Berne: 16-08-1948, Raerd (B)

Libben en wurk

Sjoerd Bottema is op 16 augustus 1948 berne te Raerd. Ofsjoen fan syn stúdzjejierren oan de Grinzer universiteit hat er syn hiele libben op it plattelân wenne. Bottema wurket yn Ljouwert as learaar Nederlânsk en Frysk.

Skriuwer
Hoewol't Sjoerd Bottema al jong mei skriuwen begûn, hat er him as skriuwer op lettere leeftyd ûntjûn. It wie nei syn fjirtichste doe't er yn 1991 in Rely Jorritsmapriis krige foar it ferhaal 'Nachtsuster Linda'. Yn 1992 en 1993 waard er opnij foar in ferhaal beleanne mei in Rely Jorritsmapriis. Yn de bondels mei ferhalen foar jongerein Broei (1991) en It Nachtboek (1991) waarden foar it earst ferhalen fan syn hân publisearre. Fierders skreau er in ferhaal foar de misdiedbondel Knyflok en reidmannen (1994).

Hy debutearre yn boekfoarm yn 1995 mei It fertriet fan dokter Kildare. Ferhalen út Westerwierrum. Jan Jongsma neamt it boek yn syn besprek yn it Friesch Dagblad (08-04-1995) in krusing tusken in roman en in ferhalebondel. It befettet fiif ferhalen dy't ûnderling net los fan elkoar sjoen wurde kinne. De haadfiguer, Romke Kylstra, komt yn alle ferhalen foar, mar omdat de rol fan de byfigueren grut is, kin der dochs net sprutsen wurde fan in roman yn de wiere betsjutting fan it wurd. Ek de útwurking fan de ferhalen is in miks fan in tradisjonele ynhâld yn kombinaasje mei foarmeksperiminten.
'Benammen it lêste ferhaal 'Roeken en dowen', hat de funksje om, krekt as by in puzel, de ûntbrekkende parten fan de eardere fjouwer ferhalen oan te foljen. De lêzer kriget alteast it idee dat er, nei it fiifde ferhaal lêzen te hawwen, de stikken aardich yninoar passe kin. Mar foar in part is dat skyn, want net om 'e nocht hat Bottema it boek in sitaat út 'Dichtertje' fan Nescio meijûn: 'Ja, God laat de gedachten van een mensch raar dolen en er komen vreemde passages voor in zo'n gedicht zonder eind.' Wat sjoen wurde moat as de fantasyen en de eangstdreamen fan Romke Kylstra en wat trochgean moat foar wat him werklik wjerfart as er yn it sikehûs leit, is oan 'e ein fan it boek net altyd like dúdlik mear. It boek kriget dan wat surrealistys, krekt as de films fan Luis Buñuel, dy't yn it boek te praat komme.'
(Sitaat út it besprek fan Jelle Krol, Leeuwarder Courant 17-03-1995).

It earste ferhaal yn it boek 'Nachtsuster Linda', is in fierdere útwurking fan it ferhaal mei deselde titel dêr't er yn 1991 de Rely Jorritsmapriis foar krige.

It eksperimintearjen mei foarm en ynhâld is typearjend foar it wurk fan Sjoerd Bottema. Syn twadde bondel Neaken as in ierdbei is wat ynhâld oanbelanget tradisjoneel, kwa foarm eksperiminteel. De persoanaazjes yn de beide ferhalen fan de bondel wenje op it plattelân, komme út in boerefermidden en wrakselje mei de moderne tiid. Syn personaazjes binne gjin sterke figueren, mar gewoane, lytse minsken waans libben har tusken dream en died ôfspilet. Jelle Krol yn syn besprek fan de bondel (Leeuwarder Courant, 13-11-1998) ferwurde dat sa:
'Yn Neaken as in ierdbei lit Bottema de lêzer op ûnderskate manieren nei de werklikheid sjen: de iene kear is dy 'sa neaken as in ierdbei', de oare kear kamûflearre, om't der út in folslein oar perspektyf wei nei sjoen wurdt'.

Wer in hiel oar literêr paad sloech Bottema yn mei syn tredde boek, It aai fan Siderius : In ynspekteur Hofstra mystearje, dat yn 2001 útkaam. It boek is in thriller mei parodyeftige eleminten. It giet yn it boek net allinnich om wa't de moard dien hat, mar folle mear om it wêrom. De karakters fan de haadpersoanen krije rom omtinken, wyltst ek de humor net ûntbrekt. Bottema waard yn de besprekken fan syn boek priizge foar de styl en syn taal-gebrûk.

Syn fjirde publikaasje yn boekfoarm, De stien, is ûnstien yn oparbeidzjen mei dichteres en skriuwster Baukje Wytsma. It boekje, yn de foarm fan in brieveroman, is útjûn as boekewikegeskink 2006. De oerienkomst mei it foarige wurk fan Bottema is dat de haadpersoan in traumatyske erfaring út syn jeugd meinimt nei it no. Skuldgefoelens oer wat doe bard is, beskiede mei syn hanneljen letter. Dêrfoaroer stiet it paradyslik byld fan de bernejierren en it stribjen nei harmony dat in skaaimerk is fan it wurk fan Baukje Wytsma.

Toaniel
Toanielspylje hat Sjoerd Bottema al hast syn hiele libben dien. Hy spilet op amateurnivo, al ferskate kearen hat er in rol hân yn it iepenloftspul fan Jorwert.

Wurk

Proaza
1994: It fertriet fan dokter Kildare
1998: Neaken as in ierdbei
2001: It aai fan Siderius : In ynspekteur Hofstra mystearje
2006: De stien (mei Baukje Wytsma, boekewikegeskink)
2009: It piipjen fan de proai

Toaniel
2002: Lucky Luke (nei ferhalen fan Morris & Goscinny, Berne-iepenloftspul Easterwierrum)
2008: It swurd út de stien (bewurking en fertaling fan 'De lessen van Merlijn', Berne-iepenloftspul, Easterwierrum)

Prizen
Rely Jorritsmapriis foar ferhalen
1991: foar Nachtsuster Linda en it fertriet fan dokter Kildare
1992: foar White Christmas
1993: foar It tredde ferhaal

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen Friese literatuursite

Tresoar, 04-05-2006