Berne: 19-01-1980, Wiuwert

Libben en wurk

Hidde Boersma is berne yn Wiuwert. Hy folge de Universiteit foar Humanistyk yn Utert en wurket as skriuwer, en pakt dêrneist alles oan wat er nedich hat om troch de tiid te kommen.

Skriuwerij

Hidde Boersma sjocht syn skriuwen as it massearjen fan de geast; de geast befrije fan dogmatyske blokkades (en dat sûnder earnstich te wurden), de blokkades derút laitsje. Fierder sprekke, sa’t er sels seit, frijbuiterij, mystyk, humor, kloaterichheid, eroatyske spanning, leafde, de duvel, fenomenology en doedeïsme in rol yn syn libben.

Boersma debutearre yn 2000 yn Hjir mei fjouwer gedichten.

Foar de keunstroute 2002 fan Ljouwert skreau er in gedicht oer Pim Fortuyn, dat op in planke skildere waard; dy planke is stellen. De Volkskrant skreau yn 2007 oer de persoan Boersma (n.o.f. it ferskinen fan syn gedichten yn Dream yn blauwe reinjas): ‘[Hij is] de uitvinder van het Doedeïsme, de zeer belangrijke stroming die in de Lente van 2007 hier en nu is opgericht met als doel van iedereen een Doede te maken (Rustig lezen, met kleine slokjes, vergeet vooral niet te genieten).’

Yn 2008 ferskynde Boersma syn debútbondel De rop om Doede.

Yn it besprek yn de Leeuwarder Courant wurdt syn poëzy praatpoëzy neamd ‘mei skerpe observaasjes, relativearring en iroany.’ (29-02-2008). Yn it Friesch Dagblad: ‘Syn kosmysk fielen kin tegearre mei syn ôfkear fan sweverige taal noch ynteressante poëzy opsmite.’ (11-10-2008). Fierders publisearre Hidde Boersma yn De Moanne, Farsk en op de Amerikaanske ynternetside The Dudespaper, ûnderdiel fan www.dudeism.com.

Yn ferskate blomlêzings, lykas Dream yn blauwe reinjas, Het goud op de weg, Spiegel van de Friese poëzie, Myn hert dat trillet my en ek de Meulenhoff poëziescheurkalender fan 2006, binne gedichten fan him te finen (wol altyd deselde twa: Habibi en De rop om Doede).

Boersma skreau ek koarte ferhalen, dy’t fan 2005 ôf geregeld ferskynden op Farsk en Ensafh. Se waarden yn 2010 bondele yn Fol túch de mist yn. De personaazjes út de ferhalen nimme it libben sa't it komt en genietsje fan it goede dat har tafalt.

Inselde libbenshâlding sprekt út Boersma syn roman De gewoanste man. Haadfiguer Ale makket him nergens drok om en is gelokkich mei wat er hat. Yn in artikel yn Trouw (7-10-2011) oer it 'dudeïsme', dêr't Boersma ek oan it wurd komt, wurdt dy libbenswize omskreaun as 'zorgeloos nietsdoen' en yn ferbân brocht mei it âld-sineeske taoïsme, dat ûnder oare ynhâldt dat de minske him foegje moat nei it libben en de dingen gebeure litte moat sa't se gebeure.

Bibliografy

Poëzij

2008: De rop om Doede

Proaza

2010: Fol túch de mist yn
2011: De gewoanste man

Nominaasjes

2012: Rink van der Veldepriis, De gewoanste man
2012: Shortlist Fedde Schurerpriis, Fol túch de mist yn


Mear oer de skriuwer en syn wurk

Karen Bies yn De Moanne 2010 nr. 6
Ynspiraasje en ynhâld, Skriuwersbounwykein 2011 Ferslaggen
Marije van Beek, Uitblinken in nietszeggendheid dankzij The Big Lebowski, Trouw 7-10-2011

(c) Tresoar, 2011