Berne: 17-07-1974, Rinsumageast

Libben en wurk

Tsead Bruinja ferhuze nei syn middelbereskoaltiid fan syn wenplak Kollum nei Grins om dêr oan de universiteit Ingelsk te studearjen.

Letter swaaide er oer nei Frysk, mar de echte reden fan syn ferbliuw oan de universiteit wie dat er tiid hawwe woe om te lêzen en te skriuwen. Dêr stuts er dan ek de measte tiid yn; de stúdzje Frysk hat er net ôfmakke, yn 2006 helle er de bachelorsgraad foar Ingelske taal- en letterkunde. Hy wenne doe al yn Amsterdam, dêr't er yn 2004 hinne ferhuze.

Dichter
Hy wist al jong dat er skriuwer, dichter of muzikant wurde woe. Syn earste gedichten skreau er yn it Ingelsk. Tsead Bruinja is ambisjeus en komt mei syn wurk foar it fuotljocht. Yn Grins wie it foarlêzen fan syn Ingelsktalige fersen oanlieding foar in 'poetrynight' foar studinten en foar himsels it begjin fan in karriêre as organisator fan literêre manifestaasjes lykas 'Dichters in de Prinsentuin', 'Nachtspraak', 'Winterschrift' en 'Noordschrift'. Yn 1998 joech er yn eigen behear de Nederlânsktalige bondel Vreemdgaan út, yn 1999 folge troch Startschot. Startschot is eins mear in blomlêzing, de bondel befettet ek wurk fan Daniël Dee, Petra Else Jekel en Ramona Maramis.

Hy debutearre mei Frysktalige fersen yn 1999 yn it Frysk literêr tydskrift Hjir. In skoftsje letter kaam er yn de redaksje fan Hjir. Hy hat twa jier in sit yn de redaksje fan Hjir hân en dêrnjonken ek noch in pear moanne diel útmakke fan de redaksje fan it literêr ynternet-tydskrift Kistwurk. Njonken Hjir hat er publisearre yn it ynternettydskrift Farsk en yn de Hollânsktalige tydskriften Krakatau, De Poëziekrant en Parmentier. Fierders hawwe de blêden Passionate, Tzum, Lava, DWB en Bunker Hill fersen fan Bruinja opnaam. Tsead Bruinja is in meartalich dichter, hy skriuwt yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Syn earste Frysktalige bondel De wizers yn it read ferskynde yn 2000.

In weromkommend tema yn it wurk fan Bruinja is it ferline, de mem, it suske, de pake, mar ek it omgean mei de dea en mei de taal, binne ûnderwerp yn syn fersen. Henk van der Veer skreau yn syn besprek fan De wizers yn it read (Leeuwarder Courant, 22-08-2002): 'Hiel wat dichtrigels fan Tsead Bruinja lykje mear as ien betsjutting te hawwen. Syn fersen binne in delslach fan heale tinzen, gefoelens, eangsten, grappen, fernuverings en oantinkens tagelyk. Hy brûkt in fracht oan wurden en syn doel is net om oardering yn 'e gaos oan te bringen, hy makket allinne (taal) opnamen yn fersen'.

Nederlânsktalige gedichten fan Bruinja waarden ûnder oare opnaam yn de sammelbondel Vanuit de lucht – De eerste generatie dichters van de 21e eeuw (2001). Hy debutearre yn it Nederlânsk yn 1998 mei de bondel Vreemd gaan

Perfoarmer
De wat skruten dichter komt los as er syn fersen op it poadium foardraacht, as perfoarmer komt er alle wiken ien of mear kearen foar it fuotljocht. Soms allinnich, soms mei in fideokeunstner, en oant hjerst 2004 mei Gewassen, in ploechje fan twa muzikanten, twa dichters en in fideokeunstner. Bruinja treedt no geregeld op mei de muzikanten Jaap van Keulen, Michiel Rasker of  Polo de Haas. Njonken optredens yn Nederlân hat er ek yn Ingelân (Newcastle), Frankryk (Toulouse), België (Antwerpen) en yn Dútslân (Bremen, Leipzich, Berlyn) te beharkjen west.
Yn 2005 die er mei oan Poetry International yn Rotterdam.

