Berne: 25-03-1890, eastermar
FerSTOARN: 13-11-1918, LJOUWERT

Libben en wurk

Meint Hylkes Bottema (skreau ûnder it pseudonym Marten Baersma) waard berne yn Eastermar as soan fan in bakker. Dêr, yn dat doarp tusken twa marren, groeide er op. Nei syn skoalletiid waard er timmerfeint, troch selsstúdzje wurke er him op ta boukundich tekener en opsichter. Yn de mobilisaasje fan 1914-1918 lei er in skoft as ordonnâns-fytser mei de fjirde divisy fan it fjildleger yn Noardbrabân. Doe’t syn tsjinsttid derop siet, yn 1917,  krige er yn Ljouwert in beneaming as boukundich tekener. In jier letter, op 13 novimber 1918, kaam er dêr te ferstjerren oan de Spaanske gryp.

Njonken syn ynteresse yn de boukeunst wie Meint Bottema ek ynteressearre yn literatuer. As jonge skreau er deiboeken en koarte sketsen. Yn syn mobilisaasjetiid skreau er in tal ferhalen, dy’t er ûnder skûlnamme, Marten Baersma, opstjoerde nei Douwe Kalma. Mei dy skûlnamme soe er letter al syn publikaasjes ûndertekenje en bekend wurde. Douwe Kalma wie tige te sprekken oer it wurk fan Marten Baersma en der ûnstie in freonskip tusken de beide mannen. Yn ’e mande mei E.B. Folkertsma en R.P. Sybesma rjochten se yn 1915 de Jongfryske Mienskip op. De Jongfryske Mienskip, ynspirearre troch Douwe Kalma, sette har ôf tsjin de Fryske literatuer oant dan ta. It biedwurd wie: Fryslân en de wrâld, de literatuer moast net langer nei binnen ta keard wêze, mar de finsters moasten iepen. Kalma pleite foar persoanlike keunst fan heech nivo. It wurk fan Marten Baersma foldie neffens Kalma oan de kritearia dy’t hy stelde. Neffens oaren hat Kalma te heech by it wurk fan Baersma opsjoen, en hat er de belofte, dy’t er wis yn him hie, troch syn betide dea net wiermeitsje kinnen.

Syn bekendste wurk, de novelle De jonge fan de Marsheide (1916), skreau er tidens syn mobilisaasjetiid yn Brabân. De Jongfryske keunstner gie út fan de moaiens, de ‘skientme’ fan de beskriuwing, neffens de opfetting fan it ympresjonisme. ‘Keunst is de skientme dy’t fan minsken skepen wurdt,’ sei Kalma (Wy roppe de libbenen I, 1938). Benammen de natuerbeskriuwingen fan Marten Baersma kinne yn dat ljocht besjoen wurde. Hy skreau syn ferhalen yn it dekor fan it lânskip om Eastermar hinne, yn dat heide- en wetterlân hat er syn ynspiraasje fûn en literêr ferwurde. Syn haadpersoanen ûndergeane de rêst fan de natuer mar hawwe tagelyk in ûnrêst yn har, inselde tsjinstridichheid fielde ek de skriuwer sels. Yn in brief fan 2 septimber 1915 skreau er oan Douwe Kalma: ‘As ik thús bin, libje ‘k moaie skoftsjes troch, tiden hweryn myn tinzen in diel is fen de harmonije om my hinne, - mar yn sokke tiden den wirdt it langstme sa sterk, sa swier, - den kin ik it net hâlde en wirdt den fuortdreaun om to siikjen nei de moaite en harmonije, dy’t moaijer noch den om my hinne, foar myn eagen glânzge...’.

Njonken De jonge fan de Marsheide hat Marten Baersma noch twa langere ferhalen skreaun, Jelmers jonge libben en De jongste. Hy hat allinne de útjefte fan syn earste boek sels meimakke, de beide oaren binne postúm ferskynd. Se binne opnaam yn de sammelbondel De ljochte kimen, dy’t yn 1925 útbrocht is as earbetoan oan de jong ferstoarne skriuwer. Douwe Kalma hie de redaksje fan de útjefte en skreau ek de wiidweidige ynlieding dy’t yn it boek opnaam is. Yn De ljochte kimen steane ek brieven fan Bottema en parten út syn deiboeken.
De jonge fan de Marsheide is yn 1991 troch Utjouwerij Fryslân opnij útbrocht.

Bibliografy
1918: De jonge fan de Marsheide
1925: De ljochte kimen (sammelbondel, ûnder einredaksje fan Douwe Kalma,  postume útjefte)

@Tresoar, bywurke 17-02-2016