Berne: 14-03-1955, Smelbrêge

Libben en wurk

Jelle Bangma is berne yn Snits, hy groeide op yn Smelbrêge (by Wâldsein). Oan Pabo De Him yn Snits folge er de oplieding ta ûnderwizer. Dêrnei gyng er yn tsjinst, hy kaam by de marine en joech dêr ingelske les oan matroazen. Nei syn tsjinsttiid sollisitearre er tegearre mei syn frou, dy’t ek yn it ûnderwiis wurke, nei in baan oan in legere skoalle op Curaçao.

Dêr hawwe se wurke fan 1981 oant 1985. Fanwege it tropenroaster dat dêr hantearre waard, hiene se middeis tiid foar oare saken lykas toaniel en it meiwurkjen oan programma’s fan Radio Curaçao. Yn 1985 krige Jelle in beneaming as direkteur fan in basisskoalle op ’e Gastmer en kamen de Bangma’s werom nei Fryslân. Fan 1988 ôf wurket Jelle Bangma as ûnderwiis-begelieder by it taalsintrum Frysk Cedin en is er redakteur fan de troch it sintrum útjûne tydskriften foar jongerein Switsj en LinKk.

Skriuwer
Skriuwe docht Jelle Bangma al fan lyts ôf oan, hy kaam der foar it earst mei foar it fuotljocht doe’t de Lyrische Courant, dy’t doe as bylage fan de Leeuwarder Courant ferskynde, yn 1980 in gedicht fan him pleatste. Dat stimulearre him om mear te publisearjen, hy wie tige produktyf, fersen fan him waarden opnaam yn de Skriuwerskalinder en yn de literêre tydskriften Hjir en Trotwaer. Boppedat sleat er him oan by in literêr selsskip, dêr’t ek dichteres Tsjits Peanstra fan Raard by siet, dy kontakten stimulearren him ekstra. It selsskip bestie út seis dichteressen en dichters dy’t elkoar opdrachten joegen en elkoars wurk besprutsen en beoardielden. Twa kear hawwe se meielkoar in fersebondel útjûn: Wy jouwe in rûntsje (1987) en De twadde sirkel (1993). Bangma debutearre yn 1988 mei de bondel Wjukslach yn wifelljocht, de bondel befettet in seleksje fan syn fersen sûnt 1980.

Bangma skriuwt gedichten foar jeugd en foar folwoeksenen. Njonken poëzy skriuwt er ek proaza, yn 1987 wûn er in Rely Jorritsma-priis mei in ferhaal en yn 1988 waard der in ferhaal fan him opnaam yn de bondel mei jongereinferhalen Skroei. Syn earste boek foar bern Kamera klear … aksje, kaam út yn 1988. Dat it boek der by de jonge lêzers goed ynfoel blykt wol út it feit dat it twa kear bekroand waard mei in priis: yn 1988 krige it de Afûk-jubileumpriis en yn 1992 waard it bekroand mei in priis fan de Berneboekesjuery. It boek ferskynde yn 1995 yn in Nederlânske oersetting ûnder de titel Actie met de video. Yn 1990 ferskynden der twa berneboeken fan syn hân: Smoarge smjirkerts en Snoes de poes. Foar it manuskript fan Snoes de poes hie er yn 1988 in priis krigen yn de berneboekepriisfraach fan de KFFB (Kristlik Fryske Folks Biblioteek). Ek fan it berneboek Geintsje, dat yn 1997 ferskynde, kaam noch datselde jier in Nederlânsktalige oersetting út ûnder de titel Een geintje. Tegearre mei Riemkje Hoogland skreau er it boek Ikke (1999) en mei Bertus Klazinga it Grut lês- en dochboek foar bern -Dûbeltsjûk (1999). Yn 2006 ferskynde it jongesboek Skoare by FC Top en hy wûn dermei de Fryske berneboekesjuery 2008. Jelle Bangma hellet de ûnderwerpen foar syn berneboeken út de tiid fan no, hy wol dêrmei ticht by de belibbingswrâld fan bern komme te stean. Ek yn poëzy foar bern docht er dat: syn yn 2005 ferskynde bondel SMS in fers, mei gedichten foar jeugd fan 10 oant 14 jier, is kwa ûnderwerpen en taalgebrûk (sms-taal) tasnien op dy leeftyd.

Ferskaat
Njonken dichter en berneboekeskriuwer is Jelle Bangma ek bekend as skriuwer fan boeken oer keatsen. It earste ‘keatsboek’dat er de skreau gie oer de legendaryske keatser Johannes Brandsma, de biografy Bretaalwei De Brand : hoe’t Johannes Brandsma de grinzen ferlei, kaam út yn 1992. It jeugdboek Keatse foar de krânse ferskynde yn 1998 en de biografy oer Hotze Schuil De Lange, keizer ûnder keatskeningen waard yn 2006 presintearre.

Fierder wurke Jelle Bangma mei oan in tal keatsjubileumboeken en is er fêste meiwurker fan it keatstydskrift Wis-In.
Bangma hat him ûntwikkele ta in alsidich skriuwer mei in brede ynteresse, njonken proaza en poëzy en it skriuwen fan boeken oer keatsen hat er ek ferskeidene lesmetoaden skreaun. Foar de Afûk ûntwikkel er in learmetoade foar folwoeksenen Wolkom! Frysk foar net-frysktaligen, en foar it Taalsintrum Frysk fan GCO Fryslân hat er, yn ‘e mande mei yllustratrise Babs Wijnstra, ferskeidene lêsmetoaden skreaun.

By it 25-jierrich jubileum fan It Skriuwersboun skreau er, tegearre mei Wâtse Hiddema it betinkingsboek Mar ik sil skriuwe…25 jier It Skriuwersboun. Ek is er ek aktyf op it mêd fan toaniel, foardragen en kabaret, hy skriuwt lietteksten foar de groep ‘Tinksels’, dy’t er sels mei foar it fuotljocht bringt. By it ‘FeRstifal’, de jierlikse foardrachtkriich foar learlingen fan middelbere skoallen is Jelle Bangma warber as presintator en sjuerylid. Yn it bondeltsje mei fersen, dat alle jierren foar it FeRstifal útkomt, steane meastal ek bydragen fan syn hân.

Bibliografy

List fan belangrykste wurk

Poëzy
1987: Wy jouwe in rûntsje (mei oaren)
1988: Wjukslach yn wifelljocht
1993: De twadde sirkel (mei oaren)
2002: Dûbeld tij

Jeugd- en berneboeken
1989: Kamera klear… aksje
1990: Snoes de poes
1990: Smoarge smjirkerts (fersen)
1997: Geintsje
1998: Keatse foar de krânse
1998: Dûbeltsjûk (lês- en dochboek)
2000: Ikke (foarlês en dochboek foar beukers, mei Riemkje Hoogland)
2000: In prachtich bosk kokosnuten (oersetting fan Dennis Reader)
2002: De aventoeren fan Josje (stripferhalen mei tekeningen fan Luuk Klazinga)
2005: SMS in fers
2006: Skoare by FC Top
2013: Kampioenen fan FC TOP

Prizen
1986: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Unmacht
2015: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Hûnen
2016: Ferhalewedstriid Skriuwersboun foar it ferhaal Ik koe net oars

Mear ynformaasje
'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.

©Tresoar, 01-08-2018