Berne: 04-09-1916, Den Haach
Ferstoarn: 13-07-1999, It Hearrenfean

Libben en wurk

Feijo Schelto Sixma van Heemstra waard berne yn Den Haach. Hy wie in soan fan Cornelis Schelto Sixma baron van Heemstra en Johanna (Annie) Schimmelpenninck.

Cornelis Sixma van Heemstra, ôfkomstich fan âlde Fryske adel, wie in tal jierren partikulier sikretaris fan keningin-mem Emma en letter fan har dochter, keninginne Wilhelmina. Feijo gie yn Den Haach nei it gymnasium en studearre letter skiednis en keunstskiednis yn Utert en Paris. Hy promovearre yn 1950 yn Grins op De klederdracht van Hindeloopen. Yn syn wurksum libben hat er ferskeidene banen hân; hy ynventarisearre fuort nei de oarloch de kolleksje fan keizer Wilhelm yn kastiel Doorn, wurke by it Museum van Volkenkunde yn Arnhim en by it Hidde Nijlandmuseum yn Hylpen, hy wie dosint oan de universiteit fan Utert en Grins en wie learaar, ûnder oare yn Ljouwert en yn Swol. Letter wie er fertaler by de EEG yn Brussel en hie er in fertaalburo yn Den Haach. Van Heemstra hat him altyd tige ynteressearre yn minderheidstalen en ferskeidene publikaasjes oer dat ûnderwerp op syn namme stean.

Sixma van Heemstra brocht as bern de simmerfakânsjes troch op Fogelsanghstate te Feankleaster en wie winterdeis in soad yn Ljouwert. Sadwaande learde er Frysk, de taal dêr’t er syn literêr wurk yn publisearre. Tidens de oarloch skreau er Fryske stikjes yn it Algemien Frysk Jongereinblêd, syn earste publikaasje wie in rige skiedkundige skôgings ûnder de titel Nei in oare wrâld (1954).

Hy debutearre yn 1963 mei de koarte roman Leafdedea, ûnder de skriuwnamme Homme Eernstma (de earnstige minske). It wurk ferskynde yn deselde tiid as De smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma, boeken dy’t troch har, foar wat de Fryske literatuer oanbelange frijmoedige beskriuwing fan erotyk en seks, nochal wat opskuor feroarsaken. Datselde barde net mei it boek fan Eernstma, hoewol’t dat mei de beide earder neamde romans besjoen wurde kin as wurk dat der ta bydroech dat de fernijïng yn de Fryske literatuer ynsette. As ien fan de redenen dat it boek sa’n bytsje omtinken krige wurdt sjoen, dat it útkaam as in útjefte fan literêr tydskrift Quatrebras yn Amsterdam, in tydskrift dat doe troch guon besprekkers, ûnder oaren Fedde Schurer, negearre waard. Schurer skreau yn De Tsjerne (nûmer 7/8, 1964) in ferneatigend stikje oer Leafdedea. Josse de Haan skreau yn syn neiwurd by de twadde printinge fan it boek (1994): ‘Dêrnei liket it wol oft de koarte roman fan Homme Eernstma net mear bestie’, al is ek dat net alhiel wier, want Bauke de Jong skreau yn Asyl (juny/july 1964) in wiidweidige resinsje en Jacob Noordmans die itselde yn de Leeuwarder Courant (15-08-1964). Nei alle gedachten hat ek it feit dat it ferhaal in surrealistyske fertelling wie, der ta bydroegen dat de Fryske resinsinten net sa goed rie wisten mei Leafdedea. Jan Jongsma skreau yn syn besprek fan de twadde printinge (1994): ‘De surrealistyske eleminten yn Leafdedea wiene yn de jierren sechtich folslein wat nijs, benammen yn de Fryske literatuer. /.../ It boek wie eins yn 1963 syn tiid foarút’ (Friesch Dagblad, 23-07-1994). Jongsma fierder: ‘Leafdedea is in opfallend boek. It is eins in fenomeen, in roman sa’t der echt yn de Fryske literatuer gjin twadde fan is. Dat jildt foar de bou, mar benammen foar de fantasijerike en surrealistyske útwurking fan de ideeën, dêr’t de haadfiguer yn syn stúdzjetiid mei yn ’e kunde kommen is’.
De roman is yn 1994 ek útkommen yn in Frânske oersetting troch Agnes Caers ûnder de titel Amouramort by útjouwerij Actes Sud.

