Berne: 11-03-1951, Parregea

 

Eize de Boer groeide op yn Snits. Hy begûn as automonteur, in berop dat er nei fyftjin jier ynwiksele foar in bestean as ferslachjouwer. Troch de rubryk Lyrische Courant yn de LC begûn er kreatyf te skriuwen, earst ûnder it pseudonym Woldt Oysche, letter ûnder eigen namme. Underwilens publisearre er teksten yn it Friesch Dagblad en Frysk en Frij, dêr't er de fêste rubryk Waarnimmer yn fersoarge. Fierder wurke er fan 1991 oant 2013 mei oan streekblêd Actief. Hjirfoar skreau er alle wiken in 'Actiefers' dat oanslute by de aktualiteit. Yn de jublileumjiergong fan 1989 levere er in ferfolchferhaal yn 52 dielen ôf ûnder de titel It jier yn 't rûn mei Middelman.

Syn earste roman Op 'e flecht kaam út yn 1989. Yn dit boek is in man op syk nei syn fakânsjeleafde, mar dat giet him net maklik ôf. Jelle van der Meulen [1] lies in net al te spannende roman, al tocht er wol dat de ynhâld jongeren oansprekke koe en seach er debút mei mooglikheden. Jan Wybinga [2] seach it boek mear as in bondel losse ferhalen, dêr't er krekt fan betwifele oft it, sa't op de achterkant te lêzen falt, werkilk yn 'e smaak falle soe by in jonger publyk.

Nei fjouwer jier ferskynde Hoe kinst dat no rymje, in bondel mei rymadvizen. De bondel It sicht is withoefier en it eachweid grut (1999) waard posityf ûntfongen. De bondel befettet fersen yn sonnetfoarm oer Fryske doarpen mei dêrby foto's fan Frans Andringa. Benammen de bydragen oer Swichum, Foudgum en Bartlehiem sprutsen Jelle van der Meulen [3] oan. Ek hie er kompliminten foar de fersoarge útjefte. Yn 2018 waard syn twadde roman Monkeys dilemma publisearre. Ek yn dit boek sit de haadpersoan oanklaud mei himsels, hy fielt him gauris minderweardich en wit bytiden net wêr't er sykje moat.

Boarnen foar dit artikel
[1] Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite
[2] Jan Wybinga, LC 02-06-1989
[3] Jelle van der Meulen, Friese-literatuursite

Bibliografy

Romans
1989: Op 'e flecht
2018: Monkeys dilemma

Poëzy
1999: It sicht is withoefier en 't eachweid grut

Ferskaat

1993: Hoe kinst dat no rymje

©Tresoar, 18-08-2018