Berne: 7-3-1907, Nyegea
FerSTOARN: 9-6-1943, Leens

Libben en wurk

Yke Reinders Boarnstra, berne op 7 maart 1907 te Nyegea (Sm.) as iennichste soan fan Reinder Eeltsjes Boonstra en Wytske Ykes Bergsma, brocht syn jonge jierren troch yn Suwâld. Syn heit ferstoar doe’t hy in lyts jonkje wie, syn mem gyng doe werom nei Suwâld dêr’t har âlden noch wennen. Yke hat syn bernejierren trochbrocht yn it hûs fan pake en beppe.

Hy folge de MULO yn Burgum. Dêrnei kaam er yn Zuidwolde yn de provinsje Grinslân te wenjen, dêr’t syn mem in nij libben opboud hie. Yke liet him yn 1921 as studint oan de kristlike kweekskoalle yn de stêd Grins ynskriuwe. Syn swakke sûnens behinderen in flotte stúdzje, it duorre oant 1927 eart er it ûnderwizersdiploma helle. Dêrnei studearre er Dútske taal- en letterkunde. Om de taal better yn ’e macht te krijen, sette er him in tydlang nei wenjen yn it Dútske Bieleveld. Hy helle de akte MO-A yn 1931 en MO-B yn 1936.
Sûnt 1931 wurke er as learaar Dútsk, earst oan de Middelbere Lânbouskoalle en letter oan it Willem Lodewijk-gymnasium, beide yn de stêd Grins. Nettsjinsteande it feit dat er faak siik wie, hat er dochs tolve jier foar de klas stien. Yn 1939 moast er der in jier tuskenút foar in rêstkuer yn Davos. Boarnstra hie tuberculose (tbc), in sykte dêr’t er yn 1943, hy wie doe 36 jier, oan ferstoar.
Yke Boarnstra wie lange jierren aktyf yn de Fryske beweging, hy wie samler foar de Fryske Bibleteek en die mei oan de organisaasje fan tal fan stúdzje- en kolportaazjekampen. Boarnstra hie in soad kunde en freonen ûnder Fryske skriuwers en dichters, lykas Douwe A. Tamminga, Ype Poortinga en Eeltsje B. Folkertsma.
Sels hat Yke Boarnstra as skriuwer en dichter net in grut oeuvre efter litten. In stikmannich fan syn fersen ferskynden yn Fryske tydskriften. Syn meast bekende fers ‘Broken melody’, ferskynde yn 1935 yn it Frysk Studinte Almanak. Hy moat doe’t er it skreau, yn 1934, al in foargefoel hân hawwe fan syn betide dea.
It samle wurk fan Boarnstra, gedichten en skôgings, binne yn 1945 útjûn yn de bondel Waeksen ark. Samler D.A. Tamminga skreau yn syn ynlieding dat de krityske wize wêrop’t Boarnstra nei syn eigen wurk seach, him fakentiden fan publikaasje ôfhold. Like kritysk wie er oer it wurk fan oaren, hy skreau ûnder oaren skôgings oer de poëzy fan Gysbert Japicx en Fedde Schurer. Folksdichter Pyt van der Burg wie syn ‘ûntdekking’.
Boarnstra wie tige belêzen, hy bewûndere dichters as Rilke en Emily Dickinson. Dêrnjonken wie er ûntfanklik foar de tsjinstelling tusken it puntich-ferstanlike en it tear-gefoelige sa as dat foarkomt yn de saneamde copla’s, Spaanske folkspoëzy. Sels hat er gedichten makke yn neifolging fan de Spaanske copla’s: ûnder de titels ‘Copla’s’ en ‘Copla’s oer de ûndergong fen it Fryske folk’ binne se opnommen yn Waeksen ark.  

Wurk
1945: Waeksen ark (sammelbondel poëzy en skôgings)

Tresoar, 29-5-2008