Berne: 05-03-1975, NOARDBURGUM

Libben en wurk

Ate Grypstra is berne te Noardburgum. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre oan de Ryksuniversiteit yn Grins en joech Ingelsk en Frysk oan in oantal skoallen yn Fryslân, it lêste op it Kristlik Beyers Naudé Gymnasium yn Ljouwert.

Yn 2014 makke er de oerstap nei de Afûk as koördinator edukative projekten. Nei de publikaasje fan in tal koarte ferhalen kaam yn 2008 de ferhalebondel Heftich út, in bondel mei jongereinferhalen.
Grypstra publisearre ferhalen en gedichten yn Hjir, Ensafh, Farsk, LinKk, de Moanne, Inkijk en de Prinsentuinbundel. Kollums fan syn hân binne ferskynd op Wâldnet, op de Skanoside,  en yn De Moanne. De skriuwer is ek aktyf mei oersettings fan Ingelstalich wurk, dy’t publisearre binne yn it ynternettydskrift Farsk en yn De Moanne. Fan 2009 oant en mei 2011 wie er redaksjelid fan De Moanne. Yn 2011 siet er yn de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis.

Bibliografy


Jeugdferhalen

2008: Heftich

Berneboeken 2010: Rinze hat de hik 2010: Tsjang tsjin tiid (Studio F, taalmetoade Frysk) 2013: Tsjang en de taaldief

Jeugdromans 2011: It beest fan de Westereen 2012: Krús fan de Hollanner 2014: Femke faalt (as e-boek, folge troch in útjefte op papier yn 2016)

Poëzy 2014: As deldwarreljende jiske - Wâldsangen en doarpsgedichten

Oersettingen 2014: De skippers fan de kameleon (stripboek Dick Matena n.o.f. boek H. de Roos)

Prizen 2009: De bongelboekepriis (priis takend troch studinten fan de NHL) 2015: Rely Jorritsmapriis foar it gedicht De stêd, in sang

Webside

www.freewebs.com/ategrijpstra