BERNE: 04-11-1946, Dokkum

Libben en wurk

‘Ik haw altyd sein, as ik fyftich bin hâld ik op mei wurkjen en begjin ik te skriuwen’, sei Corry Boelens yn 2005 yn in petear mei Sietse de Vries fan de Ljouwerter Krante.
As omkesizzer fan Abe Brouwer wie dêr ek hast gjin ûtkommen oan en as je dan ek noch Fryske les joegen by de Afûk…


Nei de 3-jierrige HBS wurke Corry Boelens earst in pear jier as administratyf meiwurkster/telefoniste op in kantoar. Fan 1968 oant 1971 die se yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum de oplieding foar ferpleechkundige. Dêrnei wurke se yn de Sionsberg, yn Nij Smellinghe en by de kreamsoarch yn Drachten, yn de terminale thússoarch, yn in âldereintehûs en seis jier yn in psycho/geriatrysk ferpleechtehûs as nachtferpleechkundige. By har wurk as ferpleechster begûn se mei in stúdzje Frysk by de Afûk, oant en mei it C-diploma.
Op it stuit dat se fyftich waard sei se har wurk yn de soarch op. Se hie doe omtrint it lêste ûnderdiel fan har stúdzje Frysk helle, it didaktysk foech, en sa waard se lesjouwer
by de Afûk. En se begûn mei skriuwen, neffens wat se har altyd al foarnommen hie.
Se fersoarge fierder gauris ynliedings oer Fedde Schurer en makke diel út fan de skriuwersploech HYSP. Foar it Frysk Deiblêd skreau sy in tal boekresinsjes.

Sûnt in pear jier docht Corry Boelens de lede-administraasje en is se skriuwer en skathâlder fan de KFFB; se hat har weromlutsen as lesjouwer by de Afûk.
Corry Boelens wennet yn Dokkum. Se is troud mei skriuwer Anders Rozendal; se hawwe in soan en twa dochters.

Skriuwer

Corry Boelens publisearre koarte ferhalen op de F-side fan de Ljouwerter Krante en yn it ledeblêd fan de KFFB De Fleanende Krie. Ekliterêr tydskrift De Moanne publisearre wurk fan har.
Yn 2004 ferskynde by de KFFB har debútroman Paadsikers. Gerbrich van der Meer joech yn har besrpek yn it Frysk Deiblêd oan dat Paadsikers folslein foldocht oan de kritearia fan in streekroman. Se ferwiisde nei in promoasjeûndersyk op streekromans fan dr. A. van Buren. Lêzers fan dat sjenre wolle in ferhaal lêze dat yngiet op de realiteit tusken âlden en bern, mei de mem as sintrale figuer. Paadsikers fertelt it ferhaal fan in frou dy’t nei har skieding nei Ljouwert ferhuzet en dêr har twa dochters allinnich grutbringt; dat foldocht dêr alhiel oan.

Yn Wa fertelt de takomst?, de twadde roman fan Boelens, spylje deselde mem en dochters opnij de haadrol, no in jier of 15 letter. Sintraal stiet it draachmem-wêzen fan de iene dochter foar de oare. It boek waard op tige ferskillende wizen beoardiele. Wêr’t Doeke Sijens fan de Ljouwerter Krante fûn dat de kearn fan it boek, it dramatyske barren tusken de twa susters ‘suver ferdwynt tusken in tefolle oan details’, fûn Jaap Krol yn it Frysk Deiblêd dat ‘Boelens fan in frou dy’t al wat op leeftyd is, mei grutte presysje de noeden en soargen wit op te roppen.’

Fierder leveret Corry Boelens oersettingen, ûnder oare fan de roman Eilandgasten fan Vonne van der Meer. Yn har besprek yn it Frysk Deiblêd twivele Yvonne Dijkstra earst oan de needsaak fan sa’n oersetting, mar se fernaam al lêzend dat it ferhaal har op ’en nij pakte. ‘Ik fergeat dat ik it ferhaal al koe, dat ik it earder lêzen hie. De Fryske taal paste wûnderlik by de ynhâld en rôp krekt oare bylden yn myn holle op as de oarspronklike Nederlânske tekst. In moai stikje wurk.’


List fan belangrykste wurk

Romans
2004: Paadsikers
2012: Wa fertelt de takomst?

Oersettingen
2011: It heechste wurd. Bibel foar bern. Imme Dros.
2011: Eilângasten. Vonne van der Meer.


© Tresoar, 15-04-2013