Berne: 21-05-1938, Aldeboarn

Libben en wurk

Tine Bethlehem waard yn 1938 berne yn Aldeboarn. Dêr brocht se ek har berne- en jongereinjierren troch. Op de legere skoalle hat se yn ’e klasse sitten by Paulus Folkertsma (de komponist), dy’t har leafde foar poëzy en foar it Frysk bybrocht.

Nei de ULO yn Akkrum en de foarmingsklasse yn Ljouwert hat se in skoftsje wurke op in kantoar en yn in blommewinkel, mar se woe graach trochleare. Se keas foar sosjaal-kultureel wurk en folge dêrta HBU-opliedings yn Amersfoort en Grins. Nei har ôfstudearjen wurke se yn tsjinst fan Sintra foar de Keunsten yn buertsintra, mei bern en folwoechsenen. Dat die se yn ferskate plakken yn it lân, û.o. yn Den Haach, Enschede, Emmeloord en Ljouwert en rûnom yn de provinsje. Tegearre mei skriuwster Akky van der Veer folge Tine Bethlehem yn Utert de oplieding ta skriuwdosint (1997/’98). Se troude yn 1961 en krige twa jonges. Yn 1978 kamen se yn Ljouwert te wenjen. Bethlehem is yn 1989 skieden.

Al jong begûn Tine Bethlehem mei it skriuwen fan fersen, yn it earstoan benammen foar harsels. Se debutearre yn 1958 mei in fers, dat sûnder dat se it wist troch Tjitte H. Piebenga opstjoerd wie, yn literêr tydskrift De Tsjerne. Dêrnei publisearre se mear. Yn de tiid dat se bûten Fryslân wenne hat se wol altyd gedichten skreaun, mar net publisearre. Werom yn Ljouwert kaam se al rillegau yn de redaksje fan literêr tydskrift Trotwaer. Se krige wurk yn Ljouwert, ûnder oaren by kreativiteitssintrum De Blauwe Stoep (no Parnas). Nei in tal jierren rekke se, troch it opheffen fan subsydzje, har baan kwyt. Sûnt dy tiid wurket Tine Bethlehem as freelance dosinte en kursusliedster, û.o. by Parnas.  
Yn lietebondels, blomlêzings en de Skriuwerskalinder stiene geregeldwei fersen fan Tine Bethlehem, mar in bondel kaam net út. It soe oant 1995 duorje, nei sa’n fjirtich jier dichtsjen, dat der in bondel fan har útkaam. Yn 1995 joech De oare útjouwerij fan Goaitsen van der Vliet yn Enschede har sammel- en tagelyk har debútbondel, Swietroken & koperblazers, út. De bondel hat in a-groanologyske opbou, de jongste fersen steane foaryn, de âldste efteryn it boek. De fersen jouwe op dy wize in ‘ferslach’ fan it libben fan de dichteresse; út de begjinperioade (1955-1960) binne se boartlik mei sa no en dan in wat sombere ûndertoan. Dy út de middelste skiften, 1961 oant en mei 1989 (3 skiften) falle gear mei ferskillende libbensperioaden fan de dichteres; yn de jierren sechtich is se krekt troud en lokkich, yn de jierren santich ‘alwer ferhúzje’ komme de konflikten. De jierren tachtich is de tiid fan it weromsjen, it ferlies fan de âlde leafde en de ynfolling fan in nij libben. De jierren njoggentich jouwe in byld fan it yn balans kommen.
Opfallend oan de gedichten fan Tine Bethlehem is de frije fersfoarm, ritme en klank is wichtiger as rym, foar de lêzer binne it tagonklike fersen. Faak foarkommende tema’s binne de leafde, de natoer en it gewoane libben fan, almeast, froulju. Albertine Soepboer seit yn har besprek fan de bondel (Trotwaer, nûmer 1, 1996): ‘It liket der op dat de dichteresse op har bêst is at hja de klisjees loslit en har eigen boartlike foarmen en ritme brûkt. Dan krijt dat ferslach fan it libben fan in frou wat unyks en nijs lykas yn de fersen oer it fallen, dêr’t byld en taal inoar op in moaie manier stypje. Mar faak wurdt der yn de fersen net mear sein as der stiet en sitte se te ticht op de klisjees fan de poëzy.’
De twadde bondel fan Tine Bethlehem, Wetter en stien, kaam út yn 2001. De fersen hawwe tema’s as relaasjes, de bernetiid, it lânskip en de natoer. De gedichten wurde begelaat troch foto’s fan fotografe Elske Riemersma, dy’t yn har wurk deselde tema’s as ûnderwerp brûkte. De moai fersoarge útjefte, foarmjûn troch Gertjan Slagter, krige yn 2001 de Liuweprint foar it bêst fersoarge boek fan dat jier.
Har ‘trije lieten fan de Swette’, binne troch komponist Bernard Smilde op musyk set, foar sopraan.

Bibliografy

Poëzy:
1995: Swietroken & koperblazers
2001: Wetter en stien

Prizen:
1970: Rely Jorritsma-priis - fers  No chance

Mear ynformaasje
'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen;
Opnamen fan Tine Bethlehem by Operaesje Fers

(c)Tresoar, 04-05-2007