Berne: 20-02-1945, Readtsjerk

Libben en wurk

Gjalt de Groot is berne yn in boerehúshâlding yn Readtsjerk. Nei in jier Ulo gie er nei de legere en de middelbere lânbouskoalle. Hy buorke seis jier op syn heite pleats en gie doe wer oan it learen, de oplieding ‘dierveredeling middelbaar kader’ te Almelo.

Hy wurke by de foarljochtingstsjinst foar de mengfoerfabrikaazje en ek as bargeboer yn Holwert. Sûnt er net mear buorket is er poldermûnder en greidefûgelbeskermer, en hâldt er him dwaande mei skriuwen, fiskjen, ielrikjen en einekoerflechtsjen.

Skriuwerij

Gjalt de Groot syn Fryske skriuwerij begûn yn 2006 by in ferbliuw fan seis wike yn de skriuwersarke fan Rink van der Velde op ’e Feanhoop. Yn in fraachpetear mei de LC sei er dêroer: ‘…nei dy pear oerkes bin ik al deawurch. It skriuwen kostet in soad enerzjy. Hie ik nea tocht.’

Maitiid 2009 ferskynde syn debút: De jonge aaisiker fan Luctor et emergo, dêr’t er syn grutte leafde foar it aaisykjen yn beskriuwt. Hy leit ûnder oare út dat aaisykjen hiel wat oars is as it ‘rapen van eieren’, en dat aaisykjen alles te meitsjen hat mei histoarysk besef en leafde foar de natoer.It boek jout bylden dy’t yn syn ûnthâld brând lykje te wêzen: bytiden tige detaillearre beskriuwings fan ferskate loopkes troch ’t fjild, mei of sûnder skou.

In jier letter kaam De Groot mei in twadde natoerferhaleboek, It swetshok, it plak dêr’t samar smoute ferhalen opkomme. In part dêrfan waarden bondele yn it boek.


Bibliografy

2009: De jonge aaisiker fan Luctor et emergo
2010: It swetshok
2011: De aaisiker
2012: It lêste aai
2013: No moatst hearre!
2017: No komt it noch!


Tresoar, 2011