Berne: 29-9-1947, Snits

Libben en wurk

Wilco Berga is berne yn Snits, yn dat plak hat er ek syn jeugd trochbrocht. Doe’t er nei de middelbere skoalle gong, mids jierren sechtich, rekke er yn de besnijing fan de ideeën fan de ‘protestgeneraasje’ dy’t doe opgong makken.

Uteinlik fûn er syn bestimming yn de keunst en studearre er yn 1972 ôf oan de academie Minerva te Grins.
Berga rjochte him de earste jierren nei syn ôfstudearjen alhiel op it skilderjen, mei skriuwen begûn er pas yn 1983. Yn de jazz fan muzikanten as Charles Mingus, John Coltrane en Ben Webster werkende Wilco Berga wat fan syn eigen opstannigens. Spoaren dêrfan binne werom te finen yn de ritmyk fan syn gedichten. Unrêst en it sykjen fan aventoer binne de konstanten yn syn libben. Skilderjen, reizgjen en it bouwen en ferbouwen fan huzen binne de saken dy’t er it leafst docht.

Skriuwer
Yn in perioade doe’t er as skilder om syn foarm socht, bea it skriuwen him in útwei. Hy begûn yn it Hollânsk, mar gyng al gau oer op it Frysk om’t er mei dy taal tichter by himsels bliuwe koe. It lânskip fan Noardwest Fryslân dêr’t Berga wennet, tichtby it wetter en de ôfslút-dyk, is foar in belangryk part beskiedend foar de sfear yn syn wurk. Wilco Berga skriuwt it leafst poëzy, yn it earstoan wiene dat gedichten dy’t in ferhaal fertelle, mar nei ferrin fan tiid waarden syn fersen poëtysker en assosjativer. Poëzy is foar Berga de basis fan syn skriuwersskip. Syn byldzjend fermogen is sterk yn syn dichtbondels, syn proaza befettet sterk poëtyske eleminten.
Yn opdracht fan it Anjerfûns makke er in bondel mei gouaches en gedichten. Sa ûnstie yn 1990 syn opmerklike debuut yn boekfoarm, de twatalige bondel Reiger, vis en man/Reager, fisk en man. Foar syn proaza-debuut, de novelle Hauk en Hazze dy’t yn de neisimmer fan 1993 ferskynde, waard er yn 1996 beleanne mei de provinsjale priis foar debutanten, de Fedde Schurer-priis. De wat geheimsinnige sfear dy’t er oprôp yn Hauk en Hazze is ek werom te finen yn de roman De swannen fan Lorenz, dy’t ein 1997 útkaam. De persoanen yn de ferhalen fan Berga libje sterker mei lânskip en natuer as by de measte minsken hjoed de dei it gefal is. Foar de alhiel Hollânsktalige bondel Gedichten en alles wat meegaat (1992) krige er de twadde priis fan de stichting ‘Lift’ yn de kriich om de Nationale Debuutprijs 1992. Syn earste hielendal Frysktalige bondel wie in jier earder ferskynd ûnder de titel Fan dit lân in fresco. Ien fan de sintrale tema’s yn it literêre wurk fan Wilco Berga is it probleem fan de ienling dy’t wol besiket, mar der net yn slagget om in lykweardige relaasje mei oaren oan te gean. De hertstocht, agresje, ôfgeunst en wraak dy’t in rol spylje yn it libben fan syn haadpersoanen soargje der foar dat se ienling bliuwe. Ek yn de yn 1999 ferskynde roman It krantefamke en yn de roman Eilândochters (2004) spilet it probleem tusken persoanlike ynfloed en tafal in rol. De twatalige dichtbondel De fjilden foarby / Voorbij de velden, yllustrearre mei lino’s fan Berga sels, kaam út yn 2006.

