Berne:26 maaie 1964, Snits

Libben en wurk

Jouke Hylkema is berne yn Snits. Hy hat syn jeugd trochbrocht yn Tsjerkwerd dêr’t syn âlden wennen.


Al op jonge leeftyd die bliken dat er beskikte oer twa talinten; hy koe goed skriuwe en goed pianospylje. Beide aktiviteiten hawwe foar him fan grut belang west neidat er op syn tweintichste opereard wie oan in tumor yn ’e holle. Dy tumor hie er al fan syn earste libbensjier ôf, mar in operaasje brocht doe tefolle risiko’s mei. Tusken syn seisde en syn tweintichste moast er ferskeidene kearen in operaasje ûndergean. Mei de lêste operaasje is de tumor hielendal fuorthelle en waard er genêzen ferklearre. Wol feroare syn libben yngripend. Hy koe de hafû net ôfmeitsje omdat dat tefolle enerzjy koste. Boppedat waard it kontakt mei syn freonen hieltyd minder mei’t er har yntinsive manier fan libjen net byhâlde koe. De neibehanneling bestie út inkelde kontrôles, hy moast sels sjen om wer wat fan syn libben te meitsjen. It skriuwen fan gedichten en ferhalen wie foar him in mooglikheid om syn feroare wurklikheid stal te jaan. Krêft helle er út poëzij en muzyk. Nei lange jierren fan sykjen nei syn mooglikheden, ûntdiek er dat der ek foar minsken mei harsenletsel kânsen yn it libben binne.
Tidens de lange perioaden dat er yn Grins wie skreau er Nederlânsktalich wurk. In medikus fan it Akademysk sikehûs yn Grins, dy’t ek amateur-útjouwer wie, seach syn talint en woe wurk fan him útjaan. Mar omdat er yn deselde tiid, yn 1984,  wer yn Fryslân kaam te wenjen is dat net trochgien.
Sûnt 1985 is Jouke Hylkema aktyf as skriuwer en dichter. Yn de begjinjierren brocht er sa no en dan eigen wurk foar it fuotljocht, mar publisearje die er net.
By de pasjinteferiening fan minsken mei harsenletsel moete er in lotgenoat, Wiebe de Boer, dy’t by in ûngemak in whiplash oprûn hie. De Boer hie ûnder de namme Wiebe Warber in, Nederlânsktalich, boek skreaun oer syn ûnderfinings as pasjint mei harsenletsel. Hy frege Hylkema, dy’t yntusken by de Afûk it A- en B-diploma Frysk helle hie, om syn ferhaal yn it Frysk oer te setten. It boek ferskynde yn 2000 ûnder de titel De Nekslach.
It oersetten en útkommen fan De Nekslach wie foar Jouke Hylkema in stimulâns foar syn eigen literêre wurk. Hy debutearre as dichter yn 2002 yn literêr tydskrift Hjir mei it fers ‘Iis’. Al gau naam ek it Bolswards Nieuwsblad fersen fan him op, mar syn belangrykste poadium bliuwt Hjir dat geregeldwei wurk fan Hylkema publisearret.
Yn 2005 krige Jouke Hylkema in Rely Jorritsma-priis foar poëzij foar ‘Wyberen en Hyke’, in searje fan acht gearhingjende gedichten.
Dyselde acht fersen beslane it earste skift fan syn debútbondel Beabuorster monologen, dy’t yn  2006 ferskynde by útjouwerij Venus. Hylkema hat de Beabuorster monologen skreaun yn de saneamde parlando-styl, dat wol sizze gedichten skreaun yn sprektoan. Yn de ‘monologen’ is Wyberen de ferteller. Syn tahearders binne in buorjonkje en syn frou Hyke. Jouke sjocht as buorjonkje troch Wyberen syn monologen werom nei de jierren santich, mar sa no en dan giet de ferteller efkes nei de aktualiteit. Jouke Hylkema skreau de ferhalen op sa as se him ferteld binne, rjochtút, rjochtoan sûnder literêre keunstgrepen. Hy kin him dêrom ek net lykfine mei besprekker Harmen Wind (Leeuwarder Courant, 06-10-2006) dy’t skreau dat it wurk fan Hylkema him tinken die oan oare Fryske skriuwers as Rink van der Velde, Paulus Akkerman, de earste bondels fan Jan of Meindert Bylsma, of  oan guon revuetypes fan Rients Gratama. Trochstrings wiene de besprekkers posityf oer de bondel, mear muoite hiene se mei it feit dat de stikken útjûn binne as poëzij. Pier Boorsma hat syn besprek dan ek as titel meijûn ‘Proaza presintearre as poëzij’ (Friesch Dagblad, 04-11-2006).
Fan 2003 oant 2006 foarme Jouke Hylkema tegearre mei sjonger/gitarist Rob van Hintum in, sa as sy dat neamden, ‘poëtikaal’ duo. Se fersoargen optredens ûnder de namme The Crazy Brains.
Jouke Hylkema skriuwt no sels lieten, dêr’t er ek de pianobewurking by makket. Hy hat plannen foar it útbringen fan in cd, dêrnjonken hat er nij wurk ûnderhannen op it mêd fan proaza en poëzij.

Wurk

Poëzij
2006:  Beabuorster monologen
2010: Op 'e kofje yn 'e kosmos

Oersetting

2000: De Nekslach - Wiebe Warber (pseudonym fan Wiebe de Boer) (oerset út it Nederlânsk: De Nekslag)

Prizen
2005: Rely Jorritsma-priis (foar fersen – Wyberen en Hyke)

Tresoar © 28-3-2008