Berne: 2-1-1796, Harns
Ferstoarn: 29-4-1871, Drachten

Libben en wurk

Jan Gelinde van Blom waard oan ’e ein fan de achttjinde ieu, op 2 jannewaris 1796 berne te Harns. Syn heit en mem hiene dêr in lyts winkeltsje.

Jan wie al jong wees, syn heit ferstoar doe’t er njoggen jier wie, syn mem inkelde jierren letter. Nei’t syn mem ferstoarn wie kaam er by in omke yn ’e hûs, hy moast fan de latynske skoalle en waard fanwege syn moaie hânskrift klerk op in kantoar yn syn wenplak. In pear jier letter, hy wie noch gjin sechtjin jier,  krige er in beneaming as ûnderwizer yn de Frânske taal yn Drachten. Om de baan te hâlden moast er noch wol eksamen dwaan, mar dat slagge him. Doe’t de animo fan de Drachtsters om Frâns te learen ôfnaam krige er in betrekking op it notariskantoar fan Karst Jans van der Veen yn Drachten. Dêrnjonken wurke er op de pleatslike siktary en wie er gemeente-ûntfanger. Yn tsien jier tiid wurke er himsels op ta selsstannich notaris. Yn 1819 troude er mei Maria Johanna Kuiper, dochter fan de Drachtster sulversmid Jan Liebbes. It pear kaam in jier letter yn Aldegea te wenjen, dêr’t Gelinde van Blom notaris waard. Al nei trije jier giene se werom nei har eardere wenplak. It gemeentebestjoer hie Aldegea yn 1798 ferruile foar Drachten, dat hieltyd mear de funksje fan haadplak fan de gritenij krige. It echtpear Gelinde van Blom krige njoggen bern, harren soan Willem naam yn 1869 it notariaat fan syn heit oer. Jan Gelinde van Blom wie net allinne troch syn wurksumheden as notaris, mar ek as pleatslik histoarikus, wethâlder fan Smellingerlân, lid fan Provinsjale Steaten, skoalopsjenner en bestjoerder fan ‘t Nut in man fan oansjen yn Drachten. Dêrby wie er ek in aimabel man yn ‘e omgong. Boppedat warde er him tige as dichter en skriuwer fan folksaardige stikjes. Hy wie in tiidgenoat fan de bruorren Halbertsma fan Grou en waard krekt as sy ek lid fan it Fries Genootschap. Ek yn it Selsskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse (1844) hat Gelinde van Blom in wichtige rol spile.

Hy hat him ynset foar behâld en brûken fan de Fryske taal en skreau sels ek it measte fan syn wurk yn dy taal. Twa jier foar syn dea ferskynde in bondeling fan syn wurk ûnder de titel Blomme-Koerke, oanbean oan syn lanzljue.
Inkelde fan syn lieten binne tige bekend wurden, lieten as ‘Ynskje en Oark’ en ‘It froalike famke’ hawwe alle oanpassingen fan de bondel ‘Fryslân sjongt’oerlibbe en wurde oant hjoed de dei songen.
Hy foarme mei syn Drachtster freon, de belesting-ûntfanger Martinus de Boer, in unyk artistyk duo. Gelinde van Blom skreau de teksten en De Boer komponearre de wyskes fan de lieten. Dy waarden op de jierlikse gearkomsten fan it Nut foar it earst opfierd en foelen der altyd tige yn by it publyk. Ek as histoarikus hat Gelinde van Blom in soad út ’e wei set. Syn Nutslêzing ‘De opkomst van het vlek Dragten, in de provincie Friesland’, is yn 1840 troch W. Eekhof te Ljouwert ûnder deselde titel yn boekfoarm útjûn. It boek joech it earste histoaryske oersjoch fan de ûntwikkeling fan Drachten. De lettere gearstallers fan it offisjele tinkboek Smellingeraland (1941) hawwe tankber gebrûk makke fan it troch Gelinde van Blom sammele materiaal. Jan Gelinde van Blom is op 29 april 1871, op de leeftyd fan 95 jier, te Drachten ferstoarn.

Bibliografy

Proaza en poëzij:
1840: Proeve van het harmonische in de Friesche dichtkunst (ek wurk fan oaren)
1840: De opkomst van het vlek Dragten, in de provincie Friesland
1869: Blomme-koerke, oanbean oan syn lanzljue

Tresoar, 15-10-2007