Berne: 26 maart 1863, De Pein
Ferstoarn: 4 jannewaris 1932, Ljouwert

Libben en wurk

Sjirk Linses van der Burg waard berne yn de Drachtster Pein, mar groeide op yn Jelsum. Hy wie in broer fan Jan Linses van der Burg, de dichter fan "It Heitelân".

As kandidaat-notaris hat er yn û.o. Beetstersweach, Wergea en Boazum stien. Yn 1898 waard er beneamd ta notaris te Makkum. Mear as 25 jier hat er lid fan Provinsjale Steaten west, dêr't er him benammen ynsette foar wettersteatssaken. Ek hat er dêr (doe al) ivere foar it Frysk. It earste provinsjale subsydzje foar Frysk ûnderwiis (f 500) is der mei troch syn krewearjen kommen. As Steatelid makke er diel út fan fan de kommisje fan tafersjoch op de bewurking fan it Frysk Wurdboek (1901-1911).
Foar de skiednis fan de Fryske Beweging is Sjirk Linses van der Burg benammen fan belang as bestjoerder fan it Selskip foar Fryske Tael- en Skriftekennisse. Earst wie er skriuwer fan it Haadbestjoer(1896-1910), doe bysitter en letter (1913-1922) hat er as foarsitter lieding jûn oan it Selskip. By syn ôfgean yn 1922 waard er beneamd ta earefoarsitter.
Sjirk Linses van der Burg is mar 68 jier wurden. Hy ferstoar yn it Ljouwerter Diakonessehûs en waard begroeven yn Jelsum. Syn boekerij (2000 boeken) waard nei syn ferstjerren skonken oan de Universiteitsbiblioteek yn Amsterdam en makket dêr noch diel út fan de kolleksje. As Frysk skriuwer hat er net sa'n grutte betsjutting as dy't er as bewegingsman hat. Syn wurk (benammen proaza) is foaral te finen yn de jiergongen fan "Forjit my net". Yn 1915 en 1917 binne der twa bondeltsjes fan ferskynd.

Literatuer oer him:

1948: Jan Jelles Hof yn "Tinkboek fan it hûndertjierrich bistean fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse 1844-1944, s.202-203
1977: Sj. Van der Schaaf. Skiednis fan de Fryske biweging
1978: dr G.R. Zondergeld. De Friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen

Wurk:

1887: Master Habbema. Klucht yn twa útkomsten (2e pr. 1895, 3e pr. 1928)
1915: Twa Fryske sêgen op skrift brocht (2e pr. 1930)
1917: Fen lang forlyn, kritejoune-foarlêzingen en bydragen
1920: Feestrede, útspritsen to Ljouwert by it oantinken fen it 75-jierrich bistean fen it Selskip for Fryske tael en skriftenkennisse op de 27ste fen Rispmoanne 1919.

© Tresoar, 12 april 2000