Berne: 23-10-1789 1919, GROU
Ferstoarn: 27-02-1869, deventer

Libben en wurk

Joast Hiddes Halbertsma wie de âldste fan fjouwer soannen yn it gesin fan de Grouster bakker en keapman Hidde Halbertsma (Grou, 1756-1809) en Ruerdtsje Binnerts (Grou, 1767-1809).

Nei Joast kamen Tsjalling (Grou, 1792-1852), Binnert (Grou, 1795-1847) en Eeltsje (Grou, 1797-1858). Heit Hidde Halbertsma’s kaam, krekt as al generaasjes famyljeleden foar him, troch de tiid as bakker en keapman. Hy wie oansletten by de grifformearde tsjerke, mar waard  nei syn houlik mennist. Dat de Halbertsma’s net in egaal aard hiene wie rûnom bekend, Joast hat him dêr ferskeidene kearen oer útlitten. Yn de Nederlânsktalige, famyljekroniek út 1858 skreau er: ‘Zij (de Halbertsma’s) hadden geen effen humeur; nu hoog van moed, dan zwaarmoedig en diepgezonken. Uitspattend vrolijk, of  slecht gemutst, een engel of een duivel. Daardoor waren zij blootgesteld aan gevaarlijke uitersten. Ontvlambaar van geest hadden zij aanvallen van blijdschap, liefde en gramschap, bij anderen onbekend. (...) De grootste vijand der Halbertsma’s is de jenever (Ph.H. Breuker, Rimen en Teltsjes, 1993)’.
Mem Ruerdtsje Binnerts kaam út in foaroansteand Grouster mennistelaach, dêr’t al hiel wat foargongers út fuortkaam wiene. Sy wie sakefrou en stie der boppedat op oan dat har soannen te learen gyngen. Twa, Joast en Eeltsje, studearren respektivelik yn Amsterdam en Leiden foar dûmny en dokter, foar dy tiid hiel bysûnder foar gewoane doarpsjonges. De beide oare bruorren gyngen it sakelibben yn en wreiden de affearen fan de famylje as keaplju yn hout en bûter mei sukses út.
De bruorren hongen tige oan inoar en dat waard noch sterker doe’t se har âlden ticht efter elkoar ferlearen, beide ferstoaren yn 1809.

Joast Halbertsma folge ûnderwiis oan de Latynske skoalle yn Ljouwert en studearre dêrnei oan it Doopsgezind Seminarie en it Atheneum Illustre te Amsterdam teology en ferdjippe him dêrnjonken yn Germaanske talen, û.o. yn it Noorsk (1807-1813).
Syn earste berop as predikant hie er yn Boalsert (1814-1821), dêr’t er yn 1816 troude mei de net ûnbemiddele dûmnysdochter Johanna Iskjen Hoekema (Warkum 1794-Dimter 1847). It echtpear krige fiif soannen; twa gyngen letter op see, trije studearren, se bekwamen har yn de genêskunde of yn talen. Neidat er syn frou al yn 1847 ferlern hie, moast Joast Halbertsma by syn libben ek noch trije fan syn soannen nei it tsjerkhôf bringe. Petrus ferstoar yn 1851, Binnert yn 1861, Hidde makke yn 1865 sels in ein oan syn libben.
Yn 1822 krige Halbertsma in berop yn Dimter, hy soe dêr oant syn ferstjerren yn 1869 wenjen bliuwe.
Yn Dimter sirkulearje noch altiten anekdoaten oer de menniste dûmny en skriuwer dy’t him tekenje as in bysûnder en eigensinnich minske. Yn 2002 is yn de mennistetsjerke fan Dimter in brûnzen boarstbyld fan Halbertsma ûntbleate.

Foar de Fryske literatuer wie it literêre wurk fan benammen Joast en Eeltsje, fan grutte betsjutting. Yn de tiid dat sy aktyf wiene, earste helte njoggentjinde ieu, waard der yn it Frysk hast net mear skreaun. Foar de Halbertsma’s sels gyng in wichtige stimulâns út fan de werútjefte fan it sammele wurk fan Gysbert Japicx yn 1821 en twa jier letter fan de ûntbleating fan it boarstbyld fan de renaissânsedichter yn de Martinitsjerke te Boalsert (1923). Joast Halbertsma wie ien fan belangrykste organisatoaren fan it Gysbert-feest en hold boppedat in rede oer de grutte dichter. Yn twa bondels mei de titel Hulde aan Gysbert Japiks (1824 en 1827) publisearre er dernei syn feestrede en it gelegenheidswurk fan de oare sprekkers. Syn aktiviteiten om de Gysbert betinking hinne wiene mei oanlieding dat er opnaam waard yn de Leidse Maatschappij van Letterkunde.

