Berne: 01-07-1934, Britsum

Libben en wurk

Jan Dotinga is berne te Britsum en opgroeid yn it Stienzer Aldlân. Oan de kweekskoalle ‘Mariënburg’ te Ljouwert helle er syn ûnderwizersakte.

Dêrnei hat er wurke op ferskillende legere skoallen yn Fryslân en wie er fjouwer jier learaar oan de lânbouhúshâldskoalle te Garyp. Yn 1969 waard er haad fan de kristlike legere skoalle yn Droegeham, dêr is er bleaun oant syn pensjoen yn 1995.

Dichter
De bondel Lytse Ivichheit, dy’t ferskynde yn 1965, wie it debuut yn boekfoarm fan dichter Jan Dotinga. Twa jier earder hie er foar it manuskript in rykstalage krigen. Hy wie dêrmei de earste Fryske auteur dy’t dy talage, bedoeld as stipe en oantrûn foar jonge keunstners, ûntfange mocht. Foardat syn earstlingsbondel útkaam wie Dotinga al mei fersen nei bûten kaam yn it literêr tydskrift De Tsjerne, letter publisearre er ek yn oare blêden lykas Alternatyf, Hjir, Sonde en De Strikel. De fersen yn Lytse Ivichheit binne in poëtysk ferslach fan syn jeugd yn it Stienzer Aldlân. Resensint Durk van der Ploeg neamde yn syn besprek (Frysk en Frij, maart 1964), de gedichten fan Dotinga net eksperimenteel, mar moderne en sterk meditative fersen dy’t in brede rûnte fan minsken oansprekke soene troch har ienfâld en klearens. Jan Dotinga soe yn de jierren dêrnei mei grutte regelmaat in nije bondel yn it ljocht jaan. Yn 2003 kaam syn santjinde bondel, Ik wol dy wizer ha, út. Syn yn 1978 publisearre bondel Flaggen en tûkelteammen wurdt sjoen as in hichtepunt yn syn poëtysk wurk. Yn dy bondel is in skift fan 26 gedichten opnaam dy’t Dotinga makke nei oanlieding fan ferskillende byldhouwurken dy’t er seach op in iepenlofttentoanstelling yn park ‘Sonsbeek’ te Arnhim. Tiny Mulder skreau yn har resinsje fan de bondel ‘Dichter ynspirearre troch oare keunstners’ (Friesch Dagblad, 2 -09-1978): ‘Flaggen en tûkelteammen’- te fertalen yn feest mei hindernissen, lykas it minsklik bestean is – is in bondel mei ynhouten èn neffens de ynhâld – it giet om wêzentlike trekken fan it bestean – èn neffens de foarm’.
Jan Dotinga is as dichter altyd syn eigen wei gongen, hy hat him net beynfloedzje litten troch nije poëtikale opfettings. Net elke kritikus fan syn wurk kin dy hâlding posityf wurdearje; Eppie Dam is yn syn skôging ‘In lyts hâldfêst, in útsjoch ta besinnen’ (Friesch Dagblad, 17-03-2004) fan betinken dat Jan Dotinga nei syn beide goed ûntfongen bondels Flaggen en tûkelteammen en Efter it blêd oan (1981) as dichter minder sizzenskrêft krigen hat. Dam formulearret dat sa: ‘Nei dizze beide bondels is Dotinga as dichter achterútbuorke. Yn syn poëzy fan doe sit ynderlike driuw, spankracht, ûnrêst, wrakseling. Dêrmei fergelike binne de fersen yn Ik wol dy wizer ha (2004) hast berêstend, bytiden op it frijbliuwende ôf. Koarts, twifel en twastriid ha plak makke foar wiisheid, wissichheid en wurgens’. It dichterskip fan Dotinga hat geandewei hieltyd mear liturgyske eigenskippen krigen, hy bringt syn leauwe as dichter ûnder wurden. Hy brûkt de kearn fan in psalm, bout in fers om in Bibelsk wurd as genede, skepping of himel en ferbynt dat mei wurden út de tiid fan no lykas stiletto, ynternet en tatoeage. De twifels en ûnsekerheden fan de moderne minske wit er bytiden helder en trefseker wer te jaan.
Jan Dotinga hat fjouwer kear in Rely Jorritsma-priis krigen foar in troch him ynstjoerd fers.

