Berne: 14-09-1938, De Jouwer

Libben en wurk

Benny Holtrop waard berne op 14 septimber 1938 op 'e Jouwer. Yn syn berteplak folge er de ULO, dêrnei de kweekskoalle (letter PA) De Him yn Snits.

Syn earste baan as ûnderwizer krige er yn Toppenhuzen en Twellegea, in twillingdoarp tusken de Jouwer en Snits. Njonken syn baan studearre er Frânsk. Nei syn ôfstudearjen waard er beneamd as learaar oan de kristlike ulo yn Snits. De ulo fusearre letter mei oare skoallen en waard doe ûnderdiel fan it Snitser Bogerman College.
Begjin 1980 organisearre de skoalle, yn it ramt fan 25 jier befrijing, in grut projekt om de Twadde Wrâldoarloch hinne. Holtrop waard frege mei syn klasse ek in ûnderdiel te fersoargjen. Dat koed er net opbringe en hy rekke oerspand. Yn foargeande jierren wied er om maaie hinne ek altyd siik, it waard him dúdlik dat der in relaasje wêze moast tusken syn siikwêzen en de twadde wrâldoarloch. Syn heit hie tidens de oarloch de kant fan de Dútskers keazen. Nei de oarloch waard syn heit arrestearre en moast in skoft sitte, hy kaam as in oar minske werom. De oarloch wie dêrnei taboe, der waard by de Holtrops thús nea wer oer praat. It feit dat Benny thús nea antwurd op syn fragen krige, wie beskiedend foar de rest fan syn libben.Yn 1980 waard er ôfkeurd en kaam er yn de WAO.

Skriuwer
Om 1985 hinne begûn Benny Holtrop mei it skriuwen fan poëzy, dat resultearre yn de útjefte fan de bondel Fuorgen yn mul sân dy't yn 1989 ferskynde by de KFFB. Yn datselde jier kaam fan him by de Jouwster Krante ,Keallepoaten en koarstekoeke, út, in bondel mei ympresjes yn dichtfoarm by âlde ansichtkaarten en foto's fan de Jouwer.
Syn literêre wurk foel yn 'e smaak, yn 1991 wûn er twa prizen: by de SLAH (Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen) de Gouden Pen en in Rely Jorritsma-priis foar in fers.Yn 1992 en '94 krige er nochris in RJ-priis foar in fers en yn '93 en '95 opnij mei in ferhaal. Oant dan ta skreau er allinnich yn it Frysk, mar yn 1993 begûn er ek yn it Stellingwerfsk, de taal fan syn beppe fan memmekant, te skriuwen. Mei it ferhaal De Opdracht krige er yn dat jier de Oolde Pookpriis, de literêre oanmoedigingspriis fan de Stellingwerven. Sûnt dy tiid publisearret er yn beide talen. 

Tema's
It ferwurkjen fan syn ferline 'as bern fan foute âlders' is ien fan de haadtema's yn it wurk fan Holtrop. Yn syn yn 1993 ferskynde roman In appel foar ûnderweis komt dy wrakseling mei syn ferline dúdlik nei foaren; hy bewurke dy roman inkelde jierren letter yn it Stellingwerfsk ta Gezichten aachter matglas. Beide romans binne autobiografysk. De haadpersoan út dy romans, Age Heechterp, komt werom yn de yn 1994 ferskynde roman De boarstrok fan Fenna. In roman mei itselde tema as de beide foarige, mar minder serieus útwurke, mear as in soarte fan aventoereroman.    
Yn 1996 ferskynde syn earste dichtbondel yn it Stellingwerfsk Van twie Kaanten dy't in jier letter folge waard troch de Frysktalige Lyts ferdomme.
Holtrop beheint him net allinich ta proaza en poëzy, mar skriuwt ek toaniel. Foar it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum skreau er it stik Heksen (1997) en Ferjiteilân (1999). Dêrnjonken skriuwt er lietteksten, guon derfan binne opnommen op cd; sa steane der lieten mei teksten fan him op de cd Klink Dan fan Aaipop 1995 en op de cd Rûnom Feest fan de Snitser Kantorij.
Syn earste ferhalebondel De smaak fan narkoaze kaam út yn 1998.
De negative krityk op syn novelle Gomorra, skreaun as boekewikegeskink yn 1999, koe er min ferneare. It behindere him fiif jier lang om nij Frysk wurk te skriuwen. Pas yn 2005 hied er it ferwurke en kaam er mei in nije ferhalebondel De teloargong fan Eden, dy't by útjouwerij Venus ferskynde.
Yn De teloargong fan Eden wurket er in twadde wichtige tema yn syn literêre wurk út: syn omgong mei it leauwe en syn gereformeerde ferline. Krektlyk as der by him thús gjin plak wie foar fragen oer de oarloch, wie der ek gjin plak foar fragen oer it leauwe. De passiviteit dy't dy hâlding meibringt, leit Holtrop net. God wie foar him in soarte fan 'Big Brother' dy't oer syn skouder meiseach, mar flak dêr efter seach er syn heit, of de master en de dûmny, oan wa't er ferantwurding ôflizze moast oer syn hâlden en dragen. Syn omgean mei it leauwe út syn ferline, it ôfbrekken fan de 'kristlike muorre' en it oerhâlden wat foar him fan wearde is yn it leauwe beskriuwt er yn de ferhalen yn de bondel. Yn in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer (Friesch Dagblad, 23 april 2005) seit Holtrop; 'Eins kinst wol sizze dat dizze ferhaleroman in trochstart is. Niks muorren. Ik nim sels it heft wer yn hannen, net in oar, mar ik sels haw my beetkrigen en sein: no is it út.'

Wurk

Romans
1993: In appel foar ûnderweis
1994: De boarstrok fan Fenna
1995: Van twie kaanten (Stellingwerfsk)
1996: Gezichten aachter matglas (Stellingwerfsk)
1999: Gomorra (Boekewikegskink 1999)

Ferhalebondels
1998: De smaak fan narkoaze
2005: De teloargong fan Eden

Dichtwurk
1989: Fuorgen yn mul sân
1996: Lyts ferdomme

Ferskaat
1989: Keallepoaten en Koarstekoeke (ympresjes yn dichtfoarm by âlde ansichtkaarten en foto's fan De Jouwer)
1996: ferhaal yn De bok, it gouden aai en de sân ravens
2000: Koartwei (ferhalebondel, mei oaren)

Toaniel
1997: Heksen (berne-iepenloftspul Easterwierrum)
1999: Ferjiteilân (berne-iepenloftspul Easterwierrum) 

Prizen
1991: De Gouden Pen Heerenveen, Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen, mei it ferhaal: In appel foar ûnderweis
1991: Rely Jorritsmapriis foar it fers: Raymond Lullio
1992: Rely Jorritsmapriis foar it fers: Rock 'n Roll ma non troppo
1993: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal: De smaak fan narkoaze
1993: Oolde Pook-pries foar it ferhaal: De Opdracht

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

© Tresoar, 20-04-2006