Berne: 07-08-1945, BOALSERT

Libben en wurk

Giny Yedema is berne yn Boalsert. Dêr hat se ek har jeugd trochbrocht, yn in gesin dat kreativiteit heech yn it findel hie. Thús waard in protte songen by de piano en wie der earne in feestlik barren, dan skreaune se by de Yedema’s in tekst of in liet foar de gelegenheid.

Nei de middelbere skoalle helle Giny de akte Creatieve Handvaardigheid. Dêrnei joech se les en fersoarge se ‘kreative jûnen’ ûnder oaren foar it Bûn fan Plattelânsfroulju. Fierders wurke se as ‘bezigheidstherapeute’ yn de psychiatry. Doe’t se troude hold se op mei wurkjen. Yn 1980 waard har man foar syn wurk útsjoerd nei Nigeria. It gesin Bastiaans hat trije jier yn it Afrikaanske lân wenne en wurke. Giny joech dêr as frijwillichster naai- en typles oan bern mei in handikap.
Neidat se wer werom wiene yn har hûs oan de Lytse Geast, begûn Giny Bastiaans mei skriuwen. Se kaam yn de redaksje fan de doarpskrante. Foar dy skrant skreau se gedichtsjes dy’t tige wurdearre waarden. It stimulearre Giny om fierder te gean mei skriuwen. Se helle by de Afûk de de Fryslân-diploma’s A en B. Har dosint Tsjerk Veenstra trune har oan om wurk yn te stjoeren nei kranten en tydskriften. Dêrnjonken folge se in trijetal skriuwkursussen by skriuwers as Eppie Dam, Bouke Oldenhof en Tsjêbbe Hettinga. Foar it earste ferske dat se ynstjoerde nei in wedstriid fan it blêd Frysk&Frij, waard se fuort beleanne mei de earste priis.
Giny Bastiaans waard in produktyf skriuwster, se publisearre ferhalen en gedichten yn û.o. De Holder (tydskrift foar basisskoalle-learlingen), de F-side (de wyklikse Fryske bylage fan Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant, 1998-2006), en de Fryske Skriuwerskalinder. Gedichten fan har hân waarden ek opnaam yn Fersefariaasje, de bondel dy’t útbrocht wurdt foar de jierlikse foardrachtskriich foar learlingen fan middelbere skoallen yn Fryslân. Foar it Friesch Dagblad skriuwt se boekbesprekken en foar it weekblad Actief (Burgum) fraachpetearen en sjoernalistike stikken.
Se debutearre yn boekfoarm mei de bondel, Hookstrooks trije hollen mear : nije mearkes (2000). De bondel befettet 22 ferhalen en fersen, ornearre foar lêzers fan 8 oant 118. In part fan it wurk wie al earder publisearre. De fersen, mearkes en in inkelde leginde wurde befolke troch fantasijfigueren, dy’t libje yn in fantasijwrâld. Oaren spylje yn de wrâld fan hjoed de dei. Troch it libbene taalgebrûk, it moaie ritme, de humor en de dûbele boaiems yn de ferhalen lit it boek him flot lêze.
Foar sjonger Adri de Boer fan Lippenhuzen skriuwt Bastiaans lietteksten. Mei ien derfan, it lietsje ‘Soan’ wûn De Boer it festival ‘Liet’ yn 1998. Oare lietteksten fan har hân steane op ûnderskeidene cd’s dy’t Adri de Boer útbrocht hat.

Bibliografy

Proaza
1999: ferhaal: ‘It mearke fan de sjonger’ yn Neibroei (jongereinferhalen)
2000: ferhaal: ‘Kuiertocht’ yn 20 simmerferhalen
2000: Hookstrooks trije hollen mear : Nije mearkes


Tresoar, 20-03-2009