Berne: 11-11-1941, Wergea

Libben en wurk

Meindert Bylsma waard berne op 11 novimber 1941 yn Wergea. Troch it wurk fan syn heit ferhuze er as bern ferskate kearen.

Nei de middelbere skoalle folge er de oplieding ta ûnderwizer oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Doe't er út militêre tsjinst kaam, begûn Meindert Bylsma syn wurkpaad yn it ûnderwiis oan in legere skoalle yn Drachten. Tsien jier letter waard er leraar nifeljen oan in skoalle foar fuortset ûnderwiis yn Twente, mar dreaun troch ûnwennigens wie er nei in pear jier wer werom yn Fryslân. Hy kaam yn Kimswert te wenjen en krige in baan as learaar Nederlânsk en nifeljen oan in skoallemienskip foar leger beropsûnderwiis yn Harns.

Skriuwer
Yn syn 'Drachtster tiid' healwei de jierren sechtich ferskynden de earste publikaasjes fan Bylsma yn de foarm fan koarte ferhalen. De ferhalen waarden goed ûntfongen. Hy krige yn 1965, 1968 en 1970 de Rely Jorritsma-priis foar proaza en yn it jongereinnûmer fan De Tsjerne (novimber 1967) waard syn ferhaal 'It motyf' opnommen. Syn novelle Boartsjendewei ferskynde yn 1981 yn in apart nûmer fan literêr tydskrift Sonde. Dochs krige er ynearsten mear namme as dichter; yn 1966 en '67 bekroande de Rely-sjuery in fers fan him. Meindert Bylsma hearde ta de groep jonge dichters dy't ein jierren sechtich, begjin santich, de literatuer út syn ivoaren toer helje woene. Hja giene de strjitte op om har maklik te konsumearjen fersen te ferkeapjen. En se betochten noch in oare manier om de poëzy tichter by de minsken te bringen: de dichterstelefoan Operaesje Fers. Dy dichterstelefoan wie in inisjatyf fan Meindert Bylsma, Geart van der Zwaag en Josse de Haan. It idee om minsken dy't de dichterstelefoan bellen, alle wiken in oar fers hearre te litten, wie berne op in skriuwerswykein te Koartehimmen. F.S. Sixma van Heemstra (de skriuwer Homme Eernstma) oppenearre it idee dêr foar it earst.

Meindert Bylsma skriuwt koart; syn fersen, mar ek syn ferhalen binne koart, faak giet it om in idee dat boartlik, absurdistysk, surrealistysk útwurke wurdt. Ek syn yn 1992 ferskynde roman Fuortsmytballade yn es hat kwealik in yntrige, guon kritisy neame it dan ek earder in rige ferhalen, episoaden.

In wichtich tema yn it wurk fan Bylsma is it ferlern gean fan it fertroude fermidden, fan lânskip, natuer en mienskip. Ut de fersen en ferhalen sprekt gauris begrutsjen mei bern dy't har paad sykje moatte yn in maatskippij dêr't technyk foar master opslacht en it yndividu net bot achte wurdt. Hy wurket dat tema mei fantasij, humor en wurdboarterijen út, op in manier dy't derfoar soarget dat it wol earnstich nommen wurdt, mar dy't it wurk net swier en belearjend meakket. Meindert Bylsma is waarnimmer, hy wurdt ynspirearre troch it sjen fan dingen dêr't er him oer fernuveret, dy't him meinimme of dy’t him emosjoneel reitsje. In weismiten blikje of oar ôfeart makket syn fantasij geande; hy betinkt der in ferhaal efter of omhinne en leit dat fêst yn proaza of poëzy. Tige dúdlik is dat proses te folgjen yn de dichtbondels Oant sjen yn Peasens-Moddergat (1979) en Tekens fan hjoed nei juster (1968), dêr't njonken fersen ek foto's yn opnommen binne. Foar syn yn 1996 ferskynde bondel Dy iene ielreager dy't opwjokket hat de dichter in jier lang alle sneinen op itselde plakje middenmank de natuer sitten en noteard wat er seach en tocht. Dat eksperiment hat in tal bysûnder moaie fersen opsmiten.

