Berne: 6-07-1968, Amsterdam

Libben en wurk

Dorine van den Beukel is berne yn Amsterdam. Sy hat Nederlânske taal- en letterkunde studearre en dêrnei trijeënheal jier oan de Rietveld Akademie grafyske foarmjouwing.

Dorine van den Beukel wurket as foarmjouwer en yllustrator.

Skriuwerij

Har boeken geane yn romme sin oer dingen dy’t har opfalle yn it Frysk. Har earste boekje gong oer wurden dy’t sy sels dreech fûn om te learen, om’t guon Fryske wurden al wat op Nederlânske lykje, mar tagelyk hiel wat oars betsjutte kinne. It waard Ferrifeljende froulju. Dorine fersoarge sawol de tekst as de yllustraasjes.

It twadde boek giet oer it Fryske alfabet, om’t sy in mem tsjin har bern prate hearde oer de ‘P fan hynder’ (sy lies op dat stuit yn it Frysk foar út in Nederlânsk alfabetboekje). Dorine van den Beukel tocht doe dat Fryske bern wol ferlet hawwe koenen fan in Frysk abesee.

Bibliografy

2007: Ferrifeljende Froulju. Frysk tiiswurdboek

2008: P is fan PIBA! Frysk berne-alfabet


Mear ynformaasje

www.gebr.nl (webside fan gebr. Van den Beukel)
www.boppe.nl (blog oer Fryske wurden)

(c)Tresoar, 01-06-2016