Berne: 03-04-1981, Snits

Libben

Paul van Dijk is hikke en tein yn Warkum. Hy gie nei de hafû op de RSG Magister Alvinus yn Snits. Dêrnei folge er de oplieding ta dosint Ingelsk oan NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Op it stuit wurket er as learaar Ingelsk.



Wurk
Van Dijk stiet bekend as in kreative tûzenpoat. Skriuwe en tekenje docht er al fan jongs ôf oan. Hy is ek muzikaal. Hy spile earst by ‘De Beugelband’, letter by ‘Skarl’, by it ‘Brijbek Quintet’ en skreau muzyk foar teaterselskip ‘De Paupers’ fan Henk de Boer. Hy spile ek toetsen by de band ‘Yldau’, dy’t mei it nûmer ‘Fjoer’ it festival Liet 2012 wûn.

Yn 2008 komponearre er filmmuzyk foar trije animaasjes fan skilderijen fan Jopie Huisman.

Yn dy aktiviteiten wurket er in soad gear mei oaren. It skriuwen, as tige yndividuele bezichheid, fynt er lykwols ek hearlik. Skriuwen sjocht Van Dijk as ien fan syn wichtichste aktiviteiten. Hy kin dêr in soad fan himsels yn kwyt: eangsten, dreamen en tinzen.
Sûnt 2009 hat Van Dijk syn eigen berneteaterselskip ‘Knûkel’. Hy skreau dêr it stik Renske wol stoer wêze! foar. Hy makke ek de muzyk en ûntwurp en bespile de poppen. Doe’t de lêste foarstelling spile wie, spiet it him dat de tekst dêr eins mei ferlern gie. Hy hie altyd al yn de holle om ris in berneboek te skriuwen en de ein fan de teaterfoarstelling wie de oanlieding om dêrmei te begjinnen. Sa kaam it boek mei deselde titel as de teaterfoarstelling ta stân. De skriuwer makke sels de yllustraasjes by it boek. Dat die hy ek by it ferfolch, De Kening fan Juster. Beide boeken geane oer Renske en har nuveraardige pake Marius.
Yn 2013 fersoarge Paul van Dijk de Fryske oersetting út it Ingelsk fan it boek Myn moaiste mearkes. It boek befettet in samling fan tsien bekende mearkes fan de Bruorren Grimm, Hans Christian Andersen en oaren.
Yn 2014 krige er fan Tresoar de opdracht om it jierlikse ‘Aksjeboek foar bern’ te skriuwen yn it ramt fan Swalk, Frysk op toernee 12-21 septimber 2014.

Tematyk
Al dy kreativiteit komt byelkoar yn syn berneboeken. Van Dijk skriuwt syn ferhalen mei ferbyldingskrêft en humor. Syn protagonisten, faak bern, meitsje ûngewoane dingen mei wat har uteinlik ta in ynsjoch bringt. Neist it gebrûk fan alliteraasje, healwize grappen en sels betochte wurden stribbet er dernei om de fantasijwrâld te keppeljen oan de deistige realiteit, mei tema’s fan no lykas âlden dy’t útinoar binne, freonskip of narje.


Bibliografy

Proaza
2011 : Renske wol stoer wêze!
2012 : De Kening fan Juster
2014 : De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter

Oersettingen
2013 : Myn moaiste mearkes. Oersetting út it Ingelsk. Oarspronklike titel: Usborne illustrated fairy tales (2007).

Teaterteksten
2009 : Renske wol stoer wêze! (teatergroep Knûkel)
2010 : De Poets van de Schoenmaker (teatergroep Knûkel, foar it Jopie Huismanmuseum)
2010 : Knip! (teatergroep Knûkel)

Mear oer libben en wurk
Oer Knûkel, LC 23-09-2011
Wijd en Zijd 28-11-2012
Sietse de Vries, fraachpetear LC 30-11-2012

© Tresoar, 10-06-2014