Berne: 21-1-1959, Bartlehiem

Libben en wurk

Machiel Braaksma is berne yn Bartlehiem. Hy hat fan 1975 oant 1979 de MTS Schildersschool yn Zwolle folge. Dêrnei oant 1984 de Kunstacademie CABK te Kampen en yn 1984 de Accademia di Belle Arti di Brera yn Milaan. Machiel Braaksma is wurksum as byldzjend keunster, skriuwer en dekorateur.

Byldzjende keunst en skriuwerij

Byldzjend keunster Machiel Braaksma makket fan plestik foarken, leppels, messen, doppen, skroefkes, reidsjes, ensfh. prachtige bisten dy’t er û.o. brûkt as yllustraasjes yn syn berneboeken. Sa komme de feardichheden fan de byldzjend keunstner en de skriuwer byinoar.

Yn 2006 ferskynde syn earste (berne-)boek Oeral binne bisten!, yn 2007 folge troch Moaie ferhalen. Oer it earste boek: ‘…De collageachtige verhaaltjes geven de beesten een nog grotere identiteit en zijn al evenzeer doorspekt met associaties. Het boek, dat met de geboorte van een beest begint en eindigt met het Wilhelmus, biedt een interessante kijk op het geheime leven van de ogenschijnlijk levenloze dingen.’ (de Bildtse Post 4 -10-2006)

Bibliografy
2006: Oeral binne bisten!
2007: Moaie ferhalen
2015: Harrekrammele

(Literêre) prizen
2007: Nominaasje list fan White Ravens, Internationale Jugend Bibliotjek, München
2007: Nominaasje IBBY honour list International Board on Books for Young people, Kopenhagen
2007: Winner ‘Kunstenaarsprijs’, Ljouwert (Bydzjende keunst)
2007: Winner Ûntwerp/útfiering JOP Jonge Ondernemers Prijs (Byldzjende keunst)
2008: Utferkiezing IBBY honour list, Kopenhagen

Webside
www.machielbraaksma.nl