Berne: 14-06-1951, Heemstede

Libben en wurk

Irene Bal is berne yn Heemstede. Sy hat de Pedagogyske Akademy (no Pabû) folge en dêrnei Wiisbegearte studearre oan de UvA.
Yn 2005 begûn Irene Bal mei it skriuwen fan berneboeken, dy’t troch Liuwe Westra oerset waarden yn it Frysk.

Yn 2007 dûke yn De ferdwûne fibula de romanfigueren Daam en Ferhipke op, in aventoerlike twilling dy’t bern yn oanrekking bringt mei eleminten út de Fryske skiednis. It boek is opnommen yn de Fryske kanon www.11en30.nu (tredde finster) by de jeugdboeken. Yn de tekst steane ek ferskes ‘klear om sa yn in lytse musical of toanielstik brûkt wurde te kinnen.’ (Leeuwarder Courant, oktober 2007). De twilling belibbet nije aventoeren yn De babybeam, dat yn 2008 ferskynde. ‘Mei it wurd babybeam en it begrip ‘babyboom’ giet Bal op aardige wize oan de slach’ (Leeuwarder Courant, 13-03-2009).

 

Bibliografy

2005: De ûle, de slange en de stiennen

2005: De uil, de slang en de stenen

2007: De ferdwûne fibula/De verdwenen fibula.

2007: De avonturen van Daam en Verhipke.

2008: De babybeam

Poëzy

2010: De genade van een krimpende geest - De genede fan in krimpende geast
2011: Kaap de Goede Hoop

Mear ynformaasje
Webside: www.irenebal.nl

@Tresoar, bywurke 17-02-2016