Berne: 14-08-1821, Froubuorren
Ferstoarn: 15-01-1914, Holwert

Libben en wurk

Waling Dykstra waard op 14 augustus 1821 berne yn Froubuorren as soan fan in bakker. Hy soe sels ek bakker wurde, mar nei't er yn 1840 nei Spannum ferhuze wie om heite saak oer te nimmen, krige er al rillegau syn nocht fan dat fak ôf. Hy joech de bakkerij yn 1853 oer.

Yn 1839 wied er begûn mei it skriuwen fan fersen en ferhalen en syn literêr wurk soe wat langer wat mear fan tiidferdriuw ta in kostwinning wurde. Fan 1856 oant 1861 wenne Waling Dykstra yn Frjentsjer en wurke dêr by Telenga's boekhannel en útjouwerij. Fan 1861 oant syn dea yn 1914 wenne er yn Holwert dêr't er as boekhanneler en skriuwer fierhinne fan syn pinne libbe hat.
Hy troude yn 1850 mei Hinke Huizinga en krige in soan, mar yn 1851 komt syn frou te ferstjerren en yn it oare jier ek de lytse jonge. Dan trout er yn 1855 op 'e nij mei Afke Jans de Boer en mei har krijt er alve bern.

Om foar dy grutte húshâlding it brea te winnen hat Waling Dykstra in soad skreaun, dat net fan bliuwende wearde is, mar hy hat ek dingen makke en inisjativen nommen, dêr't er de hulde dy't him benammen op syn 80e en 90e jierdei sa rynsk brocht is, wol foargoed foar fertsjinne hat.
Yn it foarste plak wie Waling Dykstra as fuortsetter fan de Halbertsma-tradysje in leveransier fan Fryske lektuer sawol yn de foarm fan floate ferhalen as fan rymstikken. Dan wied er ien fan de earsten dy't berneboekjes skreau. Yn 1860 soarge er yn 'e mande mei Tsjibbe Gearts van der Meulen foar in trochbraak yn it Fryske toaniellibben troch "Frysk Winterjûnenocht" te bringen en mei in wurklist fan foardrachten en lietsjes stêden en doarpen bylâns te reizgjen. Hy hat dat (mei ferskillende partners) mear as 25 jier folhâlden. Waling Dykstra hat ek pionierswurk levere op it mêd fan de folkssang. Lang net alles wat ûnder syn namme ferskynd is, wie oarspronklik, mar Dykstra joech syn oersettingen en bewurkingen wol wat eigens mei. Hy wie in bejeftige ferteller en in flotte, mar wol slim moralisearjende dichter. Syn stikken hiene gjin psychologyske djipgong of boeiende struktuer en wiene yn har ideewrâld frijwat befêstigjend. Krekt dêrom hawwe de jongfriezen distânsje fan him nommen. Mar wie Waling Dykstra miskien net in grut literator, hy wie wol in earsten taalbefoarderer mei syn rymstikken en ferhalen, syn toanielstikken, foardrachten, jierboekjes, skuorkalinders, ulefelrymkes, sankjes, tydskriften en folle net genôch. Hy wie de auteur fan twa boeken, dy't wol as romans oantsjut wurde meie, al binne it winliken mear breed útwurke folksferhalen: De sulveren rinkelbel (1856) en De Fryske Thyl Ulespegel (1860). Fan grutte, ek wittenskiplike wearde bliuwe de beide standertwurken: it Friesch Woordenboek (1895-1911) en Uit Frieslands Volksleven (1892-1896). Yn 1916 is yn Ljouwert in monumint foar him oprjochte dêr't in troch Pier Pander byldhoud medaljon yn ferarbeide is.

Literatuer
1949: J.W. Dykstra yn Waling Dykstra, syn libben en syn wurk.
1984: Tekst en Utlis (Freark Dam)
2003: Ph.H. Breuker yn De silveren rinkelbel (út de rige Fryske Klassiken) in artikel oer skriuwer, boek en útjeften.

Kar út syn wurk

Proaza
1856: De silveren rinkelbel (2de pr. 1866; 3de pr. 1887; 4de pr. 1908; 5de pr. 1930; 6de pr.
1950: 7de pr. 1987; 8de pr. 2003)
1860: De Frîske Thyl Ulespegel (2de pr. 1879; 3de pr. 1895; 4de pr. 1908; 5de pr. 1953)

Teltsjes yn rym en ûnrym
1850: It heamiel by Gealeboer (2de pr. 1854; 3de pr. 1860)
1851: Winterjounen by Gealeboer (2de pr. 1854; 3de pr. 1879)
1880: Ut en Thús
1912: Net nij, ek net wei

Lieten
1848: Doaitse mei de Noardsce balke (2de pr. 1848; 3de pr. 1850; 4de pr. 1853; 5de pr. 1858; 6de pr. 1897)
1857: De boeresjonger (2de pr. 1857; 3de pr. 1875; 4de pr. 1876)
1860: Mink mei 't orgel

Bern
1851: Blommekrânske for de Fryske berntsjes
1852: Hûsnocbt for de bern
1853: De blide berntsjes

Toaniel
1860: In útfenhûser by de bakker (toaniel) (2de pr. 1870; 3de pr. 18??; 4de pr 18??; 5de pr.
1900)
1886: Sabeare dokter (2de pr. 1895; 3de pr. 1904)
1875: Oebele Glûper (nei Molières Tariuffe)

Tydskriften en kranten
1850: De Frysce Huesfrjeun (tydskrift oant 1869)
1864: De Frîske Nysbode (Fryske krante, oant 1865)
1876: Friesch Volksblad (mei 0. Stellingwerf, yn 1883 lit Waling Dykstra him útkeapje)
1890: Sljucht en Rjucht (1890 en 1897-194l; Waling Dykstra bleau oant syn dea ta redakteur)

Ferskaat
1852: Krelis Regtuut syn rais na Ljuwt (Bildtsk)
1891: En rare koridon (Bildtsk)
1892: Uit Frieslands Volksleven (oant 1896)
1895: Friescb Woordenboek (oant 1911)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

© Tresoar, 08-06-2004