Berne: 13-02-1860, Nes (D)
Ferstoarn: 09-01-1939, Hilversum

Libben en wurk

Libben
Nynke fan Hichtum waard op 13 febrewaris 1860 yn 'e herfoarme pastorij fan Nes (Dongeradiel) berne as Sjoukje Maria Diderika Bokma de Boer.
Hja krige ûnderwiis op 'e doarpsskoalle en fan 1875 oant 1879 op in kostskoalle yn Dokkum.

Yn 1885 kaam hja op in studintebal yn Grins yn 'e kunde mei Piter Jelles Troelstra . Trije jier letter trouden hja, neidat Troelstra him as advokaat en prokureur fêstige hie yn syn bertestêd Ljouwert. Underwilens hie Nynke fan Hichtum har literêr debút makke mei bewurkingen fan Dútske mearkes fan Leander dy't ûnder de titel Teltsjes yn skimerjoun yn 1887 ferskynden. Hja wurke mei oan For Hûs en Hiem, it tydskrift fan Piter Jelles. Neidat de Troelstra's út Fryslân wei nei it westen fan it lân ferfearn wiene, begûn Nynke yn it Hollânsk te skriuwen. Benammen foar her eigen bern, de yn 1889 berne dochter, Dieuwke, en de yn 1891 berne soan Jelle, skreau hja in fiiftal boeken oer it libben fan de Eskimo's en fan de Kaffers. Hja oriëntearre har tige foar har wurk, om't hja fan betinken wie, dat de bern in goed byld krije moasten fan oare lannen en kulturen.
Troelstra gie yn dy jierren alhiel op yn de propaganda foar de jonge arbeidersbeweging. Yn 1894 wie hy ien fan de tolve oprjochters fan de SDAP.

Yn 1903 ferskynde Afke's Tiental, een schets uit het Friesche arbeidersleven door N. van Hichtum. It boek wie basearre op de ferhalen dy't Hiltsje Feenstra fan Wergea oan mefrou Troelstra ferteld hie oer hoe't it der by har thús yn de grutte húshâlding om en ta gie. Hiltsje hie by de Troelstra's tsjinne, doe't dy noch te Ljouwert wennen en hja hie mei safolle tagedienens oer har mem praat, dat it Nynke altyd by bleaun wie.

Hja krige in protte reäksjes op it boek fan minsken dy't troch it ferhaal oer Afke begrepen hiene, wat har eigen mem foar har betsjut hie. Yn 1905 folgen noch Friesche Schetsen, mar dêrnei kaam Nynke fan Hichtum tenearsten net wer oer oarspronklik wurk gear. Hja hie in swakke sûnens en moast in protte lijen en fertriet ferneare. Har bern giene foar fuortset ûnderwiis nei Dútske kostskoallen, har âlden rekken wei en de ferwidering dy't tusken har en Piter Jelles ûntstien wie, waard hyltyd slimmer. Yn 1907 waard ta in skieding besletten. Nynke fêstige har mei har soan Utert. Yn de folgjende jierren hold hja har dwaande mei it sammeljen, oersetten en bewurkjen fan mearkes, ferhalen, sêgen en leginden út de hiele wrâld. Oan 'e ein fan har libben skreau hja noch in trijetal boeken dy't yn Fryslân spilen: Jelle van Sipke-Froukjes, Schimmels voor de koets... of Vlooien voor de koekepan? en Drie van de oude plaats. De skriuwster hie yn 'e holle noch in boek te skriuwen oer har lokkige bernejierren yn Nes, mar dat is der net mear fan kommen. Hja hat noch belibbe, dat Afke's Tiental yn it Ingelsk útjûn waard, mar De jonge Priiskeatser, de Fryske edysje fan Jelle van Sipke-Froukjes hat hja net mear yn boekfoarm sjen kinnen. Hja hie dat ferhaal yn it Frysk skreaun as in ôfskiedsgeskink oan it heitelân. Nynke fan Hichtum is te Hilversum ferstoarn op 9 jannewaris 1939.

Bibliografy

In kar út har oarspronklik wurk út oersettings en bewurkingen

1887: Teltsjes yn skimerjoun (nei Leander)
1897: Sipsu, "de knappe jongen"
1898: De geschiedenis van den kleinen Eskimo Kudlago
1899: Oehoehoe
1900: Oehoehoe in de wildernis
1901: Een kaffersche heldin
1903: Afke's Tiental
1905: Het apenboek
1905: Friesche Schetsen
1908: Der wier ris in âld wyfke
1911: Moeders vertellingen
1913: Oude en nieuwe verhalen
1921: Vertellingen uit Duizend en één nacht
1922: Het groot vertelselboek
1923: Het leven en de wonderbare lotgevallen van Robinson Crusoë (nei Defoe)
1929: Winnie-de-Poeh (nei Milne)
1932: Jelle van Sipke-Froukjes
1936: Schimmels voor de koets... of Vlooien voor de koepepan?
1937: Oude bekenden
1938: Drie van de oude plaats
1939: De jonge priiskeatser

Oer Nynke fan Hichtum

DAALDER, D.L. - Wormcruyt met suycker. 1950, 19762
TROELSTRA, J. - Mijn vader Pieter Jelles. 1952, 19803
KALMA, J.J. - Nynke fan Hichtum en Afke fan Wergea. 1967, 19682
DAALDER, F en I. DAALDER-SCHRIPSEMA - Van Wormcruyt met suycker tot jeugdliteratuur . 1971
GELDER, HENK VAN - 't is 'n bijzonder kind, dat is ie . 1980
DASBERG, L. - Het kinderboek als opvoeder . 1981
BIJLSMA, F.T. - Lexicon van de jeugdliteratuur . 1983
STEENMEIJER-WIELENGA, T. - De oare helte. 1997 (vert.: Eigen waarde . 2000)

© Tresoar, 17 maart 2000