Berne: 05-02-1902, De Hommerts
Ferstoarn: 30-12-1982, Drachten

Libben en wurk

Gerben Brouwer is berne yn de Hommerts en dêr ek opgroeid. Nei de middelbere skoalle gie er nei de kristlike kweekskoalle yn Snits, syn earste berop as ûnderwizer wie oan in legere skoalle yn Sondel.

Nei Sondel hat er in tal jierren yn Swolle wurke, yn 1930 ferfear er nei Eindhoven. Dêr soe er 20 jier bliuwe, nei noch 5 jier yn Tilburg wenne en wurke te hawwen kaam er werom nei Fryslân en krige er in beneaming op ’e Gerdyk. Nei syn pensioanearring yn 1967 ferhuzen hy en syn frou nei Drachten.

Dichter
Brouwer bekwame him al jong yn it dichtsjen. As jonge fan sechttjin jier liet er ris in gedicht fan syn hân lêze oan Douwe Kalma. Dy trune him oan om fierder te gean. Yn syn Sondeler tiid rekke er befreone mei oare skriuwers en dichters, lyk as Theun de Vries, Fedde Schurer en Inne de Jong. Mei Schurer, De Jong en E.B. Folkertsma rjochte Brouwer it ‘Kristlik Frysk Striidboun’ (1924) op, mei as doelstelling it aktivearjen fan it ‘Kristlik Selsskip’. Yn tsjinstelling ta it behâldende Selsskip, hiene de leden fan it Striidboun soasialistyske sympatyen en liezen se it wurk fan Henriëtte Roland Holst. Gerben Brouwer wie noch mar njoggentjin jier âld doe’t er syn earste fersen publisearre yn it tydskrift Tsjûgenis fan E.B. Folkertsma. Syn earste bondel, Weagen, ferskynde yn 1934. Tritich jier letter kaam in twadde bondel fan syn hân, dy’t er de titel De weagen oer (1968) mei joech. De bondel befette foar in part nij wurk en foar in part bewurke fersen út syn earst ferskynde bondel. Syn tredde bondel, Preludium, kaam út yn 1972. Yn Preludium steane in part fan de oersettings fan psalmen en gesangen dy’t Brouwer makke hat. De lêste samling fersen dy’t fan syn hân ferskynde stiet yn de bondel Ljochten nachten (1981), de bondel befettet oarspronklik wurk en oersettings. As dichter en as minske wie Gerben Brouwer in man fan de paradoks. Yn syn gedichten reitsje de utersten elkoar: de jubel en de fertwiveling. Benammen yn syn iere fersen oer de dea komt dat sterk ta utering. Yn syn lettere wurk binne de skerpste kanten dêr fan ôf en komt de rêst tefoarskyn. Syn religieuze wurk waard troch oare Fryske dichters as Schurer en Tamminga wurdearre om har lyryk en sjongsume taal. Njonken eigen wurk wie Brouwer ek in betûft oersetter fan geastlike lieten. Yn de perioade 1968-1975 hat er 180 psalmen en lieten oerset yn it Frysk. Yn ’e mande mei Douwe Tamminga en Bernard Smilde hat Brouwer de psalmen en gesangen fan it ‘Liedboek voor de kerken’ yn it Frysk oerset. Foar syn oersettings yn de bondel Ljochte nachten is him, postúm, de Obe Postma-priis takend. De priis is op 25 oktober 1984 yn ûntfangst naam troch syn widdo.

Wurk

Poëzij en oersettings
1934: Weagen
1968: De weagen oer
1972: Preludium
1981: Ljochte nachten

1975: Lieteboek foar de tsjerken (oersettings, mei D.A. Tamminga en B. Smilde)

Prizen
1960: Rely Jorritsma-priis (fers: Pakhúsfeint)
1964: Rely Jorritsma-priis (fers: Fantoom)
1984: Dr. Obe Postma-priis (postúm) (foar oersettingen yn Ljochte nachten)

Mear ynformaasje

Opnamen van Gerben Brouwer bij Operaesje Fers

Opname van Gerben Brouwer uit het archief van Omrop Fryslân: 25-11-1984

Tresoar © 15-10-2007