Foar de boekewike fan 1997 skreau Bylsma it boekewikegeskink Hotputs en oare kremearkes. Hy skreau dêrta in tal ‘kremearkes’ (dws. krekt mearkes) sa as er dat ek die yn syn bydrage oan de rige Ljochtmoanneboekjes, dy't ferskynden by it 25-jierrich jubileum fan de Koperative Utjowerij yn 1995.

Meindert Bylsma hâldt him as skriuwer dwaande mei in ferskaat oan sjenres: hy wurke mei oan ekspirimintele bondels mei oare dichters en mei oare dissiplines lykas fotografen en tekeners. Fierders levere er in grut tal bydragen oan lês-, sjoch- en dochboeken, spesjale útjeften foar bern.

Oare literêre aktiviteiten
Bylsma wie redakteur fan it literêr tydskrift Sonde fan 1974 oant 1982 en fan kultureel moanneblêd De Strikel fan 1990 oant 1995. Yn dat jier luts de provinsje de subsydzje yn en moast it blêd ophâlde te bestean. As bestjoerslid fan it Skriuwersboun, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum en de stifting it Fryske Boek, wie Meindert Bylsma ek op bestjoerlik en organisatoarysk mêd warber foar de Fryske literatuer. Dêrnêst hat er in sit hân yn de Provinsjale advyskommisje Fryske Literatuer.


Wurk

Proaza
1981: Boartsjendewei. Novelle. (spesjaal nûmer fan it tydskrift Sonde, 8e jiergong nû. 32)
1983: Praat út in hynstekop (ferhalen)
1986: It grom spat alle kanten út (ferhalen)
1992: Fuortsmytballade yn es (roman)
1995: Hotputs en oare kremearkes (Ljochtmoanneboekje nû.7)
1997: Hite Bliksem (Boekewikegeskink nû. 9 – Nije kremearkes)
1998: Shit my mar lek (roman)
2005: Fan flierefluiters en droechstinners (kremearkers)
2007: Yn 't wylde wei
2010: De brêgesitter
2013: Rys mei rezinen, grôt mei krôde (proaza en poëzij)
2015: Allegearre snie (speurdersroman)
2016: En dêr marsjearje ik hinne (novelle)

Dichtwurk
1968: De tévé op it jiskelân
1968: Broadtsje heal-om/Broodje half-om (mei oaren)
1969: Yngreep (mei oaren)
1970: Boartlik boartskipje (mei oaren)
1970: Hipokrisie (mei oaren)
1970: Ynfiltraasje (mei oaren)
1975: Ugh
1979: Oant sjen yn Peasens-Moddergat (mei foto's fan Winfried Walta)
1986: Tekens fan hjoed nei juster (mei foto's fan Winfried Walta en Anny Bylsma)
1988: It spul troch it gat sjen
1996: Dy iene ielreager dy't opwjokket
2001: In faai hinnekommen

Ferskaat
1979: Protest/portret (mei oaren)
1983: Doch-sels I. Karkribelje (toanielstikje mei ferskes foar bern) (mei oaren)
1984: Zangvogels (bondel mei liedsjes foar bern, oersette teksten fan Meindert Bylsma en Baukje Wytsma, gearstald troch Hans ten Have)
1985: Patat spesjaal. (samling fersen, ferhalen, grappen en toanielstikjes foar bern) (mei oaren)
1985: Doch-sels II. In lês-, sjoch-, en dochboek (mei oaren)
1985: Doch-sels III. It geheim fan it Gouden Ljocht (toanielstikjes, berneferskes en spultsjes) (mei oaren)
1987: Sinteklazegedichten (mei oaren)

Mear oer Meindert Bylsma
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh, 26-03-2014
Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
Opnamen by Operaesje Fers

© Tresoar, 06-04-2006