Berne: 20-08-1931, Drachten
Ferstoarn: 31-03-2004, Koartehimmen

Libben en wurk

Anne Hellinga is berne yn Drachten. Syn heit wurke by it Termogemyske fabryk te Burgum, nei dy omkriten ferhuze de famylje letter dan ek. Anne wenne yn syn jeugd yn Burgum, Garyp, Eastermar en Sumar.

Nei de legere skoalle gyng er nei de mulo yn Burgum. Dêrnei soe er nei de HBS, mar omdat syn maten allegear al fertsjinnen, joech Anne him op by de marsjesee. Syn stânplak waard Amersfoort. De militêre oplieding foldie net, nei in tiid gyng er oer nei de plysje. Al gau, yn 1952,  koe er as aspirant by de plysje yn Den Helder oan ’e gong. Yn syn frije tiid helle er de plysjediploma’s A en B, folge er fakkursussen, de ferkearsskoalle en de kaderskoalle. Nei fiif jier Den Helder krige er in oanstelling by de gemeenteplysje fan Opsterlân en kaam er werom yn Fryslân. Dêr soe er bliuwe oant syn pensionearring, yn 1974 waard er beneamd ta adjudant fan it plysjekorps.
Hellinga hie belangstelling foar skriuwen en sjoernalistyk, by de L.O.I. (Leidse Onderwijs Instellingen) folge er in skriftlike kursus sjoernalistyk. Hy debutearre as dichter yn 1965 mei trije fersen oer de dea, ‘hjoed wie de dea’, ‘bigraffenis’ en ‘soms is de dea’, dy’t ferskynden yn it desimbernûmer fan De Strikel.


Hy debutearre yn boekfoarm mei de dichtbondel Proses-verbael. De bondel kaam út yn de rige ‘Drachtster debuten’ dy’t ûnder redaksje fan Freark Dam ferskynden by útjouwerij Laverman yn Drachten (1968). Alve jier letter kaam in twadde bondel fan syn hân yn ’t ljocht, dy’t útkaam ûnder de titel: Myn hûs stiet wol op moude. Tineke Steenmeijer-Wielenga skreau yn har besprek fan de bondel: ‘Yn al dizze fersen besiket de dichter syn gefoel fan mankelikens, mistreastigens, wranteligens, wurgens, teloarstellingen en noch in pear oare nuansearringen ûnder wurden te bringen. (...) Anne Hellinga bout syn gedichten op neffens in bepaald skema. (...). Hy begjint mei in útspraak, in stelling hast: dy wurdt útwurke en  taljochte en oan ’e ein fan it fers as in foech konklúzje herhelle’ (Leeuwarder Courant, 29-03-1980). De fersen fan Anne Hellinga hawwe gauris in wat mankelike en tagelyk sarkastyske ûndertoan.
Fan in hiel oar sjenre wie syn plysjeroman Twa deade sigeuners. De roman kaam út yn de Gurbe-rige fan de Ljouwerter krante. Haadpersoan yn it ferhaal is in gewoane plattelâns-plysjeman dy’t konfrontearre wurdt mei de moard op twa jonge sigeuners. It is net in gewoane speurdersroman, mar in ferhaal dêr’t it plysjebestean fan binnen út yn beskreaun wurdt.


Yn ’e mande mei Jan J. Bylsma skreau Hellinga dêrnei in searje fan trije plysjeromans, mei dêryn iderkear deselde brigadier-resjersjeur, nammentlik Jannes Egbert Maria Benedictus, as haadpersoan. It earste diel, Moard op ’e Himrik ferskynde yn 1973. Moard mei muzyk yn 1974 en Benedictus pakt troch yn 1975. It binne flot skreaune speurdersferhalen, dy’t har allegear ôfspylje yn Fryslân.
Yn de bondel Skeind ferline, mei ferhalen oer it tiidrek 1940-’45 is ek in ferhaal fan de hân fan Anne Hellinga opnaam.
Anne Hellinga hat njonken De Strikel ek geregeld publisearre yn De Tsjerne. Fierders stiene fersen fan him yn Fersefariaesje, Rym en ûnrym en de Fryske Skriuwerskalinder. Hy wurke  mei oan de Strikelboeken Driuwende saken (1997) en Hâlden & kearen (1998).

Wurk

Poëzij
1968: Proses-verbael
1979: Myn hûs stiet wol op moude : fersen

Proaza
1972: Twa deade sigeuners : in forhael oer in plysje
1974: Moard mei muzyk : plysjeroman (mei Jan J. Bylsma)
1974: Moard op ’e Himrik : plysjeroman (mei Jan J. Bylsma)
1975: Benedictus pakt troch : plysjeroman (mei Jan J. Bylsma)
1990: Skeind ferline : ferhalen oer it tiidrek 1940-1945 (ferhalebondel, mei oare skriuwers)

Tresoar, 13-3-2009