Berne: 09-11-1868, Tsjommearum
Ferstoarn: 06-08-1919, Skerpenseel

Libben en wurk

Syn oplieding ta skoalmaster krige Gerrit Jacobs Elgersma oan de Normaalskoalle te Frjentsjer. Wat dat oanbelanget gie er in hiele oare kant út as syn heit Jacob Nannes Elgersma, dy’t wurke oan it Riedster tichelwurk, in stienfabryk dêr’t reade metselstiennen bakt waarden.

Soan Gerrit hat wol meiwurke op it tichelwurk. Dat betsjutte moarns ier en betiid om trije oere begjinne, ek as bern.
Elgersma stie op 1 novimber 1888 foar it earst as master foar de klasse te Slikenboarch (by Spangea). Hy wie doe 20 jier.
Op 17 oktober 1891 troude er mei Albertje Donker. Yn 1892 ferhuzen se nei Skuzum (Idsegahuizen). Elgersma stie fierders noch oan skoalle yn Wûnseradiel en Noardwâlde. Yn 1901 waard er as haad beneamd oan de iepenbiere legere skoalle te Marsum. Trije jier letter gie er mei syn húshâlding foargoed om utens; hy waard doe haad fan in legere skoalle yn Den Haach. Hy en syn frou krigen sân bern (trije dochters en fjouwer soannen).
Neffens soan Jacob Nanne hat Elgersma yn de Haachske perioade in soad kontakt hân mei de pedagooch Jan Ligthart. En as er ris tiid oer hie, lies er graach de boeken fan de Amearikaanske skriuwer, mystikus en filosoof Ralph Waldo Trine, lieder fan het Nieuwe Denken (wichtichste boek In harmonie met het Oneindige, 1897).
Gerrit Elgersma is yn 1919 op frij jonge leeftyd ferstoarn. Hy wie op fakânsje yn Skerpenseel. Omdat syn frou út dy omkriten kaam, is er dêr te hôf brocht, krekt as letter ek syn frou.

Skriuwer
Yn 1916 skreau it Selskip ‘Fryslân’ te Amsterdam in kriich út yn it meitsjen fan Fryske foardrachten. Elgersma stjoerde ek wurk yn. Hy wie doe noch in folslein ûnbekende skriuwer. De jury wie tige ferheard oer de kwaliteit fan it wurk dat er ynstjoerd hie (fiif lietteksten mei elk in wize en in ienfâldige yllustraasje), en hy krige de earste priis. Spitichgenôch koe er de feestlike útrikking net bywenje. Syn sûnens wie doe al hiel kwetsber en hy moast tige foarsichtich libje. As skriuwer soarge er foar in twadde ferrassing mei syn boek Sipke en ik. It ferskynde earst as feuilleton yn de Frjentsjerter Krante. Yn 1922, trije jier nei Elgersma syn ier ferstjerren, kaam de earste útjefte yn boekfoarm út by drukkerij Telenga (ek útjouwer fan de krante). De doe ferneamde Fryske (toaniel-)skriuwer Bonne Sjoukes Hylkema skreau it priizgjende biografysk foarwurd. It boek waard in boppeslach neamd, ek al fanwege de prachtige yllustraasjes fan Ids Wiersma.
In ideaal fan Elgersma wie: ‘Wy wolle de Friezen yn it algemien en de jongerein yn it bysûnder sa graach oan it Frysk lêzen hawwe, omdat wy dêryn it middel sjogge om by de Friezen de leafde foar har taal wekker te skodzjen en oan te sterkjen.’

Lettere resepsje
It hat wol oant 1973 duorre foardat Sipke en ik opnij útjûn waard.
Under oaren Anne Wadman spruts der foar de Regionale Omrop Noard op 12 july 1957 skande fan yn in radiobesprek. Sipke en ik wie it earste Fryske berneboek dat Wadman ûnder eagen krigen hie en hy hie it lêzen ‘met koortsige wangen en intens geluksgevoel’ . Hy sei oer it boek: ‘Een jongensboek dat 40 jaar na zijn ontstaan nog springlevend is, heeft recht op de naam klassiek, en deze betiteling zou ik op Sipke en ik in haar volle betekenis willen toepassen. Klassiek en toch… vergeten.’
Krekt as Anne Wadman hawwe ek oare kritisy dit wurk fan Elgersma tige wurdearre.

Kabaretteksten
Njonken Sipke en ik hat Elgersma ek namme makke as skriuwer fan foardrachten mei wizen en pianobegeleiding; de muzyk skreau er ek sels. Feitlik wie hy de earste Fryske kabaretskriuwer. De teksten binne neitiid sammele en ûnder de titel Ut it libben ek by Drukkerij Telenga ferskynd. Se litte jin gauris tinke oan en binne soms oersettingen fan wat der yn Hollân makke waard troch mannen lykas Koos Speenhoff en Eduard Jacobs. Koos Speenhoff (1869-1945) wie in Nederlânsktalige dichter/sjonger, dy’t in pioniersrol hie foar de klienkeunst yn Nederlân. Elgersma wie dêrom ek wol bekend as ‘de Friese Speenhoff’. Syn teksten wiene somtiden sentimenteel mar likegoed ek kritysk-realistysk. Dêrby gie Elgersma guon taboe’s net út de wei. In foarbyld dêrfan út ‘As men âld wurdt’ is de mooglikheid sels in ein oan jins libben te meitsjen.


List fan belangrykste wurk

Proaza
1922 : Sipke en ik. Jongesforhael. Mei tekeningen fan Ids Wiersma. 2de pr. 1973, mei yllustraasjes fan Emily de Jong.
1985 : Sipke en ik. Ferhaal foar bern fan 10 jier ôf. Tredde pr.

Poëzij en lieten
1917 : Ut it libben. Libbenslietsjes (in rige fan acht dielen mei elk fiif nûmers)
1919-1922 : Geregeld poëzy en berneferskes yn It Heitelân en Sljucht en Rjucht, postúm publisearre.

Oersettingen
1984 : Sipke en ik. Jongesferhaal. Yn it Biltsk troch Hanne Kuiken, mei tekeningen fan Ids Wiersma.

Prizen
1916 : Gouden Eare-penje (1e priis) en fjouwer ryksdaalders op kriichskriuwerij fan it selskip ‘Fryslân’ te Amsterdam. De priis waard útrikt troch de Weledelgeleerde Heer F. Posthuma, Minister fan Lânbou.




© Tresoar 05-12-2012