Berne: 01-02-1931, Easterein

Libben en wurk

Klaas Bruinsma waard berne yn Easterein (Hinnaarderadiel; no Littenseradiel) as ien nei jongste yn in húshâlding mei seis bern.

Syn heit, dy't 'ryksfjildwachter' wie, kaam om yn de oarloch; hy waard deportearre as ferjilding foar it feit dat syn âldste soan yn it ferset siet en net pakt wurde koe. Nei de legere skoalle die Bruinsma de mulo en folge er bylessen Latyn en Gryksk. Nei de oarloch gyng er nei it Grifformeard Gymnasium yn Huzum (no 'Beyers Naudé') en dêrnei nei de Kweekskoalle yn Ljouwert. Yn 'e midden fan de jierren fyftich wurke er as ûnderwizer earst yn Spannum en dêrnei yn Hidaard. Foar syn ferfangende tsjinstplicht wurke er fan 1958 oant 1960 as 'broeder' yn in psychiatryske ynrjochting. Yn 1960 ferfear er mei syn frou nei Zoetermeer dêr't er op 'e nij ûnderwizer waard. De Bruinsma's krigen fjouwer bern.
Nei't Bruinsma de middelbere akten foar Ingelsk helle hie, krige er yn 1963 in oanstelling as learaar oan de mulo yn Balk. Fan 1973 oant 1986 wie er as learaar ferbûn oan it Ichtus College yn Drachten. Syn houlik rûn yn de jierren tachtich op in skieding út. Nei't er in grut tal jierren yn Gaasterlân syn ûnderkommen hie, wennet Bruinsma sûnt 2003 wer yn Drachten.

Oersetwurk

Nei syn pensjoen, yn 1986, wijde Bruinsma him hielendal oan it oersetten, syn grutte leafde. Hy wie dêr as gymnasiast al mei út ein set. Jild hat er der nea mei fertsjinne. Foar de oersetting Béatrys krige er gjin honorarium, likemin as foar Karel en Elegast en Rein de foks. De útjefte fan Sofoklês bekostige er sels, oars wie it boek der net kommen. Yn in fraachpetear mei Meindert Talma en Nyk de Vries yn 1996 sei er: ‘Je moatte it allinnich út leafde foar de taal dwaan, út oertsjûging en idealisme. Dogge je it dêr net om, dan hoege je der net iens oan te begjinnen."

Bekroaningen

Yn 1993 krige Bruinsma de dr. Obe Postmapriis foar syn oersetting fan trije trageedzjes fan Sofoklês: Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos. Yn it sjueryrapport waard steld dat Bruinsma yn syn oersetting ticht by de oarspronklike tekst bleau, mar dat er net skoalsk of slaafsk oersette en each hie foar it feit dat de stikken bedoeld binne om spile te wurden. Om dy reden hie er bygelyks de seisfuottige jambe yn in fiiffuottige feroare om't dy 'better bekket'. De sjuery priizge Bruinsma syn fynsten fan byldzjende Fryske wjergaders.
Yn 1993 krige Bruinsma ek de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat 'foar syn fertsjinsten foar it behâld fan de Fryske taal'. Yn 2005 waard him fannijs de dr. Obe Postmapriis takend. Doe foar syn oersettingen yn it tinkboek fan Gysbert Japix, de bondel Lânwurk mei de oersetting fan Vergilius’ Georgika, en benammen foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros. Yn 2007, ta beslút, waard him in Sulveren Anjer takend troch it Prins Bernardcultuurfonds foar al syn oersetwurk. By gelegenheid dêrfan waard it ûndersteande filmportret makke.

De Fryske Homêros
De publikaasje op 19 novimber 2004 fan de twa mânske dielen fan de Homêros-oersetting, de Ilias en de Odusseia, wie de foarlopige kroan op Bruinsma syn oersetwurk. Syn earste Fryske oersettingen fan Homêros wiene al ferskynd tusken 1954 en 1960 yn it Frysk Studinte Almanak. Dêrnei lei it wurk oan dy oersetting jierren stil en earst yn 'e midden fan de jierren njoggentich waard dat wurk wer mei faasje fuortset. Doe't nei trije jier oersetten dat wurk klear wie, hat it wurk noch sân jier lein om te rypjen, sa't Bruinsma sels sei. Underwilens waard om in útjouwer socht. Dy waard fûn yn de persoan fan Steven Sterk, boekhanler en útjouwer te Utert. De útjefte waard troch de mannen sels bekostige. It boek krige in oplaach fan fiifhûndert eksimplaren en waard sûnder subsydzje útjûn.
De tekst fan Homêros waard oerset mei behâld fan it seisfuottige metrum yn daktilen en spondeeën. It magnum opus fan Bruinsma telt sa likernôch 28.000 rigels en krapoan tûzen siden.
De publikaasje krige in soad omtinken. De dichter-klassikus Piet Gerbrandy sei yn de Volkskrant: 'Je zou zonder veel overdrijving kunnen zeggen dat een literatuur pas volwassen is wanner ze Homêros vertaald, verwerkt en achter zich gelaten heeft.' Jabik Veenbaas sprekt yn de Leeuwarder Courant oer 'In monumint foar in lytse taal'.