Ferskaat
Yn de rin fan de tiid hat Jan Dotinga in grut ferskaat oan publikaasjes yn it ljocht jûn. Yn 1985 kaam fan him it boek De Ham, in doarp op ’e sânen, in histoarje fan Droegeham, út.
Foar it Simke Kloostermanlien, dêr’t Dotinga lange jierren in sit yn hân hat, skreau er Fan wurden oermânsk : in gedichtesyklus nei oanlieding fan poêzy en proaza fan Simke Kloosterman (1991). Yn datselde jier 1991, skreau Dotinga foar de Snitser kantorij Lieten foar libbenen, op muzyk set troch Wim D. van Ligtenberg. Mei deselde komponist makke er yn 1993 de teksten foar it sjongstik Bonifatius yn Fryslân, twa jier letter die er, tegearre mei dichteres Baukje Wytsma, itselde foar it muzykspektakel Gysbert sjongt, útfierd troch de Boalserter Oratoriumferiening. Foar útjouwerij Kok yn Kampen hat er berneboeken fan skriuwster Greet Sickman oerset yn it Nederlânsk. Fan de Amerikaanske negerdûmny James Weldon Johnson hat er sân preken, bondele yn it boekje Gods tromboanes, negerpreken yn it Frysk oerset. Dotinga hat as redakteur meiwurke oan De Stim fan Fryslân en oan Alternatyf.
Yn 2006 ferskynde fan de hân fan Dotinga in samling stikjes dy’t er skreaun hie foar de Stim fan Fryslân, foar it tsjerkeblêd fan de Gereformeerde kerken classis Kollum en foar it tsjerkblêd Geandewei, byinoar brocht yn it bondeltsje Fan bern, klúnkoek en tsjerken.

List fan belangrykste wurk

Poëzy
1965: Lytse Ivichheit
1966: Nei oanlieding
1966: Notysjes
1972: Apel en aei (In leafdesfers nei it heechliet. Lino’s en typografy fan Gerrit H. Messchendorp)
1974: Finsters op Helgolân
1978: Flaggen en tûkelteammen
1981: Efter it blêd oan
1982: Byldtaal / Beeldtaal
1988: Nôt (It ferhaal fan Ruth yn fersen)
1988: Sêft wurdt de hurde domme dei (bernegedichten)
1992: Lang gjin lykwicht : fersen fan de tachtiger jierren
2003: Ik wol dy wizer ha

Ferskaat
1979: Nou’t Hij de hichte hat… (bondel mei gebeden, fersen en belidenissen)
1982: Wa sil genêze (gedichten, gedachten, gebeden en belidenissen)
1991: Fan wurden oermânsk (gedichtesyklus skreaun n.o.f. proaza en poëzy fan Simke Kloosterman)
1979: Frieslands dichters Vandaag (redaksje, mei oaren)
1985: De Ham, in doarp op ’e sânen, in histoarje fan Droegeham
1986: Fertel en fier it feest (bydrage yn bondel mei fersen en ferhalen foar kristlike feestdagen)
1990: Mei de dea foar eagen (bysûnder nûmer fan De Stim fan Fryslân, redaksje, mei oaren)
2006: Fan bern, klúnkoek en tsjerken (sammelbondel fan stikjes proaza skreaun foar De Stim fan Fryslân en Geandewei).

Prizen
1960: Rely Jorritsmapriis (fers ‘Aldershûs’)
1961: Rely Jorritsmapriis (fers ‘Unbiwenber forklearre’)
1964: Rely Jorritsmapriis (fers ‘Hwat sil ik neame’)
1970: Provinsjale priis foar proaza en poëzy oer de lêste oarloch (3e priis foar fers : ‘Fiif ympresjes’)
1975: Rely Jorritsmapriis (fers ‘stil minske yn ‘t swart’)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

©Tresoar, 14-02-2007