Berne: 23-3-1904, Boksum
Ferstoarn: 22-3-1974, Sint-Anne

Libben en wurk

Ulbe van Houten waard berne op 23 maart 1904 te Boksum, as jongste fan fjouwer bern.

Syn heit wie boerearbeider en fertsjinne wat by as koster fan de Grifformeerde tsjerke. Ulbe koe goed leare en gyng, krektlyk as syn âldste broer, nei de kweekskoalle om foar ûnderwizer te learen. Op syn achttjinde slagge er foar de akte en datselde jiers krige er in beneaming oan de kristlike skoalle (De Slotskoalle) te Sint-Anne. De oergong fan it wat stive, grifformeerde doarp dat Boksum destiids wie, nei de folle 'lossere' Bildthoeke wie grut foar de jonge Ulbe. Mar it foldie sa goed dat er syn fierdere libben Bildtker bleaun is, hy hat oant 1969 yn Sint-Anne foar de klasse stien. Yn 1946 waard yn it doarp in kristlike ULO oprjochte en dêr waard Van Houten doe leraar. Hy joech in hiele rige fakken (it wie earst in twamansskoalle), mar godstsjinst, Nederlânsk en Ingelsk wiene syn 'fêste' fakken. Foar Ingelsk hie er de MU-akte helle. Syn frou, Sieuwke Lep, kaam út Froubuorren. Sadwaande hearden de fiif bern yn it gesin Van Houten thús twa talen, mem prate Bildtsk mei har en heit Frysk.

Skriuwer
In grut oeuvre hat Van Houten net neilitten.Syn literêre neilittenskip bestiet út ien roman, in ferhalebonbel en twa novelles. It neifertellen fan de bibelske ferhalen yn De Hillige Histoarje yn twa dielen, it âlde en nije testamint, seach Van Houten sels as syn libbenswurk. Yn 1955 krige er dêrfoar yn Boalsert de heechste literêre ûnderskieding fan de provinsje Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.

Ulbe van Houten publisearre syn earste ferhalen yn 1929, hy die dat yn it Frysk. Hy wie him syn Fryskwêzen bewust woarn, neidat er op in gearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip in ynspirearjende taspraak fan Fedde Schurer heard hie. Hy waard lid fan it Selskip en kaam sa yn 'e kunde mei mannen as Schurer en Eeltsje Boates Fokertsma. Foaral Folkertsma stimulearre him om te skriuwen. Syn earste ferhaal 'Simmer' ferskynde yn 1931 yn Yn ús eigen tael. Syn skriuwtempo lei net heech, hy skreau ien of twa sketsen yn it jier. It earste langere wurk fan syn hân, de novelle De wraek kaam út yn 1934, letter waard it nochris útjûn yn de Frisia-rige. It meast bekende boek fan Van Houten is de roman De sûnde fan Haitze Holwerda. Van Houten hat it boek yn ôfleveringen skreaun, it earste part ferskynde yn 1936 as skets yn Yn ús eigen tael. Hy fûn it dreech om geregeld in nije ôflevering ôf te krijen. Doe't er op de helte wie, woe de Fryske Bibleteek de roman graach yn har rige útjaan. Van Houten moast doe syn skriuwtempo wol opfiere. It boek kaam yn 1938 út as nûmer 43 by de Fryske Bibleteek. De twadde printinge ferskynde al yn 1939, mei op it omslach de bekende tekening fan Ids Wiersma fan de beide meanders. Deselde tekening stie ek wer op it omslach fan de tsiende printinge yn 1991. De roman fan de steile grifformeerde boer, dy't syn trije Bildtske arbeiders mei in wike te min lean nei hûs stjoerde, gyng der by de lêzers yn as slaad. Van Houten basearre it ferhaal op in foarfal dat syn heit him ferteld hie oer in boer yn Blessum, dy't syn arbeiders mei te min lean ôfskepe hie. Hoewol't it boek yn lêzers-ûndersiken altyd op it earste plak stie, wie van Houten net altiten tefreden mei de krityk. Hy hie dy graach wat fundamenteler hawwe wollen. Ype Poortinga hat De sûnde fan Haitze Holwerda yn 1942 bewurke ta toanielstik. It is ferskeidene kearen opfierd, ûnder oaren as iepenloftspul yn Koudum. In Nederlânsktalige oersetting fan it boek waard by Kok yn Kampen opnaam yn de ferneamde VCL-searje.

Nei de oarlochsjierren begûn Van Houten oan syn grutste opjefte; it neifertellen fan de ferhalen út de bibel. Van Houten wie ynteressearre yn bibelske histoarje en âlheidkunde; foardat er begûn te skriuwen hie er dan ek al yngeand bronne-ûndersyk dien. De Hillige Histoarje waard priizge foar de goede komposysje fan de ferhalen, it goede taalgebrûk en de knappe karakterisearring. Ulbe van Houten hat fan 1968 ôf, oant syn ferstjerren yn 1974 meiwurke oan de nije Fryske Bibeloersetting.

Syn ferhalebondel De rook fan it lân, ferskynd yn 1943 en werprinte yn 1965, waard yn 1994 fannijs útbrocht yn de rige Fryske Klassiken. It boek ferskynde mei in neiwurd fan Trinus Riemersma 'Oer skriuwer, boek en útjeften'. De útjefte befettet njonken de ferhalen ek de beide novelles 'De wraak' en 'Ein fan 'e mars'.

Yn 1961 ferskynde fan de hân fan Ulbe van Houten de stúdzje Tweetaligheid in Nederland : voor het Friese taalgebied, voor het Frankische en Saksische taalgebied, skreaun foar it Christelijk Paedagogisch Studiecentrum. By it 100-jierrich bestean fan de Slotskoalle yn Sint-Anne skreau Van Houten in betinkingsboek Honderd jaar Slotschool : een eeuw Christelijk onderwijs in St. Annaparochie.

List fan belangrykste wurk

Romans
1938: De sûnde fan Haitze Holwerda (2de pr 1939; 3de pr 1941; 4de pr 1943; 5de pr 1947; 6de pr 1954;
           7de pr 1961; 8ste pr 1969; 9de pr 1983; 10de pr 1991; 11de pr 2010)
1950: De zonde van Haitze Holwerda (oersetting: Kok, Kampen)

Ferhalebondels
1943: De rook fen it lân
1965: De rook fan it lân : novellen en ferhalen (2e printinge)
1994: De rook fan it lân (3e printinge, Fryske Klassiken I nû. 7)

Novelles
1937: De wraek
1945: Ein fen 'e mars

Ferskaat
1949: De hillige histoarje, diel I, It âlde testamint
1953: De hillige histoarje, diel II, It nije testamint
1959: De heilige geschiedenis, I. Het oude testament (oersetting: Wever, Frjentsjer)

Prizen
1955: Gysbert Japicxpriis foar De Hillige Histoarje en foar De sûnde fan Haitze Holwerda

© Tresoar, 4 maaie 2006