Oare literêre aktiviteiten
It libben fan Tsead Bruinja spilet him fierhinne yn literêre rûnten ôf, hy hat (en hie) sit yn literêre sjuery's, yn it bestjoer fan It Skriuwersboun en is mei-organisator fan literêre manifestaasjes.
Op de site 'Boeken.vpro.nl.' fersoarget Bruinja, tegearre mei Stijn Ekkers, koarte resinsjes fan nije Nederlânsktalige poëzy. Datselde docht er ek foar it deiblêd Trouw en foar Awater, it tydskrift dat útjûn wurdt troch de Poëzieclub, dy't ein 2001 oprjochte waard troch de dichter Gerrit Komrij.
Fan, en mei help fan, de Arabyske dichter Mowaffk Al Sawad hat er fersen oerset yn it Nederlânsk, dy't yn 2002 ferskynden yn de bondel een middag wit als melk.
Tegearre mei Hein Jaap Hilarides hie er de redaksje fan de twatalige sammelbondel Droom in blauwe regenjas/Dream yn blauwe reinjas.
Yn syn Grinzer tiid, hy wennet no yn Amsterdam, hearde er mei û.o. Albertine Soepboer, Meindert Talma en Nyk de Vries ta de jonge generaasje Fryske dichters en skriuwers dy't soargen foar in nij lûd yn de Fryske literatuer.

Wurk

Poëzy
1998: Vreemd gaan
1999: Startschot
2000: De wizers yn it read
2001: De man dy't rinne moat
2003: Dat het zo hoorde
2003: Gegrommel fan satyn
2004: Batterij
2004: Droom in blauwe regenjas/Dream yn blauwe reinjas: een keuze uit de nieuwe Friese poëzie sinds 1990 : in kar út de nije Fryske poëzy sûnt 1990
2004: Kutgedichten: poëzie over de vrouwelijke genitaliën in 69 en enige gedichten (blomlêzing)
2005: Klotengedichten: poëzie over de mannelijke genitaliën in 69 en enige gedichten (blomlêzing)
2005: Gers dat alfêst laket
2006: Bang voor de bal
2008: De geboorte van het zwarte paard = De berte fan it swarte hynder : een keuze uit de Friese gedichten
2008: Angel (útjefte op tabloidformaat, twatalich; as Nederlânsktalige bondel 2009)
2010: Overwoekerd
2013: Stofsûfersjongers / Stofzuigerzangers boek mei cd; yn 'e mande mei Femke IJlstra (saksofoan) en Mirka Farabegoli (byldzjend wurk); 2de printing 2014

Ferskaat
Oersettings fan wurk fan Tsead Bruinja ferskynden yn meardere talen lykas

  • Afrikaansk: yn:  Fragmente – Literary journal, Ontheemdes Breedevallei Dichters / Poëzienacht van die MUSE – Volume II – red. Lina Spies & Floris Brown. Zuid-Afrika
  • Arabysk: AHDAQ – Quarterly cultural magazine of modern literature. No 3. Nederland, Amsterdam: 2004
  • Ingelsk: Visions International No. 67 – red. Bradley Strahan & Claudia Emerson. USA, Fredericksburg
    Mantis - Journal of Poetry, Criticism & Translation. USA, Stanford: spring 2006
    Pratik Literary Journal. Nepal: spring 2006-05-03
  • Dútsk: STINT – Zeitschrift für Literatur – No. 27 Sprachen der Liebe. Deutschland, Bremen: 2000
    Park – Zeitschrift für neue Literatur – No. 61. Deutschland, Berlin, Dezember 2005
  • Frânsk: Action Poétique – No. 182. La France, Paris, 2005
  • Sloveensk: Mentor, 1 – 2. Slovenije, Ljubljana, 2006


Mear ynformaasje
Eigen webside fan Tsead Bruinja
Jelle van der Meulen Friese literatuursite.
Fraachpetear troch Remco Ekkers yn Poëziekrant 2004
Petear mei Hedwig Terpstra oer Stofsûgersjongers/Stofzuigerzangers op Ensafh. 24-04-2013
Brosjuere 10 books from Friesland 2016

© Tresoar, 13-08-2008