Berne: 15-03-1944, Snits

Libben en wurk

Pier Boorsma is op 15 maart 1944 berne te Snits. Doe't er njoggen jier wie, ferfear er nei Ljouwert. Hy fielde him net thús yn 'e stêd, op syn tweintichste gyng er nei Amsterdam om dêr psychology te studearjen. Neidat er syn kandidaats helle hie gyng er fierder mei de stúdzje filosofy. Dy stúdzje hat er net ôfmakke, hy krige wurk as psychologysk assistent en skoalbegelieder by it leger beropsûnderwiis.

Dat wurk har er tolve jier dien, hy moast der mei ophâlde neidat in eksperimint mei de drug LSD syn wrâld letterlik op de kop sette. In jier letter gyng er werom nei it Noarden en kaam yn Grins te wenjen. Dêr fûn er syn rêst werom en sette er útein mei de stúdzje Frysk.

Dichter
De earste publikaasjes fan Pier Boorsma ferskynden yn it literêr tydskrift Hjir en yn it Amsterdamske tydskrift De Begane Grond.
Pier Boorsma debutearre yn boekfoarm yn 1971 mei De neidagen fan in keamerhear. De útjefte, mei fersen fan Boorsma en foto's fan Pieter Doele, waard útjûn as spesjaal nûmer fan it tydskrift Sonde dêr't Pier Boorsma doe redakteur fan wie. De bondel waard yn 1978 folge troch Under frjemde wetten. Krekt yn 2005 kaam der in tredde bondel fan syn hân, mei de titel: Net allinne genôch. Boorsma is net in dichter mei in sterke ynderlike 'driuw', dy't altyd skriuwe moat. Syn bondels binne tin, it tal fersen is beheind. De trije bondels slute kwa ynhâld en tematyk op elkoar oan. It sterkst is dat it gefal by de earste beide bondels, werfan't de twadde Under frjemde wetten in útwreiding en fuortsetting is fan De neidagen fan in keamerhear. Sintraal stiet it net thúsfielen fan de dichter yn de wrâld, de erfaring fan it him 'ûnder frjemde wetten' ûnderwurpen fiele. De fersen yn net allinne genôch passe tematysk by de eardere bondels. Abe de Vries neamt it yn syn besprek fan de bondel 'In mankelike, útdrukkelik filosofyske poëzy dy't sirkelet om de tema's fan tiid en dea hinne, dat is wat Boorsma yn syn tredde publikaasje yn boekfoarm bringt, en dêrmei knopet er wat tematyk oanbelanget fierhinne oan by syn eardere wurk' (Literêr ynternet tydskrift Farsk, 2005). Yn datselde besprek wiist De Vries op de ynfloed dy't yn it wurk fan Boorsma te merkbiten is fan de poëzy fan Obe Postma. De fersen yn net allinne genôch binne skreaun yn in sobere, ienfâldige taal, sûnder ynterpunksje. Yn alle trije bondels fan Boorsma steane ek minder slagge fersen, mar se wurde troch de kritisy priizge om har kwaliteit.

Oare literêre aktiviteiten
Pier Boorsma wie al yn syn Amsterdamske tiid aktyf yn 'it Frysk Literêr sirkwy'. Yn 1967 wie hy ien fan de organisatoaren fan it poëzyfestifal yn Ljouwert. Yn 'e mande mei Johan Frieswijk en Pieter J. de Groot rjochte Boorsma it Frysk literêr tydskrift Sonde op, dêr't er fan 1969 oant 1981 fan yn de redaksje sitten hat. Fierders wie er redakteur fan de dichterstelefoan 'Operaesje Fers'. Hy hat as dielnimmer meidien oan Poetry International yn Rotterdam (1973) en yn 1981 oan it Europeesk Poëzy Festival yn Leuven.
Boorsma wie inisjatyfnimmer foar de útjefte fan de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Tegearre mei Teake Oppewal wie hy ferantwurdlik foar de gearstalling fan de monumintale, twatalige, útjefte, dy't in oersjoch jout fan de Fryske poëzy troch de tiden hinne.
Boorsma hat as dichter fiif kear in Rely Jorritsma-priis wûn, ek it wykblêd Vrij Nederland  hat wurk fan him bekroane (1973).
Sûnt 2001 is Pier Boorsma resinsint poëzy by it Friesch Dagblad.

List fan belangrykste wurk

Poëzy
1971: De neidagen fan in keamerhear
1978: Under frjemde wetten
2005: Net allinne genôch

Ferskaat
1994: Spiegel van de Friese poëzie (gearstaller, mei Teake Oppewal)

Prizen

Rely Jorritsmapriis
1965: foar it fers Diaspora
1976: foar it fers Lizzend op it strân
1980: foar it fers Lêste simmer
1981: foar it fers D'âld man
1983: foar it fers Sels-portret

Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Pier Boorsma
a. Op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen
b. Op Ensafh. troch Hedwig Terpstra, 22-06-2012

Tresoar, 23-02-2006