Nij útjeftekanaal en Fryske Metamorfosen
Nei de Homêros waard it in skoft stil. Yn 2009 fûn Bruinsma yn útjouwerij Elikser in nij útjeftekanaal om syn oersettingen publisearre te krijen. Hy ynvestearre der sels yn en sa ferskynde sawat elk jier wol in nije oersetting, meast út it Middelnederlânsk.
Bruinsma syn oersetwurk fan klassike literatuer krige in nij hichtepunt mei de monumintale útjefte fan Ovidius syn Feroarings fan stal by Steven Sterk.
Syn âlde leafde foar it Spaansk kaam nei foaren yn in persoanlike blomlêzing út ’e Spaanske poëzij.


Wurk

Oersettingen (in kar)
1973: Rein de foks (nei it âldste Flaemske hânskrift forfryske)
1981: Oade oan de Sipel/Oda a la Cebolla (oerset nei Pablo Neruda)
1985: Sa bist (Fryske oersetting fan de Esopet (1275), 67 fabels oerset út it Midflaamsk)
1989: It hûs fan Bernarda Alba (oerset nei de Spaanske skriuwer Federico García Lorca)
1991: Trije trageedzjes (Fryske oersettingen nei Sofokles)
1993: Béatrys (De midsieuske Marialeginde, skreaun troch in ûnbekend auteur te Antwerpen om 1345 hinne)
1994: Karel en Elegast (Ridderroman út 'e midsieuwen, oerset út it Middelnederlânsk)
1995: Mei sletten doarren (oerset nei Jean Paul Sartre)
1998: Mei-Maaie (oerset nei Herman Gorter)
1998:  Liudger en Gregorius [twa hilligelibbens troch resp. Altfrid en Liudger]
1999: De seeman (Oerset út it Aldingelsk)
2001: Fersen fan minne (Oerset nei Hadewych)
2001: Hear Gawain en de Griene Ridder (Oerset út it Middelingelsk)
2002: Lânwurk (Oerset nei Vergilius)
2003: Gysbert Japix: een keuze uit zijn werk (Mei oersettingen yn it Frysk fan Klaas Bruinsma en Jan Popkema)
2004: Ilias en Odusseia (Oerset nei Homêros, 2 dielen)
2004: Tweintich leafdesdichten en in liet fan wanhoop (oerset út it Spaansk nei Pablo Neruda)
2009 : Floaris en Blankefloar (oersetting fan 'Floris ende Blancefloer' van Diederik van Assenede)
2009: Marike fan Nijmegen en Elkenien (oersetting fan 'Mariken van Nieumeghen en Elckerlyc')
2010: De roman fan Walewein (oerset út it Middelnederlânsk)
2010: De striid tusken Froasken en Mûzen (oerset út it Gryksk nei Pseudo-Homearus)
2010: Feroarings fan Stal (oersetting fan 'Metamorphosen' fan Ovidius)
2011: Fergút (Ridderroman troch Guillaume Le Clerc, oerset út it Middelnederlânsk)
2011: Moriaan, de Swarte Ridder (oerset út it Middelnederlânsk)
2012: Sint Brandaan yn fjouwerfâld (yn 'e mande mei Eibert van der Veen, út it Latyn en en Middelnederlânsk)
2013: Ut Beda syn HEGA (oerset út it Latyn)
2013: Fersen fan en foar Gadso Cooppmans (oerset út it Latyn)
2014: Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij

Prizen
1993: dr. Obe Postmapriis foar syn oersetting fan Sofokles Trije Trageedzjes (oerset út it Gryksk yn it Frysk)
1993: Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat foar syn fertsjinsten foar it behâld fan de Fryske taal.
2005: dr. Obe Postmapriis foar syn oersettingen yn it tinkboek fan Gysbert Japix, de bondel Lânwurk mei de oersetting fan Vergilius’ Georgika, en benammen foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros.
2007: Sulveren Anjer fan it lanlik Prins Bernardfonds

Mear
Opnamen fan Klaas Bruinsma by Operaesje Fers
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Meindert Talma en Nyk de Vries, petear mei Klaas Bruinsma yn De Blauwe Fedde yn petear, 2001
Jabik Veenbaas oer de Homêros-oersetting, LC 30-12-2004
Sietse de Vries, petear mei de oersetter, LC 29-10-2010
Eppie Dam oer Blomlêzing út ’e Spaanse poëzij, LC 05-09-2014

© Tresoar, 27-09-2005 / bywurke 10-10-2014