Berne: 02-07-1924, Ketlik
Ferstoarn: 04-07-2002, Snits

Libben en wurk

Freark (Frederik) Wigers Dam is op 2 july 1924 berne yn Ketlik, dêr't syn heit timmerman wie. Nei de kristlike legere skoalle yn syn bertedoarp en mulo-ûnderwiis op It Hearrenfean kaam er yn Eastersee op kantoar by it bûterfabryk.

Mei't syn heit jong weirekke, kaam foar de iennige soan njonken fjouwer susters ynearsten neat fan fierder learen, mar Dam hat letter de skea ynhelle. Yn 1949 mocht er him diplomearre útjouwer neame en fierder hat er ek noch studearre foar de M.U.-akten Nederlânsk en Frysk. Fan hûs út hie er al belangstelling foar literatuer meikrigen; yn it âldershûs waard op snein altiten lêzen en fierder songen hja in protte mei elkoar: kristlike lieten, mar ek de `evergreens' út it Frysk lieteboek.
Troch him oan te sluten by it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein kaam er him yn 'e kunde mei de eigentiidske Fryske skriuwers fan wa't guon, û.o. Anne Wadman, Kees Jongsma en Tsjerk Jehannes de Jong, freonen foar it libben waarden. Yn it Boun koe er ek syn organisatoaryske en redaksjonele talinten fierder ûntwikkelje. De oarloch makke in ein oan de aktiviteiten fan it Jongereinboun en doe't Dam yn 'e hjerst fan 1944 ek noch oppakt waard en nei in Dútsk kamp stjoerd, wie er foargoed ôfsnien fan dat ynspirearjend fermidden. Desillusionearre en siik kaam er yn juny 1945 yn it heitelân werom. Nei't er by famylje de kâns krige hie wer wat op ferhaal te kommen, wurke er by de Fryske Akademy en as propagandist foar Frysk en Frij. Op 1 april 1947 kaam Freark Dam yn tsjinst by Drukkerij en Utjouwerij Laverman N.V. te Drachten dêr't er haadredakteur fan de Drachtster Courant wurde soe en praktysk de lieding krige oer de útjouwerij. Stipe fan syn lettere direkteur C.A. de Roo hat Dam kâns sjoen in Frysk fûns op te bouwen, dêr't alle wichtige skriuwers fan de fyftiger en sechstiger jierren yn fertsjintwurdige wiene. Ek as redakteur fan De Tsjerne en De Strikel hie er rûnom yn Fryslân kontakten.
Op 1 septimber 1969 waard Freark Dam beneamd ta konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum te Ljouwert, in ynstelling dy't er sûnt de oprjochting yn 1959 as bestjoerslid tsjinne hie. Omtrint 17 jier letter, op 1 july 1986, makke er gebrûk fan de mooglikheid om op syn 62ste mei it wurk op te hâlden. Sûnt hat er him noch mear as foar dy tiid talizze kinnen op it lêzen en bestudearjen fan (âldere) literatuer en is er sydlings en tydlings warber bleaun as redakteur, oersetter, ynlieder en besoarger, dichter en skriuwer fan gâns grutte en lytse boeken en bondeltsjes, artikels en stikjes oer alle mooglike fasetten fan de Fryske skriuwerij.

Literêr wurk
Freark Dam debutearre as Frysk dichter yn It Heitelân yn 1941. In jier letter waarden ek fersen fan syn hân opnommen yn Yn ús eigen Tael, wylst yn datselde jier syn namme foar it earst te finen west hie yn it Algemien Frysk Jongereinblêd, dat - oant it yn maart 1944 ophâlde moast te ferskinen - syn poadium bliuwe soe. Yn De Rattelwacht (1944) wie er mei seis fersen fertsjintwurdige, wat bewiist, dat er doe al echt ta de jonge Fryske dichters rekkene waard, fan wa't yn 'e takomst mear ferwachte wurde mocht. Syn earste bondel, Under fjouwer eagen, ferskynde yn 1946 as nûmer trije fan de Reiddomprige. It boekje befettet in kar út de fersen dy't Dam tusken 1941 en 1945 skreaun hie en is ferdield yn trije skiften: `Monolooch', `Wearklank' en `Marsbifel'. Der is in grut ferskil tusken it earste en it lêste skift, tusken de fersen fan de jonge, ûnbefongen, romantyske dichter en de `sadder and wiser' poëet dy't troch wat er yn de oarloch belibbe hie it minskdom en de mienskip mei oare eagen beseach. Yn de twadde bondel, Sa sydlings (1960), mei in kar út de fersen dy't skreaun waarden tusken 1946 en 1960 is de oarloch fannijs in wichtich tema, bygelyks yn `De joadebern' dat suver in klassyk betinkingsfers wurden is. Fierder befettet de bondel njonken leafdesfersen ek tige persoanlike gedichten fol besinning op it eigen plak yn it libben. By Freark Dam syn 60ste jierdei hat de dichter op fersyk fan de útjouwer in tredde bondel gearstald, Yn hâldershân (1984), mei `fersen fan doe en no'. Njonken it bêste út de eardere bondels binne dêr fannijs persoanlike fersen yn opnommen mei oantinkens oan it berteplak en it âldershûs. Hoewol't de dichter sinysker wurden is en syn twifels hat oer de wrâld en it minskdom, wit er yn guon fan dy nije fersen dochs ek noch de teare ferwachtingsfolle sfear op te roppen dy't syn iere wurk sawat eigens en lichts jûn hie.
It lêste skift fan Sa sydlings bestie út `Akky's balladen', frije bewurkingen fan de balladen yn Ein Engel kommt nach Babylon fan Friedrich Dürrenmatt, dat Dam oerset hie om opfierd te wurden yn it Sweachster iepenloftteater. Dat fertalen en bewurkjen fan toanielstikken út de wrâldliteratuer - mei inkeldris it skriuwen fan oarspronklik toanielwurk - hat de twadde tûke west fan Dam syn literêr krewearjen. De tredde, dy't wol benammen fuortkommen wêze sil út syn wurk by Laverman en op it FLMD en út syn redakteurskip fan de literêre rigen fan de Fryske Akademy - njonken de eigen niget oan alles wat mei skriuwe en lêze te krijen hat - bestiet út skôgjend en literêr-histoarysk wurk. De bêste artikels op dat mêd binne bondele yn Tusken de rigels troch (1991). Dêr sprekt in brede kennis en in yngeande belangstelling út.

