Berne: 08-10-1797, GROU
Ferstoarn: 22-03-1858, grou

Libben en wurk

Eeltsje Hiddes Halbertsma kaam op 8 oktober 1797 yn Grou te wrâld as fjirde soan fan Hidde Joastes Halbertsma en Ruerdsje Tsjallings Binnerts. Mei't in Geart en in Geartsje dy't nei him kamen, jong ferstoarn binne, groeide er op as de jongste yn de bakkershúshâlding mei Joast (1789), Tsjalling (1792) en Binnert (1795) as âldere bruorren.

Heit en mem rekken beide yn 1809 wei, sadat de bern al jong wees wiene. Hja hiene in sterke bân mei elkoar en it hûs fan Tsjalling yn Grou hat noch lang in sintraal punt yn it famyljelibben west. Tsjalling en Binnert bleauwen yn it doarp en waarden respektivelik tsiishanler en bakker; de âldste soan fan Binnert, wer in Hidde, soe letter de grûnlizzer wurde fan Halbertsma's houtfabryk yn Grou.

De âldste en de jongste soan fan Hidde en Ruerdsje Halbertsma reizgen earst nei de Frânske en de Latynske skoalle yn Ljouwert om letter fierder te learen. Joast waard yn Amsterdam oplaat ta menniste dûmny en Eeltsje studearre yn Leien en yn it Dútske Heidelberg yn de medisinen. Nei syn promoasje yn 1818 wurke er in koart skoft yn Poarmerein, mar dêrnei hat er omtrint syn hiele libben - fan 1820 oant 1853 ta - dokter west yn syn bertedoarp Grou.

Eeltsje Halbertsma troude yn 1823 mei de Boalserter boargemastersdochter Baukje Livius Fockens. Hja krigen fjouwer bern: Liuwe, Ruerdsje, Hidde en Anna, fan wa't allinne Hidde, dy't letter de praktyk fan syn heit oernaam, de âlden oerlibbe. Mei't Baukje ûnwennich en swiersettich waard en Eeltsje, faaks mei dêrtroch, somtiden leaver yn de herberge as thús ferkearde, wie it net in lokkich houlik. Yn 1857 ferhuze `dokter-om' nei Ljouwert, wylst syn frou doe yn Grou by harren soan yn 'e hûs kaam mei in eigen faam om har op te passen. Doe't Eeltsje Halbertsma begjin maart 1858 siik waard, reizge er nei syn berteplak werom, dêr't er de 22ste fan dyselde moanne kaam te ferstjerren.

Foar in doarpsdokter yn dy tiid wie Eeltsje Halbertsma heech oplaat en benammen op it mêd fan de ferloskunde gie er foar tige saakkundich. De praktyk bleau net ta Grou beheind, ek út de omlizzende doarpen krige er pasjinten. Hy wie net allinne kundich, mar libbe ek o sa mei de pasjinten mei. Doe't in cholera-epidemy yn 1833 yn in deimannich yn Grou alve libbens koste, focht er oant it uterste ta troch om de besmetting op te kearen. Hy hold net fan hynste- en leaude net yn wûndermiddels. Dêr foaroer hie er in grut betrouwen yn de hieljende krêft fan de natuer en hold er syn pasjinten foar, dat humor in bêst medisyn wie by tal fan krupsjes. Hy wie ien fan de earste dokters dy't kinine foarskreau by koarts.

Literêr wurk
Skriuwe die Eeltsje Halbertsma, omdat er der ferlet fan hie om him te uterjen. Dy't as dichter berne wie, waard neffens him sa sterk en libben troffen troch de minsken en de dingen om him hinne, dat er him wol útsprekke moast oer wat him oandie. Dêr kaam noch by, dat it skriuwen - bygelyks fan Nutslêzingen - him ek maatskiplik oansjen joech.

Under ynfloed fan de Dútske romantyske lietkeunst, dêr't er yn Heidelberg mei yn 'e kunde kommen wie, begûn Eeltsje Halbertsma noch yn syn studintetiid mei it dichtsjen fan ienfâldige sankjes. In seistal dêrfan waard de lêzers yn 1822 anonym oanbean yn De Lapekoer fan Gabe skroar, besoarge fan syn broer Joast dy't der ek in ramtferhaal omhinne makke hie. It lytse bondeltsje woechs by de twadde en de tredde printinge yn 1829 en 1836 út ta in mânsk boek fan mear as fjouwerhûndert siden fol mei fersen en ferhalen. Nei de dea fan de Bruorren Halbertsma kaam it yn 1871, noch útwreide mei earder ôfsûnderlik publisearre wurk, út ûnder de titel Rimen en Teltsjes. It boek, dêr't njonken wurk fan Eeltsje en Joast ek wurk fan Tsjalling yn opnommen is, is noch altyd populêr. Oant no ta binne dêr alve printingen fan útkommen.

Eeltsje Halbertsma syn `De âlde Friezen' (`Frysk bloed tsjoch op!'), foar it earst printe yn de Lapekoer fan 1829, waard op oanstean fan Jelle Troelstra yn 1875 yn it fermidden fan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse as `Frysk Folksliet' oannommen. It wurdt hjoeddedei meastentiids songen yn in bewurking fan J. van Loon Jsn. Oare ferneamde lieten fan Eeltsje Halbertsma binne: `De Boalserter merke', `It marke', `Grouster weagen' en `De terp'. Njonken sokke lieten en mear persoanlike, gefoelige fersen skreau Eeltsje ek folksaardige ferhalen fol humor. Hy hie in skerp ear foar de folkstaal en foaral foar it snedige dêryn. It is oan de oantrún fan syn âldste broer te tankjen, dat er ek yn de drege tiden yn syn libben oan it skriuwen bleau. Eeltsje, de lyryske dichter, dy't as in echte romantikus gefoeligens ferbûn mei in sterk realistyske ynslach, bekroade him net om de stavering. Joast dy't him ûntjûn hie ta in taalgelearde fan namme oant fier oer de grinzen behoffene Eeltsje syn wurk en soarge derfoar, dat it útjûn waard. Wat er bûten De Lapekoer om skreau en soms ek wol publisearre, hie ynearsten gjin oar doel as de gelegenheid dêr't er foar makke wie. Yn de útjeften fan de Rimen Teltsjes yn de rige `Fryske Klassiken' is ek dat wurk opnommen, sadat syn hiele literêre oeuvre no yn ien boek by elkoar te finen is.

Utjefte
Bruorren Halbertsma, Rimen en Teltsjes, alfte printinge yn de rige Fryske Klassiken, besoarge en taljochte troch Ph.H. Breuker. Ljouwert, 1994.

Literatuer oer E.H. Halbertsma
Ph. H. Breuker: `Oer skriuwers, boek en útjeften' yn Rimen en Teltsjes, 10de en 11te printinge.
J.H. Brouwer: `Ynlieding' op Poëzij en proaza fan Eeltsje Halbertsma. Zwolle, 1958.
G. Dijkstra: Bydrage ta de kennis fan it libben, de persoan en it wurk fan Dr. Eeltsje Halbertsma. Drachten, 1946.
De (oantroude) famylje fan de Halbertsma's. Byskriften 28, FLMD 2000.

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

©Tresoar, 13-03-2000