Berne: 4-3-1951, Goutum
Ferstoarn: 21-11-2001, Grou

Libben en wurk

Saakje Huisman waard berne op in pleats yn Goutum, as twadde helte fan in twilling kaam se in pear minuten nei har suster Doete op 'e wrâld.

De twillingsusters wiene bejeftige mei in skriuwtalint, fan Doete ferskynden de romans: In gat yn 'e tiid (1993) en De rook fan Lizette (1997).
Op 'e pleats yn Goutum groeiden se op, beide giene se yn Ljouwert nei de Mulo. Doete gie dêrnei nei de PA en waard ûnderwizeres.

Saakje waard learling-ferpleechster yn it Ljouwerter Diakonessehûs. Se troude yn 1971 en krige twa bern, in soan en in dochter. Doe't har bern noch lyts wiene, begûn Saakje wer te learen: se folge ferskeidene kursussen Frysk, dêr gie se mei troch oant se slagge foar de akte m.û.-A. Underwilens wie se al begûn mei it jaan fan kursussen Frysk foar de Afûk. Yn 1991 krige se in baan as museumassistinte by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) yn Ljouwert. Yn 1997, in wike neidat se foar de tredde kear de alvestêdetocht mei sukses útriden hie, waard by Saakje boarstkanker konstatearre.Yn novimber 2001 kaam se oan dy sykte te ferstjerren, se wie doe 50 jier âld.

Skriuwster
Saakje Huisman begûn al jong, op har sechtjinde, mei it skriuwen fan Hollânsktalige gedichten. Fan dy fersen is neat bewarre bleaun; yn in fraachpetear mei Jan Jongsma (Actief 26-06-1998) sei se dat se dy fersen thús allegearre yn 'e houtkachel smiten hie. Mar ek har Frysktalige fersen publisearre se hast nea, it wiene persoanlike fersen dy't se fakentiids hjerstmis skreau. As se oantangele siet mei persoanlike saken dêr't se net útkomme koe, joech it har romte om dy yn fersen op te skriuwen. Guon Fryske gedichten fan Saakje Huisman út dy tiid waarden publisearre yn it twatalige tydskrift 'Vogelaar'.

It earste ferhaal dat se publisearre wie in ferhaal dat se yn in goed oere skreau foar in ferhalewedstriid fan Houtigehaachster Jan Post. Dêrmei wûn se de earste priis. It ferhaal waard publisearre yn it literêr blêd Absint; foar Saakje wie dat in ferrassing, want se hie it net mei literêre pretinsjes skreaun. Se gong troch mei it skriuwen fan ferhalen, dy't publisearre waarden yn Absint, it wykblêd Frysk en Frij en ek in skoft lang yn it Friesch Dagblad. Ek yn de sammelbondels mei ferhalen foar jongerein Skroei (1987), Broei (1991) en yn It Nachtboek (1992) waard in ferhaal fan har opnaam.

Ferhalebondel
Se debutearre yn boekfoarm mei de ferhalebondel Sûnder hûd yn 1998. De bondel befette nije ferhalen, mar ek guon dy't al earder publisearre wiene, lykas har earste ferhaal dat ûnder de titel De acht wite sluven yn de bondel opnaam is. It earste ferhaal Bestean is it autobiografyske ferhaal fan in frou mei boarstkanker, se beskriuwt suver ôfstannelik, mar tagelyk mei humor en realistysk it wjerfarren fan de frou. Yn de oare ferhalen binne gauris personaazjes dy't ôfwike fan it wênstige, faak froulju, it ûnderwerp. De bondel is opdield yn trije skiften dy't as titel hawwe LibjeOp' e râneFan it bestean, dy titels kinne tagelyk as in soarte fan motto fan it boek sjoen wurde.

Roman
Yn 2000 kaam har roman Losse hannen út, ek yn dy roman binne twa froulju de sintrale figueren. De haadpersoan, it puberfamke Tessa, dat wrakselet mei allerhande problemen, en in frou mei de namme Sjerda; Sjerda wykt ôf fan it wenstige omdat har hiele lichem bedutsen is mei in fyn laachje hier. Huisman sette de psychologyske ûntwikkelingen fan de beide froulike haadpersoanen yn it boek oertsjûgjend del. De ûntwikkeling fan manlike haadpersoan komt minder goed út de ferve. Se wit de spanning yn it ferhaal goed op te bouwen en fêst te hâlden. It sit kompositoarysk goed yninoar en lêst flot troch de libbene dialogen.

Wurk

Ferhalebondel
1998: Sûnder hûd

Roman
2000: Losse hannen (2de pr. 2014)

Ferhalen
yn sammelbondels foar jongerein
198 : Skroei
1991: Broei
1992: It Nachtboek


© Tresoar, 1 maaie 2006