Yn desimber1822 ferskynde De Lape Koer fen Gabe Skroor, in tin boekje yn in oplage fan 200 eksimplaren. De ferskes en ferhalen yn it boekje wiene anonym skreaun troch Eeltsje en Joast Halbertsma, it boekje kaam net yn ’e hannel mar waard rûnparte ûnder famylje, freonen en kunde. It blykte rôversguod te wêzen en foar de bruorren in oantrún om fierder te gean op de wei dy’t se ynslein hiene.
De bedoeling fan de bruorren wie om benammen de ‘gewoane’ minsken oan it lêzen te krijen en om it lêzen yn de Fryske taal in stimulâns te jaan. De ‘Lape Koer’ ferskynde yn de tiid fan de Romantyk, de streaming yn keunst en literatuer dy’t begjin njoggentjinde ieu hiel Europa yn ’e besnijïng hie. De romantyske minske wie ûnrêstich, hy koe it net fine yn it hjir en no. Dat utere him ûnder oare yn in ferhearliking fan it ferline. It wie ekonomysk sjoen in delgeande tiid, de Frânske oerhearsking, dy’t it lân útrûpele hie, wie noch mar krekt efter de rêch, de Universiteit fan Frjentsjer wie yn 1811 opheven en de politike macht konsintrearre him iderkear mear op Hollân.
Yn De Lape Koer fen Gabe Skroor binne omtrint alle eleminten fan de romantyske literatuer werom te finen: ferhearliking fan it ferline en it libben op it plattelân, natoerlyryk, humor en satire, folkloare, elegyske poëzy en tsjerkhôfssangen.
De earste útjefte wie benammen in skepping fan Eeltsje Halbertsma. De figuer fan Gabe Skroor wie optocht, de bruorren presintearren him as in jong ferstoarne skriuwer út earder tiid.
Yn 1829 en 1834 ferskynden der noch in fiks útwreide twadde en tredde edysje fan de ‘Lape Koer’, net mear anonym, mar ûnder namme. It sukses fan dy lettere útjeften wie minder grut as fan de earste, it soe tweintich jier duorje foardat de lêste edysje útferkocht wie.
Yn 1854  kaam fan Joast en Eeltsje noch in útjefte yn it ljocht dy’t de titel Leed en Wille meikrige.
Sy soene beide de publikaasje fan har meast ferneamde útjefte, de Rimen en Teltsjes, net mear belibje. Yn de Rimen en Teltsjes waard ek wurk opnaam fan de tredde broer, Tsjalling, dy’t bûterkeapman wie yn Grou. De earste Rimen en Teltsjes waard útjûn yn 1871, twa jier nei it ferstjerren fan Joast, Eeltsje wie al yn 1858 ferstoarn. It boek ferskynde by útjouwerij de Lange yn Dimter, lykas ek al har foarige útjeften dêr útkaam wiene. Joast Halbertsma hat de útjefte wol mei taret, syn soan Hidde hat nei syn dea der foar soarge dat it boek útkaam is.
Der hat altyd in frij konstante fraach nei it boek west, yn 1993 kaam de 11e printinge út yn de rige Fryske Klassiken, mei in útlieding fan Ph.H. Breuker ûnder de titel: Oer skriuwers, boek en útjeften.
It wurk fan de bruorren Halbertsma is oant hjoed de dei fan grutte betsjutting foar de Fryske literatuer, sy hawwe der foar soarge dat der by de Fryske lêzers wer oandacht kaam foar it lêzen yn de eigen taal en sy hawwe dat ek bot stimulearre.

