Berne: 18-05-1907, IE
Ferstoarn: 22-02-1943, Tjilatjap

Libben en wurk

Nicolaas Jacobs Haisma waard berne yn Ie (Dongeradiel) op 18 maaie 1907. Nei de legere skoalle bleau er earst thús om syn heit te helpen op it gerniersbedriuw, mar neidat er in skoftlang trou in jûnsskoalle folge hie, mocht er dochs noch nei de u.l.o. en in jier letter nei de kristlike kweekskoalle yn Dokkum.

Yn 1927 wie er klear as ûnderwizer. Underwilens hie er by de doe krekt oprjochte Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje ûnder lieding fan Douwe Kalma ek al de Fryske akte helle. Wylst er tydlik foar de klasse stie yn Ljouwert begûn er oan de stúdzje foar de haadakte. De ryksbeurs dy't er dêrta oanfrege en krige hie, joech him de ferplichting nei it beheljen fan de akte as ûnderwizer nei Nederlânsk Ynje te gean. Yn 1929 troude Nyckle Haisma mei Etsje van der Veen en tegearre reizgen hja ôf nei Medan op Sumatra. Dêr waarden earst in soan en doe in dochter berne.

Doe't Haisma noch yn Fryslân wenne, wied er ek al úteinset mei de stúdzje foar de legere akte Ingelsk; it duorre oant syn ferlof yn 1936 ta, ear't er dy ek yn 'e bûse hie, mar doe koed er dan ek beneamd wurde by it fuortset ûnderwiis. Yn 1939 krige er in baan oan in u.l.o.-skoalle yn Cheribon op Java. Al frij gau dêrnei waard Haisma yndield by de Lânstoarm en yn maart 1942, nei de kapitulaasje, bedarre de skriuwer as kriichsfinzene yn in Japansk ynternearringskamp yn Bandoeng. Yn in twadde kamp yn Tjilatjap skipe Haisma diftery, dêr't er op 22 febrewaris 1943 oan stoarn is. Syn frou en bern kamen nei de oarloch yn Fryslân werom, Nyckle Haisma leit begroeven op it earefjild Leuwigadjah op Java.

Skriuwerskip

Nyckle Haisma debutearre yn 1927 yn Yn ús eigen tael mei twa proazasketsen. It earste wurk, dat fan him yn boekfoarm útkomme soe, hie er ek al foar syn ôfreis nei Ynje skreaun. It binne de twa berneboeken: Simmerdagen, printe yn 1933 en De kar, dat yn 1936 útkommen is. Fierwei it measte en it wichtichste fan syn literêre wurk hat Haisma yn Ynje en ûnder de yndruk fan syn ferbliuw yn de frjemdte skreaun: fersen, sketsen, in novelle, noch in (Hollânsktalich) berneboek en it wichtichste, syn dûbelroman oer Peke Donia, de koloniaal. Op grûn fan benammen dat lêste wurk jildt Haisma as de romantyske auteur fan de ûnfrede mei it hjir en no, de ûnrêstige siker dy't yn Fryslân langstme nei frjemde kusten hat en om fierrens dea-ûnwennich is fan it heitelân. De krêft fan syn skriuwen leit net sasear yn it stallen fan in ferhaal, mar yn de skildering mei wurden, it oproppen fan in sfear, it tekenjen fan in karakter. Haisma is te jong stoarn om in grut oeuvre neilitten te hawwen. Op grûn fan wat der by syn libben en postúm fan him útjûn is, wurdt er dochs rekkene ta de belangrike Fryske proazaskriuwers fan de generaasje dy't om 1930 hinne debutearre.
Nei oanlieding fan it ferskinen fan de novelle Simmer yn De Tsjerne fan 1946 is postúm oan Nyckle Haisma de Gysbert Japicxpriis takend, in earbetoan foar syn hiele oeuvre.

Wurk

Proaza
1937: Paed oer’t hiem (3e pr. 1943)
1938: Suderkrús. Yndyske sketsen (2e pr. 1947)
1940: Paed nei eigen hoarnleger (2e pr.1940, 3e pr. 1943)
1943: Peke Donia, de koloniaal (gearfoege útjefte fan Paad oer ‘t hiem en Paed nei eigen hoarnleger) (2e pr. 1952, 3e pr. 1965, 4e pr. 1976, 5e pr. 1992)
1948: Simmer
1951: It lân forline
1993: De wei nei it westen

Dichtwurk
1981: Samle fersen (útjûn mei in neiwurd troch Ype J. Poortinga)

Berneboeken
1933: Simmerdagen (2e pr. 1938, 3e pr. 1952)
1936: De Kar (2e pr. 1954)
1942: Werkers

Oerset wurk
1947: Zuiderkruis (oerset nei it Nederlânsk troch Evert Siderius. Mei in wurd foarôf fan Douwe Tamminga)
1948: De wrotters fan de Froskepôlle (oersetting fan Werkers, troch Douwe Tamminga)

Prizen
1948: Gysbert Japicxpriis foar novelle Simmer

© Tresoar, 17 maart 2000