Wurk:

fersen:
1946: Under fjouwer eagen
1960: Sa sydlings
1984: Yn hâlders hân (fersen fan doe en no; njonken 24 gedichten út Under fjouwer eagen en Sa sydlings, 14 net earder publisearre gedichten)

Toaniel:
1945: Dy't net weromkaem
1955: Dat wie doe (koart tafrielespul foar de bifrijingsdei 1955)
1969: Tusken goed en kwea

Oersettingen en bewurkingen toaniel:
1953: Rjochtdei (Reynaertbewurking, yn 1960 2e pr.)
1959: Kristus wurdt jitris krusinge (nei Niko Kazantzakis)
1960: In ingel yn Babylon (nei Friedrich Dürrenmatt)
1961: De greate Keizer (nei Friedrich Dürrenmatt)
1962: In minske sûnder wryt of slyt (nei Bertolt Brecht)
1963: Op ien bitingst (nei Friedrich Dürrenmatt)
1965: Us stêd (nei Thornton Wilder)
1969: Deagewoan wonder (nei E. Schwarz)
1968: Ja dokter, né dokter (nei Paul Rodenko)
2003: De âlde dame op besite (nei Friedrich Dürrenmatt)

ferskaat:
1951: Sawn is in galgefol (Bydrage fan F. Dam: Ilse Rohde en it eilân)
1952: Trije tsjûgen (roman, nei Leiker)
1960: Friese verhalen in het Nederlands (Bydrage fan F. Dam: Souvenier (1946))
1963: Wjerlûd en forwar (Fryske oarlochsliteratuer, gearstald mei Jeh. Terpstra)
1970: Drok, drok Drachten (mei oaren)
1971: Mar ik sil stride... (oer W. Dykstra)
1972: Rym en ûnrym (mei oaren)
1974: "Wâldman en Wrâldboarger" oer T.G. van der Meulen (ûnder redaksje fan F. Dam, dr K. Dykstra, J. Knol en dr Y. Poortinga)
1975: Fedde Schurer op en út (mei oaren)
1976: J. Keizer, "Ald- en Nijhoarne" (mei dr J.J. Spahr van der Hoek)
1977: Op 'e hichte mei it F.L.M.D.
1977: Buorkerije, buorkerije, is de rom fan Fryslâns groun!
1980: Mear as jiske bleau der oer
1981: Piter Jelles Troelstra, "Samle Fersen" (ûnder redaksje fan: T.J. Steenmeijer-Wielenga; F. Dam; J.J. Kalma en K. Dykstra)
1981: Jelle Hindriks Brouwer. In memoriam
1982: Twofold/Twilûd (E. Dickinson/O. Postma)
1983: Opsterlân yn fers en foto
1984: Boekje Iepen, It Fryske Boek 1934-1984 (mei Jan Pieter Janzen)
1984: Miscellanea Frisica (foar H.T.J. Miedema)
1985: Samle fersen fan Anne Jousma
1985: Frysk Skriuwersalmanak (mei Pieter de Groot, Jan Pieter Janzen, Jan Kooistra, Jelle Krol, Sybe Krol en Hein van der Vliet)
1990: Drachten van toen naar nu
1991: Tusken de rigels troch. Oer skriuwers, boeken en blêden (literêr-histoaryske skôgings)
1992: "Lemsterlân" yn de rige "Friesland in prent, proza en poëzie (poëzy)
2002: Lêze is willewurk (samling kollums út de LC)
2003: Under de stjerren fier : kantate foar mingdkoar, harp, strykorkest en oargel (tekst: Freark Dam ; muz.: Frank van Nimwegen)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

© Tresoar, 18-09-2008