Berne: 15-08-1916, Langedreeër (D)
FerSTOARN: 17-11-1984, Formearum

Libben en wurk

Auck de Boer waard op 15 augustus 1916 berne yn it Dútske Langedreeër (letter opslokt troch Bochum), mar om’t har âlden al ridlik gau wer nei Fryslân rekken, hat se har bernejierren hjir trochbrocht. Op ferskate plakken: Reduzum, Hoptille, Tersoal, Baensterbuorren en Dearsum. Dêrnei wie se ek net botte hiemfêst.

Se gong yn Ljouwert nei de kweek (dy’t se net ôfmakke), waard tsjinstfaam, wurke as naaister (‘skroar’) en learling-ferpleechster en slagge nei de oarloch nei Amsterdam dêr’t se in oplieding folge ta foardrachtskeunstneresse. Werom yn Fryslân smiet se har op it foardragen fan Fryske poëzy en fêstige se har namme as deklamatrise op Fryske bewegingsdagen, gearkomsten fan it Frysk keunstnersbûn en oare feestlike gelegenheden.

Yn 1948 stiek se op eigen jildlik risiko de Grutte Dobbe oer en hâlde se foardrachten foar Fryske emigranten yn Michigan, Iowa en Súd-Dakota. Om’t se der net fan bestean koe, wurke se in part fan de tiid yn de húshâlding. Sa bleau sân moanne in de FS. De winters dêrop fertelde se yn alderlei Fryske fermiddens oer har reis, dy’t yn 1950 in ferfolch krige mei optredens yn ûnder oare Kalifornië en Kanada. Doe’t hjir noch gjin telefyzje te bekennen wie, wie se yn San Francisco al op telefyzje te sjen yn âld-Frysk kostúm. Se fertelde oer it heitelân en liet wikkels sjen fan boerebûter: ‘Want ik fernaam dat it publyk der niget oan hie en dan fynt man wat út. Ik koe al slim begjinne te tapdûnsjen.’

Yn 1951 kaam der in ein oan har reizgjende libben. Deis nei Krysttiid troude se mei de sjoernalist Jo Smit fan Skylge, dy’t doe krekt beneamd wie as haad fan de Regionale Omrop Noard. It pear sette him nei wenjen yn Ljouwert en krige trije dochters.

Tematyk en resepsje
Mei op oantrún fan Jo, dy’t de Fryske literatuer ferrike mei faak fantastyske ferhalen, lei Auck har ek ta op it skriuwen fan koarte ferhalen, dy’t se yn De Tsjerne publisearre ûnder it pseudonym Louise Kingma (har beppe wie in Kingma). Foar it wykblêd Frysk en Frij ynterviewde se bekende Friezinnen. Foar dy petearen brûkte se ek in skûlnamme: Reinou. Dat diene wol mear skriuwsters yn dy dagen.

Earst folle letter, doe’t se yn Hilversum wennen dêr’t Jo Smit direkteur fan de VARA-radio wie, kaam se mei har eigen namme foar it ljocht. Yn 1969 ferskynde har roman Hwer komst wei? oer in jong frommis dat as húshâldster by in haad fan de skoalle op in Frysk doarp bedarret en kenlik in ferline meidraacht dat elkenien yn ûnstjoer bringt. Troch har ûnderstelde skuld komme de ferhâldingen yn it doarp op skerp te stean.Pommeranten sakje troch de koer, it haad fan de skoalle blykt in ûnselsstannich man mei lange teannen te wêzen. ‘M.S.’ (wierskynlik Marten Sikkema [1]) seach ‘in tige lêsber boek’ dêr’t net sûnder humor in oantal personaazjes as ‘libbene figueren’ delset wurde. Hy fûn it ek ‘in yntelligint boek dat yntelliginte lêzers freget’ fan in skriuwster dy’t ‘sjen lit dat hja skriuwe kin’.

Har gastfrij fakânsjehûs op Skylge, de pleats De Sedtsys te Formearum, waard nei Jo syn pensjonearring har fêst wenstee. Beiden wiene spitsen op it mêd fan humor en anekdoatyske fertelkeunst; Jo wie noch net útferteld of Auck naam it stokje oer.
Op 17 novimber 1984 is se ferstoarn, noch mar 68 jier âld. Jo hat har sân jier oerlibbe. Hy stoar op 30 april 1991 en is 75 wurden. Beiden lizze begroeven op it tsjerkhôf fan Midslân – syn bertedoarp. Syn lêste jierren hie er wijd oan it beskriuwen fan it ‘Meslânzer’ dialekt.

(Dizze tekst is foar it grutste part oernommen út in column fan Pieter de Groot. Mei tank oan Pieter de Groot [2]).

Boarnen foar dit stik
[1] Leeuwarder Courant, 11-10-1969
[2] Leeuwarder Courant, 02-09-2016 (Dwers fan Pieter de Groot)

Bibliografy

Roman
1969: Hwer komst wei?

Mear ynformaasje oer Auck de Boer
Sjoch ek de biografysk skets fan Jo Smit

© Tresoar, 02-11-2016