Joast Halbertsma hat syn hiele wurksume libben predikant west, mar syn hert lei by talen en taalûndersyk. Hy wie in ferneamd filolooch en ûnderhold kontakten mei taalkundigen út binne- en bûtelân, hy korrespondearre mei minsken as Matthias de Vries, Rasmus Rask en Jacop Grimm. Tidens syn stúdzje yn Amsterdam wie er befreone rekke mei Jeronimo de Vries, ien fan de iniasjatyfnimmers fan de skiedskriuwing fan de Nederlandse Letterkunde, en mei de dichter Willem Bilderdijk en Jacob van Leeuwen. Hy hie al op jonge leeftyd namme makke as gelearde, en ek hjoed de dei is der noch altyd grutte wurdearring foar syn wittenskiplik wurk. Eelco Verwijs, destiids bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek dy’t in soad gearwurke hie mei Halbertsma, typearre him nei syn dea as: ‘Een wakkere geest bij een stalen vlijt, een schitterend vernuft, groote scherpzinnigheid en veelzijdige geleerdheid, kortom een man van den ouden stempel.’ (Ph.H. Breuker, neiwurd Rimen en Teltsjes, 1993). Hy makke namme as kenner fan de Germaanske talen en waard beneamd as lid fan gelearde genoatskippen op it gebiet fan taal en skiednis yn Kopenhagen, Berlyn, Athene en Halle-Wittenberg. Lange tiid hat Joast Halbertsma hope dat er in beneaming krije soe as heechlearaar yn de Nederlânske taal- en letterkunde, en hy hat der ek in pear kear ticht by west, mar it úteinliks net krige. Der wiene ferskillende oarsaken foar oan te wizen, û.o. in oare spesjalisaasje of tefolle gadingmakkers, mar grif sil ek syn eigen net altyd like taktyske optreden dêr in rol yn spile hawwe. It feit dat er nea in beneaming krigen hat, hat him djip rekke en hat der mei foar soarge dat er him op it lêst fan syn libben iderkear mear út it iepenbiere libben weromluts en min of te mear feriensume. De Leidse hegeskoalle besoarge him foar in part earherstel troch him yn 1837 it tige begearde doctoraat honoris causa te ferlienen.
Halbertsma hie by syn libben in biblioteek fan grutte wearde en betsjutting oanlein. Syn samling befette sawat alles wat oant dan ta oer it Frysk skreaun wie en dêrnjonken belangrike, earste, útjeften fan tiidgenoaten as Bilderdijk, Bellamy en Da Costa. In grut part fan syn ferneamde kolleksje skonk er al by syn libben oan de provinsjale Biblioteek fan Fryslân en nei syn dea is wat er noch holden hie ek nei Louwert gien. Dy skinking betsjutte foar de biblioteek in tige wichtige útwreiding fan har kolleksje.
Halbertsma hat de grûnslach lein foar de Fryske bibeloersetting en foar it Frysk wurdboek, de beide dielen fan syn ferneamde Lexicon Frisicum binne yn 1999 noch ris op ’e nij útjûn, besoarge troch S. van Dellen.
As literêr historikus hat er biografiën skreaun oer de Fryske skriuwers Posthumus en Salverda, hy hat stúdzjes publisearre oer de Van Harens en oer Jacob Maerlant en  ferskate wurken skreaun oer de mennisten yn Nederlân en yn Dimter yn it bysûnder.
Doe’t er op ien fan syn reizen yn Ingelân, Skotlân en Ierlân in grut tal musea en âldheidkeamers besocht hie, besleat er werom yn Nederlân om syn belangrike samling âldheden oan de provinsje Fryslân te skinken (1853). De provinsje iepene dêrmei in Kabinet fan Aldheden, de foargonger fan it hjoeddeistige Frysk Museum.

Wichtichste wurk:
1822: De Lape Koer fan Gabe Skroor (anonym: mei Eeltsje Halbertsma)
1829: De Lape Koer fan Gabe Skroor (Joast en Eeltsje, útwreide ferzje)
1834: De Lape Koer fan Gabe Skroor (Joast en Eeltsje, fierder útwreide ferzje)
1871: Rimen en Teltsjes, mei Eeltsje en Tsjalling Halbertsma (11e printinge, 1994)
1872: Lexicon Frisicum (ferskynd oant en mei lemma ‘feer’, werútjefte 2000 besoarge troch S. van Dellen)
1884: It Ewangeelje fen Matthewes; vertaald in het land-friesch (posthúm)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

©Tresoar, 13-03-2000