Toaniel en lietteksten
Njonken poëzy en proaza is Wilco Berga ek aktyf as toanielskriuwer. Hy hat sawol Frysk- as Hollânsktalige stikken skreaun, dy’t ûnder oaren opfierd binne troch it Frysktalich beropsselskip Tryater. Foar de de Frysktalige rockopera Gysbert Gysbert, dy’t it libben fan de Fryske dichter Gysbert Japicks (1603-1666) as ûnderwerp hat, hat Berga it libretto skreaun. De opera is yn septimber 2003 6 kear opfierd. Datselde hat Berga dien foar de folksopera oer Bonifatius dy’t yn juny 2004 2 x yn Dokkum opfierd is. Yn gearwurking mei sjonger Ernst Langhout hat Berga de teksten makke foar it lietteprogramma Sjonger en Dichter, dat ek op cd útkommen is (1998). Foar sjonger Douwe Heeringa hat er chansonteksten fan Jacques Brel oerset foar it teaterprogramme ‘Brel, in Fries’, dêr’t Heeringa de poadia mei ôfreizge hat.
Gedichten van Wilco Berga binne opnaam yn de Spiegel van de Friese poëzie. Yn de bondel Fries stamboek / 500 jaar proza uit Friesland stiet in fragmint út de roman Hauk en Hazze yn in oersetting fan Berga sels. It jubileumboek fan de Unie van Waterschappen, Langs het waterkorte verhalen van Nederlandse schrijvers befettet in Frysk ferhaal, mei Nederlânske oersetting, fan Wilco Berga.

List fan belangrykste wurk

Poëzy

1990: Reiger, vis en man / Reager, fisk en man (twatalige dichtbondel)
1991: Fan dit lân in fresko
1992: Gedichten en alles wat meegaat
1996: De flamingo’s fan earder
2000: Eilânliet / Eilandlied (Frysktalige dichtbondel mei Nederlânske oersetting)
2006: De fjilden foarby / Voorbij de velden
2010: Harnzer tijgedichten / Harlinger getijdegedichten
2014: Allinne en yn koar / Alleen en in koor

Romans
1993: Hauk en Hazze
1997: De swannen fan Lorenz
1999: It Krantefanke
2002: It Portret
2004: Eilândochters (2e pr. yn 2010)
2008: It smoarge bestean

Ferhalen
2011: Dat it streamt

Toaniel
1983: Kening (ienakter)
1985: Side (jûnfoljend stik)
1988: Fijn zand (Hollânsktalige toanielmonolooch)
1992: Berchbewenners (jûnfoljend stik)
1996: Pikmar boulevard (ien fan de 10 sênes út Hertejacht skreaun troch ferskate skriuwers)

Ferskaat
1997: Reispapieren, autobiografisch verslag van 14 jaar literair en beeldend werk
1998: Sjonger en Dichter (cd, Frysk- en Nederlânsktalige lietteksten, muzyk Ernst Langhout)
2003: Libretto foar rockopera Gysbert Gysbert (foar rockgroep Reboelje)
2003: Mingd bedriuw / Gemengd bedrijf  (mei Anne Feddema, Bartle Laverman, Reinder R. van der Leest, gedichten/skilderijen)
2004: Fjoer en Wetter (Frysktalich libretto foar folksopera oer Bonifatius)
2013: Dagen dûnsje foarby, cd
 
Prizen
1983: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: 'De jonge frou en de hynst')
1985: Rely Jorritsmapriis (gedicht: 'Lânlibben')
1996: Fedde Schurerpriis foar Hauk en Hazze

Nominaasjes
2017: Gysbert Japicxpriis mei Allinne en yn koar / Alleen en in koor

Mear oer de skriuwer en syn wurk
Eigen webside
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Sietse de Vries, fraachpetear LC 11-02-2005
Tineke Steenmeijer-Wielenga, De Moanne 2005 nr 8 s. 37-47
Wilco Berga lêst "Yn etalaazjes is it lân te sjen"(doc. Jos de Putter, 8-11-1998)
Opnamen fan Wilco Berga by Operaesje Fers


(c) Tresoar, 06-08-2008