De erven fan Freark Japiks Hindrikje
1943: De soargeleaze (2de pr. 1944)
1946: It Freark Jabiksfolk (2de pr.1970; 3de pr. 1994)
1949: Hessel Ypma (2de pr.1976; 3e pr. 1993; 1999 as Grutletterboek útjûn)
1950: Wankend ljocht (2e pr.1969)
1954: De maitiid fan it libben
1956: In man allinne (2e pr.1982)
1960: Fan it anker slein
1964: De lêste fan de Kampenaers
1965: Doarp sûnder takomst
1965: Sybrand en syn sikretaris
1965: Ek mar minsken (2e pr.1977)
1966: Each om each
1968: It roer út hannen
1972: In haven bisyld
1976: Fan alle wâllen
1977: De koetsekralen (set yn in grutte letter)
1981: Wurde as in bern (2e pr.1982)
1986: It riedsel fan Trijebulten

Ferhalebondels
1953: Just, jawol (Piper en sâlt út Frysk en Frij)
1959: Just, jawol (2de diel)
1961: Krystforhalen
1965: Ek mar minsken (2de pr. 1977)
1968: Foar de lins: kar út de forhalen yn de "Leeuwarder Courant" oktober 1965-maeye 1968
1969: Dat sadwaende
1975: Lytse optocht (forhalen)
1979: Sa en net oars (forhalen)
1988: De bêste Fryske ferhalen fan Paulus Akkerman (gearstald troch Freark Dam)

Ferskaat
1995: Wat wie 't wat (njoggentich kursyfkes, fan 1963-1978 publisearre yn it Friesch Dagblad)

Prizen
1948: Ús Frysk Berneboek (foar: Johannes en syn maten)
1954: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De hinnebuorkerij 'Aurora')
1955: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De brânstifter)
1958: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Hûndert kilo plastic)
1959: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Ien misstap)
1962: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De smjunt)
1962: KFFB Romanpriisfraach foar: De lêste fan de Kempenaers
1964: KFFB Romanpriisfraach foar: Earm fan geast
1964: KFFB Romanpriisfraach foar: Doarp sûnder takomst
1967: KFFB Romanpriisfraach foar: It roer út hânnen
1969: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Yn it net fortiisd)
1970: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: It offerlaem)
1971: Gysbert Japicxpriis (foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende)
1972: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Yn 'e wachtkeamer)

Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Paulus Akkerman
'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen;
Ynterview troch Jo Smit foar de RONO oer Hessel Ypma (1957)
Opnamen út it argyf fan de RONO en Omrop Fryslân.

@Tresoar, bywurke 17-02-2016