Berne: 06-06-1946, Tersoal

Libben en wurk

Bouke van der Hem is berne op 6 juny 1946 yn Tersoal. Dêr hat er ek syn jeugd trochbrocht, hy groeide op yn in boerehúshâlding.

Hy folge fuortset ûnderwiis yn Snits en studearre rjochten yn Grins. Nei syn stúdzje wurke er earst yn de sosjaal-juridyske helpferliening, letter waard er direkteur fan Stichting Maatschappelijk Werk Fryslân. Sûnt 2000 hat er yn Grins in buro foar 'mediation', konfliktbemiddeling.

Yn syn stúdzjetiid sleat er him oan by de Fryske studinteferiening Bernlef. Yn dyselde tiid begûn er ek mei it skriuwen fan proaza. Tegearre mei Sjoerd Bottema, no ek Frysk skriuwer, skreau er it orgaan fan Bernlef, De Harpe, fol. It literêre nivo fan dat skriuwen koe noch gjin sprekken lije: yn in fraachpetear mei Marijke de Boer (Friesch Dagblad 27-02-2002) sei er dêr sels fan: 'Wy misbrûkten it blêd mei ús literêre pretinsjes. Dat hâlde op in stuit op. It bledsje waard doe noch typt op it Frysk Ynstitút op de universiteit. In kear hie de sekretaresse har by it bestjoer beklage oer it nivo. 'Dit krij ik net út de masine wei', sei se. Ach wy skreaunen miskien wat frijmoedich oer it ien en oar. It wie yn it lêst fan de jierren sechtich.'

Bouke van der Hem debutearre as skriuwer mei in ferhaal yn in spesjaal jongereinnûmer fan literêr tydskrift De Tsjerne yn 1967. Dêrnei kaam er hiel lang net mear oan kreatyf skriuwen ta. Nettsjinsteande dat feit neamde er himsels lykwols skriuwer. Yn itselde petear mei Marijke de Boer sei er: 'Ik ha altyd witten dat ik skriuwer bin. Al ha ik it jierren net dien, yn gedachten wie ik in skriuwer.' Yn dy tritich jier 'tôge er altyd in notysjeblokje yn 'e holle mei', dêryn 'notearre' er mooglike ûnderwerpen foar in ferhaal of in roman.

Op in stuit is er wer mei skriuwen begûn, hy twong himsels derta om twa rigels op te skriuwen. Dat wie yn 1998. Hy tocht net bewust nei oer de taal dêr't er yn skriuwe woe, mar dy earste sinnen kamen yn it Frysk. Dat wie lykwols it begjin fan in lange wrakseling mei de taal. Syn behearsking fan it Frysk wie min wurden om't er it Nederlânsk yn syn wurk en ek privee it measte brûkte. Syn ynspanning om de taal goed te learen waard beleanne en hy krige de taal yn 'e macht.

Syn debútroman Sloppe Opels ferskynde yn 2002. De roman waard troch de kritisy goed ûntfongen, hy waard priizge foar syn stilistyske souplesse, knappe komposysje en de rike beslipe styl. Sloppe Opels is net in roman mei in oantal ferhaallinen dy't ien foar ien ôfwikkele wurde, mar is opboud yn tweintich episoaden ferdield oer fjouwer ôfdielings. De skriuwer ferwurket syn tematyk út allerhanne perspektiven wei, mei gâns ferskaat oan stilistyske metoaden. 'Springerich' neamt Van der Hem syn manier fan skriuwen, wat losse eintsjes hjir en dêr steure him net yn it minst; dy wurkwize ferget de lêzer op meidwaan en meitinken oer it hâlden en dragen fan de beide haadpersoanen út de roman. Dy beide haadpersoanen, Sipke Blom en Reinder Beetstra, wiene earder buorjonges en boarten yn har bernejierren meielkoar. Yn Sipke Blom binne de eardere húsdokter Sippe Schat fan St. Nyk en hurdfytser Tiemen Groen feriene. Reinder Beetstra is it prototype fan de linkse studint en de berops-politikus út de jierren sechtich en santich. Beide personaazjes binne bepaald gjin moreel-heechsteande wêzens. Hja binne opportunisten dy't wat te ferbergjen hawwe: in simplifikaasje fan de werklikheid. De skriuwer sels seit, dat er dat mei opset dien hat om't er de reaksjes fan de omjouwing op sokke figueren eins noch it ynteressants fynt.

De politike tiidgeast fan de jierren sechtich oant it begjin fan de ienentweintichste ieu is it sintrale tema yn de twadde roman fan Bouke van der Hem It poadiumbeest (2005). Hy sketst dy tiidgeast oan de hân fan de relaasje tusken twa popmuzikanten út Snits. Arjen, dy't him altyd oan de feilige kant fan de line opstelt, en Jilles, charismatysker en minder oanpast. Ek yn dizze roman, ferteld yn eigentiidsk geef Frysk fol subkultuertaal, boartet Van der Hem mei in ferskaat oan techniken en perspektiven. Abe de Vries seit yn syn besprek fan it boek ('It Fortuynisme ferklearre', Leeuwarder Courant 22-07-2005): 'Haadsaak is dat Bouke van der Hem in orizjinele, aktuele en kontroversjele roman skreaun hat'. It poadiumbeest nimt stelling tsjin it folgjen fan opleine koades en tsjin it swijen as der sprutsen wurde moat. Sok Fortuynisme sil net elkenien noaskje, mar it giet der om dat eleminten derút hjir in oansprekkende literêre foarm krigen hawwe'.

Wurk

Romans
2002: Sloppe Opels
2005: It poadiumbeest
2006: Stille tochten: de Snipperij-syklus
2010: De fuery

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

(c)Tresoar, 14-02-2003