Berne: 28-02-1961, Snits

Libben en wurk

Ytsje Hoekstra is berne yn Snits. Sy folge de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert en dêrnei opliedingen yn Kommunikaasje  en  Bedriuwssjoernalistyk yn Grins en Utert. Sûnt 2009 is se dwaande mei  de  stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de RUG.

Ytsje Hoekstra wurket as dosint/projektmeiwurker by in ûnderwiisynstelling.

Har poëzy ferskynt ûnder it pseudonym Yva Hokwerda. Oare uteringen, lykas proaza, kollums ensafh. skriuwt se ûnder de eigen namme (yn it Nederlânsk: Ytje).

Hoekstra wie ynn 2005 en 2006redakteur en fan ein 2006 oant 1 jannewaris 2008 haadredakteur fan it literêr tydskrift Farsk. Farsk sette begjin 2003 út ein, earst allinne mei ynternetpublikaasjes, mar letter ek mei saneamde Farskskriften en Farsk jierboeken.

Yt(s)je Hoekstra publisearre ek yn de Ljouwerter Krante, de Volkskrant en ferskate bedriuwsblêden.

Henk van der Veer neamt de poëzy dy’t sy publisearret op har webloch ‘poëtise kaviaar’ nei oanlieding fan it ferskinen fan har earste dichtbondel Dûbeld fjouwerjen , yn 2008, dêr’t hy yn it Sneeker Nieuwsblad (29-06-2009) fan seit dat ‘de lezer dy’t him/har iepenstelt foar dizze poëzy meigiet op dy poëtise kweeste en beleanne wurdt mei prachtige fersen.’

Bibliografy

Poëzy
2008: Dûbeld fjouwerjen (poëzy)

Oersettingen
2017: Oanfal. Firalen dl 2. Kathy Reichs.

Ferskaat
2004-2007: Farsk jierboeken (mei oaren)
2009: Friese liefde, koken met streekproducten (mei Miriam Velter)

Prizen
2006: Rely Jorritsmapriis Dûbeld fjouwerjen yn 8

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Webside Bornmeer
Sietse de Vries, fraachpetear LC 31-03-2017 [**link folget]


(c)Tresoar, 09-11-2016