It idee om fia de telefoan gedichten foar in grut publyk tagonklik te meitsjen, kaam op in skriuwerswykein yn Koartehimmen (1967) fan Sixma van Heemstra; de dêrút fuortkommende dichterstelefoan mei de namme Operaesje Fers, opset troch Josse de Haan, Meindert Bylsma en Geart van der Zwaag, wie in grut sukses. Goed 25 jier, fan 1968 oant 1994, hat de dichterstelefoan yn ’e loft west. Tidens it bestean fan Operaesje Fers is der twa kear in blomlêzing mei útstjoerde gedichten ferskynd, Kar út 15 jier Operaesje Fers (mei in bantsje mei 80 lûdsopnames) en Sulver (1993). Yn 1969 krigen de meiwurkers fan Operaesje Fers de Gysbert Japicxpriis takend, mar omdat dy troch reglemintêre redenen net oan in stifting takend wurde koe, koe de priis net útrikt wurde. De redaksje fan tydskrift Trotwaer hat de priis doe symboalysk dochs takend en oerlange oan Sixma van Heemstra op de Lange Piip yn Ljouwert (10 oktober 1969).

Yn 1967 rjochte Sixma van Heemstra it twatalige tydskrift A-wyt op, bedoeld as poadium foar jonge Fryske skriuwers. Meindert Bylsma, Josse de Haan en Reinder Rienk van der Leest hearden ta de bekendste auteurs dy’t yn it twajierrige bestean fan it blêd, der yn publisearre hawwe.

De roman Marginale minsken, dy’t yn 1968, ek ûnder syn skriuwersnamme Homme Eernstma ferskynde, spilet him ôf ûnder professoaren en studinten yn in universiteitsstêd. Hoewol’t de roman diskear wol by in útjouwer (Laverman) ferskynde, wie it omtinken en de wurdearring by besprekkers net grut te neamen.

Yn syn essee Frysk bloed, tsjoch op!, útkommen as nûmer 2 yn de Ljochtmoannerige fan de Koperative Utjouwerij (KU,1995), kaam ‘de baron’, sa as er yn de Frysk literêre rûnten faak neamd waard, mei in eigen ferzje fan it Frysk folkslied op de meldij fan ‘It Heitelân’.

Roman Hagois, de lêste roman fan Homme Eernstma, ferskynde yn 1998 by de KU. It is it pseudo-autobiografysk ferhaal fan Johanna Arnolda Bernardina Schimmelpenninck (1889-1971), mem fan de auteur. Yn de roman wurdt it libben yn Den Haach en oan it hof beskreaun yn de perioade tusken de beide wrâldoarloggen. De man fan de fertelster, heit fan de skriuwer, wie fan 1934 oant 1940 partikulier sikretaris fan keninginne Wilhelmina. De ferhalen en oantekeningen út de deiboeken fan Annie Schimmelpenninck binne ferwurke yn de roman. De roman hat breed omtinken hân yn sawol de provinsjale as de lanlike parse.

Feijo Schelto Sixma van Heemstra is op 13 july 1999 op It Hearrenfean ferstoarn.


Wurk (in seleksje)

1963 : Leafdedea (roman; 2e printinge 1994, mei in neiskrift fan Josse de Haan; 3e printing 2011, mei in neiskrift fan Agnes Caers)
1968 : Marginale minsken (kaairoman)
1986 : Ook dit gaat voorbij, de historie van een prille liefde
1997 : Amouramort. Frânske oersetting fan Leafdedea troch Agnes Cears.
1998 : Roman Hagois. Autobiographie de la comtesse Johanna Arnolda Bernerdina Schimmelpenninck 1889-1971, douairière Cornelis Schelto baron van Heemstra ?-1942
2013 : Liefdedood, oersetting troch de auteur sels


Mear oer de auteur

Jantien de Boer, Fraachpetear mei Van Heemstra, LC 31-12-1991



Tresoar © 4-5-2007